Ronald Plasterk
Ronald Hans Anton Plasterk (De Haach, 12 april 1957) is in Nederlânsk politikus, wittenskipper en ûndernimmer. Fan 5 novimber 2012 oant 26 oktober 2017 wie er minister fan Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes yn it kabinet-Rutte II. Plasterk hat biology studearre, is dêryn promovearre en hat him spesjalisearre yn de molekulêre genetika.
Fan jannewaris 2019 ôf is er CEO en oprjochter fan Frame Therapeutics. Njonken syn wurk by Frame is er sûnt septimber 2018 heechlearaar Novel strategies for access to therapeutics oan de Universiteit fan Amsterdam.