In wurdboek is in neislachwurk dêr't de betsjutting fan de wurden út in sekere taal of seker aspekt fan in taal yn jûn wurde. Der binne ferskate soarten:

  • De dictionaire, it oersettende wurdboek. Dat is it âldste type wurdboek.
  • Ferklearjend wurdboek. Dêryn wurdt fan in grut oantal wurden, yn prinsipe fan alle, út de memmetaal fan de gearstaller de betsjutting yn deselde taal omskreaun.
  • Spesjalistysk wurdboek. Jout net allinnich de wurdskat fan in taal wer, mar inkeld it jargon fan in bepaalde groep minsken, ornaris minsken mei inselde berop.
  • dialektwurdboek, dat de typyske wurdskat fan in bepaalde stêd of streek werjout.
Tilemann Dothias Wiarda, Altfriesisches Wörterbuch

Frysk wurdboek bewurkje seksje

 
It Frysk Hânwurdboek
  De Wikipedy hat ek in side Frysk wurdboek.

Yn de rin fan de tiid hawwe der ferskate wurdboeken west foar de Fryske taal. Yn de perioade fan it Aldfrysk binne ûnder oare de folgjende wurdboeken fan belang:

Yn de perioade fan it Midfrysk is der it wurdboek fan Ecco Epkema. Foar it Nijfrysk binne der ek ferskate wurdboeken útjûn. Bygelyks it wurdboek fan Waling Dykstra (1900-1911), en it twadielige Fryske wurdboek (I. Frysk-Nederlânsk 1956, II. Nederlânsk-Frysk (1952) en it Grut Frysk Wurdboek.

Sûnt 2009 hat it Frysk ek in ferklearjend wurdboek, nammentlik it Frysk Hânwurdboek, dat wurdboek wie in koproduksje fan de Fryske Akademy en de Afûk. Efteryn it wurdboek steane listen opnommen mei Fryske sprekwurden, Fryske gemeente- en plaknammen, Nederlânske provinsjenammen en nammen fan alle lannen fan de wrâld. It is yn elektroanyske foarm en yn boekfoarm publisearre. It earste wurdboek is op 19 jannewaris 2009 oanbean oan Minister Plasterk. It twadde eksimplaar wie foar de 81-jierrige Tony Feitsma.


Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: