Sint-Nyk
Sint-Nyk is in doarp yn 'e gemeente De Fryske Marren. It leit tusken de marren en bosken fan it suden fan 'e provinsje yn en de himrik omfiemet in diel fan 'e noardkust fan 'e Tsjûkemar, ynklusyf it rekreaasjegebiet De Ulesprong.
Sint-Nyk | ||
Sint-Nikolkaastsjerke. | ||
Polityk | ||
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | De Fryske Marren | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 3.340 (1 jannewaris 2023) [1] | |
Oar | ||
Postkoade | 8521 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 55' N 5° 44' E | |
Offisjele webside | ||
desintnykster.nl | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik fan Sint-Nyk yn 'e gemeente Skarsterlân. |
Under it doarp falle ek de buorskippen De Rylst, Finkebuorren, De Heide, Hústerheide en De Noed.
Sint-Nyk hat 3.340 (1 jannewaris 2023) [2] ynwenners.
Skiednis
bewurkje seksjeDe âldste fermelding fan it doarp is út 1399 ûnder de namme Sinte Nyclaesga. Om 't der dowestien op it tsjerkhôf fûn is, wurdt der fanút gien dat der al om 1100 hinne in tsjerke stien hat.
Sint-Nyk is fan oarsprong in streekdoarp op in nochal lange sânrêch. Oan yn 'e 19e iuw wie der net in soad bebouwing, dy't fral bestie út pleatsen en wat wenten oan 'e dyk nei De Lemmer. Noardlik fan it doarp lei boulân, súdlike healân.
It doarp lei oant 1984 yn 'e gemeente Doanjewerstâl, dêr't sint-Nyk it grutste plak (maar net it haadplak) wie. Nei fûl ferset fan it doarp waard de gemeente yn dat jier yn 'e gruttere gemeente Skarsterlân opnommen. Op in swerfstien oan 'e Tsjerkestrjitte steane ek hjoed-de-dei noch de wurden Doanjewerstâl moat bliuwe.
Tsjerke
bewurkje seksjeBy de herfoarming gie yn 1580 de pastoar fan Sint-Nyk, Nicolaus Hollandinus, yn ballingskip en de midsiuwske Nikolaastsjerke gie mei it tsjerkhôf en de besittings fan de pastorij oer nei de protestanten, ek al bleau Sint-Nyk in roomsk doarp. De hjoeddeiske protestantske tsjerke is in gebou út de 18e iuw, dat de midsiuwske tsjerke fanwegen brekfalligens ferfong. Yn it tuorke hinget noch in klok út 1467, dy't ea foar de tsjerke fan Legemar getten waard.
Sûnt de reformaasje holden de roomsen de missen yn in skûltsjerke op 'e Heide. It duorre oant 1835 dat der in echte roomske tsjerke boud waard, in wettersteatstsjerke dy't yn 1885 ferfongen waard troch de hjoeddeiske neogoatyske Sint-Nikolaastsjerke. By de tsjerke is ek in lourdesgrot. Op it roomske begraafplak stiet in ienfâldich monumint ta neitins fan 'e 73 soeaven út Fryslân.
Van Eijsinga
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Van Eysinga.
De Vegelinbosken yn 'e omjouwing binne eartiids oanlein troch Johan Vegelin fan Claerbergen, dy't troud wie mei in dochter fan grytman Allard fan Boerum en Katarina Johanna fan Eysinga. Nei syn ferstjerren liet er in soad grûn en de bosk nei oan syn pakesizzer, jonkhear Frâns fan Eysinga. De Eysinga's stiften ek de Slotpolder eastlik fan it doarp. Fan 1785 oant 1926 bemealle oan de súdlike kant fan de opfeart in grutte muonts de polder.[3] Oant 1757 hat Sint-Nyk ek noch in standermûne hân, dy't op 'e hoeke fan 'e Lemmerwei en de Geastwei stie. Jonkhear Frans Johan Julius van Eysinga kocht yn 1886 in stik lân mei bosken yn Sint-Nyk oan. Syn fjouwer dochters erfden it besit en lieten yn 1907 ûnder de namme Wilhelmina-oard in rêsthûs bouwe neffens in ûntwerp fan H.H. Kramer yn Sjalet- en Art-Nouveaustyl. De famylje Van Eysinga hat in grutte ynfloed hân op de ûntwikkeling fan Sint-Nyk; ta neitins binne ferskillende strjitnammen ferneamd nei famyljeleden.
Mienskip
bewurkje seksjeIt Sint-Nykster Pleatslik Belang is op 1 maart 1905 oprjochte. Yn it sealesintrum Sint-Nyk wurde in soad aktiviteiten organisearre. Alle moannen ferskynt it doarpsblêd De Zakenman. Jeugdspoar organisearret aktiviteiten foar de jongerein.
Tsjerken
bewurkje seksjeSkoalle
bewurkje seksjeFerienings
bewurkje seksjeBefolkingsferrin
bewurkje seksjeJier | 1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 1999 | 2004 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 304 | 2.208 | 2.168 | 2.254 | 2.348 | 2.532 | 3.121 | 3.268 | 3.340 |
Boarne 1840: Plaatsengids.nl
Evenminten
bewurkje seksje- Op 'e earste tongersdei fan septimber wurdt de Sint Nykster Merke fierd mei de Allegoaryske Optocht.
- Alle jierren wurde yn july yn it rekreaasjegebiet De Ulesprong oan 'e kust fan 'e Tsjûkemar it muzykfestival Beachrockers Festival holden.
Berne
bewurkje seksje- Krista van Velzen (15 septimber 1974), Nederlânsk politika (SP)
Ynfrastruktuer
bewurkje seksjeOer de N927 is Sint-Nyk goed berikber mei de auto, en hat it doarp nei it easten in ferbining mei de A6. Oer it wetter hat it doarp fia de Sint-Nykster Feart ferbining mei de Tsjûkemar. Yn it ferline lei Sint-Nyk oan in spoarline fan It Hearrenfean oer De Jouwer nei De Lemmer.
Ferskaat
bewurkje seksje- Histoarysk hawwe ynwenners fan Sint-Nyk en De Jouwer it net goed op elkoar stean. Hjoed-de-dei bestiet der noch altyd in anty-De Jouwer sintimint yn it doarp. Sa wurde der grappen makke oer Jousters. Oarsom jildt soks wat minder. De tradisjonele skelnamme foar Sint-Nyksters is bargesnuten.
Strjitten
bewurkje seksjeAlle strjitten yn Sint-Nyk.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|