Frysk Hânwurdboek
It Frysk Hânwurdboek is it earste Fryske wurdboek dat dêrby it Frysk as ferklearjende taal hat. It wurdboek is gearstald troch de Fryske Akademy en útjûn troch de Afûk.
Yn it Frysk Hânwurdboek binne sa'n 70.000 lemma's beskreaun, neist grûnwurden ek gearstallings, ôfliedings en ôfkoartings. It wurdboek jout ek rom omtinken oan it eigentiidske taaleigen. Sa steane der bygelyks in soad amtlike wurden en ict- en mediatermen yn. Efteryn binne listen opnommen fan sprekwurden, Fryske gemeente- en plaknammen, Nederlânske provinsjenammen en nammen fan alle lannen fan de wrâld. Foar in Frysk wurdboek is it unyk dat net allinnich fan grûnwurden in útspraakoanwizing jûn wurdt, mar ek fan gearstallings en ôfliedings. It is yn elektroanyske foarm en yn boekfoarm publisearre.
It earste eksimplaar fan it wurdboek is op 19 jannewaris 2009 oanbean oan minister Plasterk. It twadde eksimplaar wie foar de 81-jierrige Tony Feitsma.
Yn 2016 kaam in twadde edysje út, dy't allinnich noch as elektroanyske ferzje te krijen is. Dêryn binne de flaters yn de earste edysje ferbettere en de feroaringen yn de offisjele stavering per 30 jannewaris 2015 ferwurke. Ek waard de ynhâld fan it boek yn it lyk brocht mei de Foarkarswurdlist.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- De elektroanyske ferzje fan it Frysk Hânwurdboek kin fergees delhelle wurde op Frysker.nl: Downloads.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|