Leardam
Nederlânske gemeente
(Trochferwiisd fan Leardaam)
Leardam (Nederlânsk: Leerdam) is in stêd yn Utert en in eardere gemeente yn Súd-Hollân. De namme komt fan "daam yn de Lede". Dy Lede is no lykwols net folle mear as in sleat. Yn 1407 krige Leardam stedsrjochten, wat sjoen wurde kin as it begjin fan it gemeentlik bestjoer.
De gemeente hie 1 jannewaris 2014 20.601 ynwenners, op in gebiet fan 35,18 kante kilometer. Leardamer tsiis is neamd nei Leardam; de tsiis wurdt al makke yn de gemeente, mar net yn 'e stêd sels mar yn it dorp Schoonrewoerd. Kening Willem-Aleksander is ek Greve fan Leardam.