Wynmotor Murns
De Wynmotor Murns is in poldermole by it doarp Murns yn de gemeente Gaasterlân-Sleat.
De mole is in lytse en net-mealreeë Amerikaanske wynmotor mei 12 blêden, dy't yn 1920 boud waard. Hy stiet inkele hûnderten meters ten súdwesten fan it doarp oan de kust fan de Iselmar, tichtby in fûgelsjochhutte fan Steatsboskbehear yn it natoergebiet De Mokkebank. De wynmotor is eigendom fan it Wetterskip Fryslân en is net foar publyk iepene, al kin er wol oant op inkele meters benadere wurde.