Teroele
Himrik fan Teroele
gemeente De Fryske Marren
Gritenij Doanjewerstâl
Stimmen 23
Ynwenners (2004) 20
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 52° 56' NB, 5° 41' EL
Netnûmer 0513
Postkoade 8524
Webstee {{{webstee}}}

Teroele is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, oan de eastkant fan de Kûfurd. It doarp hat likernôch 20 ynwenners.

De namme fan it doarp wie oarspronklik Ter Welle, nei it rivierke de Welle. It betsjut dus'" oan it wetter". De namme waard letter Teroele, dêr't de famylje-namme Troelstra fan ôf komt, bygelyks Pieter Jelles Troelstra.

Oant de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 1984 wie Teroele part fan de eardere gemeente Doanjewerstâl.

De súdlike hoeke by de Jiskenhúster Mar heart offisjeel by Jiskenhuzen, mar romtlik by Teroele. Dêr steane in stik as wat pleatsen oan ynhammen en opfearten byinoar en der binne in pear rekreaasjewenningen op de wâlskanten boud. Noardlik leit oan de eastkant fan de dyk mei de namme Diken it âlde omgrêfte tsjerkhou, dêr’t oan it begjin fan de 18e iuw in tsjerke stie. Teroele hat in hôf mei klokhûs. It klokhûs is om 1600 hinne boud by de tsjerke dy't der doe stie, mar dy tsjerke is yn likernôch 1700 ôfbrutsen. Der binne oanwizingen dat hjir al om 1600 hinne in klokkestoel stie. De liedklok dy’t de tsjintwurdige stoel draacht is yn 1621 getten troch Jan Burgerhuys. De konstruksje is inkele kearen fernijd, ûnder mear yn 1723 en it lêst yn 1974.

Hjir yn de buert stiet ek ien fan de wynmotors yn Fryslân. Dy wynmotor is anno 2007 yn tige minne steat.

Befolking bewurkje seksje

Strjitten bewurkje seksje

  • Pieter Jelles Troelstrawei - nei Pieter Jelles Troelstra dy't hjir wenne hat en in tal gedichten oer Teroele skreaun hat.

Sjoch ek bewurkje seksje

 
Plakken yn de gemeente De Fryske Marren
 
Haadplak: De Jouwer    Stêd: Sleat

Doarpen en útbuorrens: AldegeaAldehaskeAldemardumAlde OuwerBakhuzenBalkBantegeaBoarnsweachDe BroekDikenDolsterhuzenDunegeaEagmarypEalahuzenEasterseeFollegeaGoaiïngarypHarichHaskerhoarneYchtenYchtenbrêgeJiskenhuzenJistergeaKolderwâldeLangwarLegemarDe LemmerMurnsNijehaskeNijemardumOusterhauleOusternijegeaReahelRiisRotstergaastRotsterhauleRottumRûgehuzenSkarsterbrêgeSint-JânsgeaSint-NykSniksweachSondelTerherneTerkapleTeroeleTsjerkgaastVegelinsoardWikel

Buorskippen: BallingboerDe BargebekDe BelsBrekkenpolderDelbuorrenFinkebuorrenFinkebuorren (Gaasterlân)FjouwerhûsFrisbuorrenHeaburgenDe HeideHústerheideDe KommisjepôleNij AmearikaDe NoedDe RylstSânbuertSkoattersyl (foar in part) • SkouSpannenburchTeakesylTropherneTwahûsUnlânWesteinWesterein Harich