Arnoud Adrianus Maria (Arno) Brok (Leardaam, 29 july 1968) is in Nederlânske politikus fan de VVD. Tsjintwurdich is hy kommissaris fan de Kening fan Fryslân.

Arno Brok
Arno Brok (2011)
Arno Brok (2011)
Algemien
Berne 29 july 1968
Berteplak Leardam
Funksje Kommissaris fan de Kening fan Fryslân
Sûnt 1 maart 2017
Partij VVD
Religy Roomsk-katolisisme
Titels drs.
Politike funksjes
1994-2002 Gemeenteriedslid yn Ljouwert
1994-1998 Fraksjefoarsitter yn de gemeenteried
1998-2003 Wethâlder yn Ljouwert
2003-2010 Boargemaster fan Snits
2010-2017 Boargemaster fan Doardt
2017-no Kommissaris fan de Kening fan Fryslân

Fan 1998 oant 2003 wie hy wethâlder yn Ljouwert. Fan 2003 oant 2010 wie hy boargemaster fan Snits. Fan 2010 oant 2017 wie hy boargemaster fan Doardt.

In opfallend optreden yn syn funksje as boargemaster fan Snits wie de lanlike yntocht fan Sinterklaas op 12 novimber 2005. Opmerklik oan Brok is ek dat er in iepenlik homoseksueel boargemaster is.

Hy wie ek foarsitter fan de Fryske Rie fan Tsjerken.

Yn 2000 krige Arno Brok de Fear yn 'e Broek fan de Ried fan de Fryske Beweging.

Sûnt 1 maart 2017 is er kommissaris fan de Kening yn de provinsje Fryslân. Hy wie de earste kommissaris fan de Kening dy't syn ynstallaasjetaspraak folslein yn it Frysk hold.[1] Op 17 jannewaris 2019 waard Brok troch it fakblêd Binnenlands Bestuur útroppen ta de bêste bestjoerder fan de ferrûne tsien jier.[2]

Njonkenfunksjes

bewurkje seksje

Op 15 septimber 2005 waard brok foarsitter fan de Ried fan Bestjoer fan Schorer, in belange-organisaasje fan homoseksuelen, biseksuelen en transseksuelen.

Brok is lid fan de Permaninte Scoutingskommisje fan de VVD. Fan 2010 oant en mei 2016 wie er foarsitter fan de bestjoerdersferiening fan de VVD. Sûnt 2011 wie Brok sekretaris fan it VNG-bestjoer. Teffens hat er dêr oare njonkenfunksjes lykas foarsitter fan de kommisje Underwiis, Kultuer en Sport fan de VNG. Ek hat Brok him ynset op it mêd fan de Fryske taal. Sa wie er fan 2003 oant en mei 2010 foarsitter fan de Afûk. Fan 15 novimber 2018 ôf oan is er foarsitter fan it Rezjykolleezje Waadgebiet (Regiecollege Waddengebied).

Brok wie fan oktober 2016 ôf oant syn beneaming ta kommissaris fan de kening foarsitter fan it Nederlands Genootschap van Burgemeesters.

Brok is frijfeint. Hy is lid fan de Roomsk-Katolike Tsjerke. Ek is er Ridder yn de Oarder fan it Hillich Grêf fan Jeruzalem en Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Gûverneurs en Kommissarissen fan de Kening(inne) fan Fryslân  
Idsert Aebinga van Humalda (1814-1826) ● Jan Adriaan van Zuylen van Nijevelt (1826-1840) ● Maurits Pico Diederik fan Sytzama (1840-1848) ● Jan Ernst van Panhuys (1848-1878) ● Binnert Philip van Harinxma thoe Slooten (1878-1909) ● Pieter Albert Vincent van Harinxma thoe Slooten (1909-1945) ● A.W. Haan (1945) ● Harry Linthorst Homan (1945-1970) ● Hedzer Rijpstra (1970-1982) ● Hans Wiegel (1982-1994) ● Loek Hermans (1994-1998) ● Ed Nijpels (1999-2008) ● John Jorritsma (2008-2016) ● Joan Leemhuis-Stout (2016-2017) ● Arno Brok (2017-no)