Haadmenu iepenje
Tilemann Dothias Wiarda, Altfriesisches Wörterbuch

In Frysk wurdboek beskriuwt wurden yn it Aldfrysk, Middel- en Nijfrysk. Der hawwe yn de rin fan de tiid al meardere wurdboeken west: Foar de stúdzje fan it Aldfrysk binne fan belang:

en ferskate ôfsûnderlike tekstútjeften.

Foar it Midfrysk is de foarnaamste helpboarne it wurdboek fan Ecco Epkema op Gysbert Japicx (1824) wylst de measte dieltsjes út de Magnusrige wurdlisten befetsje.

Foar it Nijfrysk komme yn oanmerking it wurdboek fan Waling Dykstra (1900-1911); it 4e diel, 1898, befet de nammelist fan Johan Winkler) en it twadielige Fryske wurdboek (I. Frysk-Nederlânsk 1956, II. Nederlânsk-Frysk (1952) en it Wurdboek fan de Fryske taal.

Sûnt 2009 hat it Frysk ek in ferklearjend wurdboek, nammentlik it Frysk Hânwurdboek, dat in koproduksje fan de Fryske Akademy en de Afûk wie. It wurdboek is sawol elektroansyk as yn boekfoarm publisearre. It earste wurdboek is op 19 jannewaris 2009 oanbean oan Minister Plasterk. It twadde eksimplaar wie foar de 81-jierrige Tony Feitsma.

Keppeling om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: