Anthonia (Tony) Feitsma (Brantgum, 18 jannewaris 1928 - Ljouwert, 9 augustus 2009) wie heechlearaar Frysk oan de VU yn Amsterdam.

Tony Feitsma
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 1928
berteplak Brantgum
stoarn 2009 (81 jier)
stjerplak Ljouwert
etnisiteit flagge fan Fryslân Frysk
wurkpaad
berop/amt heechlearaar
aktyf as frisiast, taalaktivist, polityk aktivist

Biografy bewurkje seksje

Tony Feitsma waard berne op in boerepleats yn Brantgum. Doe't se lyts wie ferfearen har âlden nei in nije pleats yn de Wieringermar. Se folge it Murmelliusgymnasium yn Alkmaar en studearre Frysk, Deensk en Frânsk oan de UfA. Nei in jier as fiif as learares Frânsk yn Harns wurksum west te hawwen, waard se yn 1961 wittenskiplik meiwurker oan it Frysk Ynstitút yn Grins. Yn augustus 1968 waard se, tagelyk mei Henk Meijering, beneamd as wittenskiplik meiwurker oan de VU, om de fakatuere fan heechlearaar Klaas Fokkema yn te foljen, dy't op 26 febrewaris 1967 ferstoarn wie. De stúdzjerjochting Frysk beskikte dêrmei oer twa fte's. Yn 1974 promovearre Feitsma cum laude op it Midfrysk fan Gysbert Japicx en yn 1976 waard se oansteld as bûtengewoan heechlearaar Frysk oan de VU, wat se bleau oant har emeritaat yn 1993. Se hie it mêd fan de Nij- en Midfryske taal- en letterkunde op har noed.

Tony Feitsma hat har har hiele libben aktyf ynset foar de Fryske taal. Se hat in protte wittenskiplike publikaasjes op har namme, yn it foarste plak taalkundich, mar se hat ek skreaun oer Frysk ûnderwiis en de sosjale skiednis fan it Frysk. Yn 2008 hat se noch har eigen fûns yn it libben roppen om it Frysk yn it deistich libben te stypjen, dêr't se it gebrûk fan de taal dy't se altiten bestudearre hat, stypje woe. Doe't it Frysk Hânwurdboek yn 2009 publisearre waard, waard it twadde eksimplaar oerlange oan Feitsma.

Ek op kultureel en polityk mêd wie Tony Feitsma aktyf. Sa hat se yn it bestjoer fan de Koperative Utjouwerij sitten en se hat yn de begjinjierren foarsitter fan de Fryske Nasjonale Partij west.

De neilittenskip fan Feitsma waard nei har ferstjerren beheard troch it Feitsma Fûûns fwar it Frysk. Op 2 septimber 2018 waard Tony Feitsma yn har berteplak Brantgum betocht by it Bûter yn 'e Brij Festival 2018. Sprekker wie dêrby Liuwe H. Westra, predikant en oersetter te Lollum, dy't bekendmakke dat er troch it Feitsma Fûûns fwar it Frysk frege wie om in biografy fan Feitsma te skriuwen. It wie eins de bedoeling dat dy mei twa jier klear wêze soe, mar trochdat ûnder de koroanafiruspandemy moannenlang alle argiven ticht wiene, rûn dat út ta twa en in heal jier. It boek krige as titel: Pionier foar it Frysk: Libben en Striid fan Tony Feitsma. It earste eksimplaar waard op 14 septimber 2022 by in offisjele boekpresintaasje yn Ljouwert troch Westra útrikt oan kommissaris fan 'e kening yn Fryslân Arno Brok.

Oer Feitsma bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: