Wetterskip Fryslân

It Wetterskip Fryslân is in wetterskip yn Fryslân. It hat de noed foar alle diken yn en om de provinsje en is dêrneist ferantwurdlik foar it kwantitative en kwalitative behear fan it oerflaktewetter yn hast hiel Fryslân en in stik fan it Grinslanner Westerkertier. De organisaasje sit yn Ljouwert.

Wetterskip Fryslân
algemiene ynformaasje
type org. Wetterskip
fêstige yn Ljouwert
oprjochte 2004
fuortk. út sjoch kategory:Eardere wetterskippen yn Fryslân
Kaart mei de Nederlânske wetterskippen (2014). Nûmer 2 is it Wetterskip Fryslân
It haadkantoar yn Ljouwert

It hjoeddeiske Wetterskip Fryslân waard yn 2004 foarme, mar hat in skiednis dy’t al yn de midsiuwen begjint.

 
Fryslân yn 1630

Fan de 10e iuw ôf waard yn Nederlân op grutte skaal ferfeante fanwegen it branjeferlet fan de sûnt dy tiid sterk tanimmende befolking. Sadwaande bleau in leger lizzende boaiem oer, wat noch fuortsterke waard troch it besakjen fan it oerbleaune fean. Dêrtroch ûntstie ferlet ta gearwurking om it lân tsjin de see te beskermjen en it wetter doelmjittich ôf te fieren. Ek yn Fryslân ûntjoech de sitewaasje him sa. Yn it earstoan wie wetterbehear dêr in ferantwurdlikheid fan de gritenijen, mar sûnt de Midsiuwen ûntstienen mei dat doel selsstannige organisaasjes, dy’t har letter ta wetterskippen ûntwikkelen. De earste foarrinder fan sa'n wetterskip waard yn 1680 troch de Steaten fan Fryslân ynsteld. Dy saneamde seedykkontribúsje moast tasjen op de beskerming tsjin de see fan de by Boalsert lizzende Tjaard fan Aylvapolder. Oant 1815 ûntstienen yn Fryslân yn totaal tsien seedykkontribúsjes, sawat 55 polders en trettjin drûchmakkerijen.

Dykwetterskippen

bewurkje seksje

Yn de Grûnwet fan 1848 waard fêstlein, dat de wetterskippen tenei ferantwurdlik wêze soenen foar de wettersteatsoarch en dat de provinsjes dêrop tafersjoch hâlde moasten. De provinsje Fryslân fierde hjirnei nije regleminten yn foar alle seewarrende wetterskippen, de dykwetterskippen. Ek waard de wize feroare wêrop de wetterskipsbelestingen heft waarden. Yn de desennia dêrnei foege de provinsje boppedat guon dykwetterskippen gear. Yn 1892 waard troch de provinsje foar de seewarrende in algemien reglemint fêststeld, dêr't ûnderwerpen as it foech fan it wetterskipsbestjoer en syn ferkiezing yn fêstlein waarden. Dat reglemint waard dêrnei op mear wetterskippen fan tapassing ferklearre. It heechste bestjoersorgaan fan in wetterskip wie òf in kolleezje fan folmachten, dy’t dan de stimhawwende grûneigeners fertsjintwurdigen, òf in gearkomst fan yngelannen, besteande út dy grûneigeners sels.

Neist de seewarrende wetterskippen ûntstienen yn Fryslân ek binnendykske wetterskippen. Dêrta hearden de saneamde feanpolders. Dy kamen healwei de 19e iuw ta stân as in gefolch fan de wize wêrop yn dy tiid ferfeante waard. Troch it ôfgraven fan leechfean gie lân ferlern, wat mei ta gefolgen hie dat de lokale befolking ferearme. It Ryk ferplichte dêrom yn 1822 ferfeanters om it gebiet dat se ôfgroeven hienen dêrnei ek drûch te lizzen. De kosten hjirfan moasten troch harren sels opbrocht wurde yn de foarm fan slyk- en earmejilden, in belesting dy’t oer de oanmakke turf heft waard. Mei de opbringst hjirfan waard ek de earmoede bestriden. De ferfeanters, dy’t mienden dat in winst opsmitende eksploitaasje hjirtroch ûnmooglik waard, protestearren tsjin dizze regeling en waarden dêryn stipe troch de provinsje.

