De dykgraaf[1][2][3] is yn Nederlân de beneaming fan de foarsitter fan in wetterskip. (De foarm "dykgreve", dy't men yn it Frysk soms wol tsjinkomt, is fout, mei't in greve in ealman is en de funksje fan dykgraaf neat mei adel te krijen hat, mar ynstee mei it graven en opsmiten fan in dyk.)

De funksje fan dykgraaf is te fergelykjen mei dy fan boargemaster. In dykgraaf sit net yn it algemien bestjoer en hat dêr ek gjin stimrjocht yn. Yn it deistich bestjoer fan in wetterskip hat er wol in sit en ek stimrjocht. It deistich bestjoer fan in wetterskip wordt kolleezje fan dykgraaf en hiemrieden neamd. In dykgraaf wurdt foar seis jier troch de Kroan beneamd. Yn it ferline waarden it leafst minsken beneamd dy't sels in protte besittingen hiene yn it oanbelangjend gebiet. It idee dêrefter wie dat it eigenbelang fan de dykgraaf him motivearje soe om de feiligens fan it gebiet tsjin oerstreamingen te garandearjen. Hoewol't de titel 'dykgraaf' gjin aadlike titel is, kamen dykgraven yn de praktyk troch dat belied faak wol út aadlike famyljes.

Alternative nammen

bewurkje seksje

By Nederlânske wetterskippen dy't gjin diken yn behear hawwe hyt de funksje wettergraaf, watergraaf.

Yn Grinslân kaam de titel foar 1995 net foar. Dêr waard de term foarsitter brûkt. It deistich bestjoer waard oantsjut mei Voorzitter en gecommitteerden en soms allinne gecommiteerden.

Yn de peroan Hauke Haien út Theodor Storm syn novelle Der Schimmelreiter wurdt de dykgraaf literêr feriuwige.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Zantema, J.W., Frysk Wurdboek: Frysk-Nederlânsk, Drachten/Ljouwert, 1984 (Utjouwerij A.J. Osinga/Fryske Akademy), ISBN 9 06 06 64 40X, s. 177.
  2. Visser, W., Frysk Wurdboek: Nederlânsk-Frysk, Drachten/Ljouwert, 1985 (Utjouwerij A.J. Osinga/Fryske Akademy), ISBN 9 06 06 64 418, s. 147.
  3. Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 305.

  • De Nederlânsktalige Wikipedy: Dijkgraaf (waterschap)