Wetterskip De Waadkant
It Wetterskip De Waadkant wie ien fan de wetterskippen dy't yn Fryslân foarme waarden by de twadde grutte wetterskipsfúzje yn 1997. Yn 2004 binne de lêste fiif boezemwetterskippen opgien yn it Wetterskip Fryslân. It haadkantoar wie yn Stiens.
It wetterskip ûntstie út it byinoar gean fan de wetterskippen Tusken Waed en Ie en Noardlik Westergoa.