It jier dêrop besleat kening Willem I (1772-1843) in adviseur nei Fryslân ta te stjoeren, Edmond de la Coste (1778-1870), dy’t in oplossing foar de sitewaasje betinke moast. Yn it rapport dat er nei syn reis útbrocht, beskreau De la Coste de troch ferfeantingen ûntstiene wetterplassen sa:

"Deze waterplassen zijn (...) verwoestend en vernielend bij storm, en vooral wanneer (...) het boezemwater van Vriesland zich in de zee niet kan ontlasten maar over de lage landen door de winden heen en weer gedreven wordt, zijn de (...) plassen (...) woedende meeren, waarvan de golven (...) de naburige gronden afkabbelen (...) de wegen wegspoelen (...) en de plaatsen waar dorpen staan voor de bewooning van menschen bijna onvatbaar maken".

Dochs stie De la Coste gjin yngripende maatregels foar. Nei oanlieding fan syn befinings waarden de Fryske gritenijen yn fjouwer klassen opdield, elk mei in eigen ferfeantingsreglemint. Feanterijen yn gritenijen fan de earste klasse koenen foarearst op âlde foet trochgean. Dizzen hoegden yn earste ynstânsje dus net drûchlein te wurden, wat dêrtroch yn guon feanterijen noch ûngefear tritich jier duorje soe. Wol waarden yn dizze gritenijen slyk- en earmejild heft. In kolleezje fan “kommitearden” waard ûnder oare belêste mei de kontrole op it ynjen en de besteging hjirfan. Dy kolleezjes soenen har letter ûntwikkelje ta feanpolderbestjoeren..

Doe’t om 1850 hinne de provinsje Fryslân it needsaaklik achte om in tal feanterijen drûch te lizzen, waarden de feanpolders oprjochte. Dy waarden net lykas de wetterskippen kontrolearre troch de grûneigners, mar troch Deputearre Steaten fan Fryslân, dêr't de polderberstjoeren foar in soad hannelingen tastimming oan freegje moasten.

Boezemwetterskippen

bewurkje seksje
 
Fryslân yn 1868

In oare kategory binnendykske wetterskippen wienen de saneamde boezemwetterskippen. Dy waarden yn Fryslân benammen nei 1875 oprjochte, neidat yn de rin fan de 19e iuw hieltyd mear boezemlân foar de lânbou ynpoldere wie. De ynstelling fan dizze wetterskippen waard oanmoedige troch de provinsje, dy’t hjir in goede manier yn seach om de wetterbehearsking te ferbetterjen. Boezemwetterskippen moasten leechlizzende stikken lân bedykje en sa beskermje tsjin hege boezemwetterstannen. Ek waarden se ferantwurdlik foar it bemeallen fan dizze gebieten. It heechste bestjoersorgaan fan in boezemwetterskip wie de gearkomste fan yngelannen, dy’t meast ienkear yn it jier gearroppen waard. De deistige gong fan saken wie yn hannen fan in bestjoer, dat troch de yngelannengearkomst beneamd waard.

By de provinsje groeiden yn de rin fan de 20e iuw stadichoan mear beswierren tsjin it grutte tal wetterskippen yn Fryslân, hoewol’t om 1958 hinne noch altyd in tredde part fan de provinsje by gjin inkel wetterskip hearde.

Nei fúzjes yn 1938 en yn it begjin fan de jierren sechtich bleaunen noch alve seewarrende wetterskippen oer, dy’t yn 1980 fusearre waarden ta it Wetterskip Fryslân. Yn 1993 gie dit op yn it nije Waterschap Friesland, dat ek ferantwurdlik waard foar de nije wetterstân yn de Fryske boezem, de wettersuvering yn de provinsje en de wetterbehearsking op It Amelân, Skiermûntseach en Skylge. Inkele jierren letter waard dit wetterskip omneamd ta Wetterskip Fryslân.

Wat de net-seewarrende wetterskippen oanbelanget: yn 1958 telde Fryslân sa’n 1200 polders, feanpolders en wetterskippen. Guon dêrfan wienen mar tige beskieden fan omfang, lykas it by Ljouwert lizzende wetterskip De Hûn, dat mar krekt 27 ha grut wie. Yn de rin fan de tiid waarden dan ek in soad wetterskippen gearfoege. Dêrby spile ek de ruilferkaveling in rol: as dizze yn in bepaald gebiet dien wie, waarden nije wetterbouwurken yn eigendom oerdroegen oan it wetterskip dat foar de bemealling fan dat gebiet ferantwurdlik wie. De behear- en ûnderhâldskosten fan dizze wurken wienen lykwols heech en koenen troch de lytsere wetterskippen net opbrocht wurde. Boppedat wienen dizze finansjeel nei by steat om beropskrêften yn tsjinst te nimmen. Resultaat fan dizze ûntwikkelingen wie, dat yn 1976 noch mar alve boezemwetterskippen oer wienen. Yn 1997 waard dit tal noch ris werombrocht ta fiif: it Wetterskip Boarn en Klif, it Wetterskip Lauwerswâlden, it Wetterskip Marne-Middelsee, it Wetterskip Sânwâlden en it Wetterskip De Waadkant. Dy fusearren yn 2004 ta it Wetterskip Fryslân, dat sûnt dy tiid yn oerflakte it grutste wetterskip fan Nederlân is. It ienichste oare wetterskip yn Fryslân is it noch altyd selsstannige Blije Bûtendyks yn de gemeente Ferwerderadiel, dat bûten de fúzjeweagen bleau.

 
Peilskaal fan it Wetterskip Fryslân (2008)
 
Woudagemaal, Teakesyl (2007)
 
Hooglandgemaal, Starum (2007)

De kearntaken fan it Wetterskip Fryslân binne: it behear fan de kwaliteit en kwantiteit fan it Fryske oerflaktewetter en de soarch foar de see- en polderdiken yn de provinsje. It wetterskip ferdielt dizze taken yn in trijetal saneamde “tema’s".

  • Feilichheid. Hjirûnder falle de rampebestriding en it ûnderhâld, de ferbettering en it beweitsjen fan hast 190 km primêre wetterkearings. Hjirmei wurde de diken bedoeld lâns de Iselmar, de Waadsee, op It Amelân en Skylge en inkele diken by de grins mei Oerisel. De soarch foar de sekundêre wetterkearings (de diken efter de seediken by de Waadsee lâns en by de Lauwersmar, en ek mear as 3600 km ouwers en kaaien yn de provinsje) falle hjir ûnder. Ek de muskusrôtbestriding is der in ûnderdiel fan. Fierders heart ek it behear en it ûnderhâld fan hûnderten gemalen yn Fryslân by dizze taak.
  • Genôch wetter. Fan alle oerflaktewetters yn Fryslân is yn in Provinsjaal Wetterhúshâldingsplan fêstlein hokker funksje se ferfolje. It Wetterskip Fryslân is der ferantwurdlik foar dat yn al dizze gebieten ferskate (soms tsjinstridige) belangen fan bygelyks lânbou, natoerbehear en skipfeart sa goed mooglik mei elkoar feriene wurde. In wichtich aspekt dêrfan is it hanthavenjen fan de wetterpeilen. Dy binne troch it wetterskip fêstlein yn peilbesluten en kinne it gebiet en it seizoen ferskillend wêze. Foar de útfiering fan dizze taak makket it Wetterskip Fryslân gebrûk fan spuislûzen, wêrfan de wichtichste dy yn Dokkumer Nije Silen en Harns binne. Ek it Yr. D.F. Woudagemaal by Teakesyl en it J.L. Hooglandgemaal yn Starum spylje hjirby in rol. Mei dizze beide gemalen kin teffens yn tiden fan drûchte wetter út de Iselmar ynlitten wurde yn de provinsje. Yn gefal van wetteroerlêst kin it wetterskip foar it bemeallen fan de Fryske boezem ek tsientallen poldermoles ynsette, wêrfan de organisaasje in oantal yn eigendom hat.
  • Skjin wetter. Ek de suvering fan it oerflaktewetter yn Fryslân falt ûnder de ferantwurdlikheid fan it Wetterskip Fryslân. Foar it útfieren fan dizze taak, dy’t ek yn it wetterhúshâldingsplan omskreaun is, brûkt it wetterskip in tritich rioelwettersuveringsynstallaasjes ferspraat oer de provinsje. It wurket hjirby gear mei gemeenten en de provinsje.

Organisaasje

bewurkje seksje

It heechste orgaan fan it Wetterskip Fryslân is it algemien bestjoer, dat om de fjouwer jier keazen wurdt troch de ynwenners fan de gebieten dy’t it wetterskip beheart. Dêrneist is der in deistich bestjoer. De beide bestjoeren, dy’t bystien wurde troch twa technyske advyskommisjes, wurde foarsitten troch de dykgraaf, dy’t lykwols yn it deistich bestjoer gjin stimrjocht hat. Fierders hat it wetterskip in útfierende organisaasje.

Keppeling om utens

bewurkje seksje