Murns
Murns | |
---|---|
![]() | |
gemeente | Súdwest-Fryslân |
Gritenij | Gaasterlân |
Stimmen | 56 (mei Bakhuzen) |
Ynwenners (2004) | 120 |
Huzen | {{{huzen}}} |
Koördinaten | 52° 51' NB, 5° 28' EL |
Netnûmer | 0514 |
Postkoade | 8573 |
Webstee | bakhuizen.nl |
Murns is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Murns leit súd fan Bakhuzen oan de Iselmar. Oant 1955 foarme Murns mei Bakhuzen ien doarp. It doarp hat likernôch 120 ynwenners (2004).
It Murnser Klif jout in moai útsjoch oer de eardere Sudersee. By moai waar kin men Inkhuzen lizzen sjen. De earste kilometer foar de kust bestiet út helder ûndjip wetter. Tusken Murns en riis leit de Rysterbosk.
Op it begraafplak stiet ek ien fan de klokkestuollen yn Fryslân. Oant midden 18e iuw stie hjir in tsjerke. Yn de Twadde Wrâldkriich is de eardere klokkestoel fernield troch in delstoartend fleantúch. By de Iselmar stiet yn it natoergebiet De Mokkebank in lytse wynmotor.
Iepenbier ferfierBewurkje
- Busline 44: Boalsert - Tsjerkwert - Parregea - Warkum - Hylpen - Bakhuzen - Murns - Riis - Aldemardum - Nijemardum - Sondel - Wikel - Sleat - Tsjerkgaast - Spannenburch vv.
Sjoch ekBewurkje
StrjittenBewurkje
Breelenswei, Murnserdyk, Wieldyk.