Ed Nijpels
Basisynformaasje
Namme Eduardes Hermannes

Theresia Maria Nijpels

Berne 1 april 1950
Berteplak De Helder
Partij VVD
Politike Funksjes
1973-1976 Foarsitter JOVD
1976-1982 Lid gemeenteried Bergen

op Soom

1977-1986 Lid fan de Twadde Keamer
1986-1989 Minister fan VROM
1989-1990 Lid fan de Twadde Keamer
1990-1995 Boargemaster fan Breda
1999-2008 Kommissaris fan de

Keninginne fan Fryslân

Eduardes Hermannes Theresia Maria (Ed) Nijpels (De Helder, 1 april 1950) is in Nederlânske politikus en bestjoerder.

Libbensrin bewurkje seksje

Yn 1968 waard Nijpels lid fan de VVD. Hy studearre yn de frije stúdzjerjochting Rjochten oan de Ryksuniversiteit fan Utert, wêrtroch hy gjin Mr. waard mar Drs. Foar syn politike rin wie hy master maatskippijlear op it R.K. St. Gertrudislyseum yn Roosendaal. Tusken 1973 en 1976 wie hy foarsitter fan de JOVD, de jongereinorganisaasje fan de VVD. Yn septimber 1976 waard hy foar seis jier lid fan de gemeenteried fan Bergen op Soom. Op 8 juny 1977 komt hy foar de VVD yn de Twadde Keamer terjocht. Op 20 april 1982 waard hy keazen as fraksjefoarsitter en de polityk lieder fan de VVD. Hy folge hjirmei Hans Wiegel op.

Dat selde jier waarden der noch ferkiezings hâlden. Under it biedwurd ‘Gewoon jezelf kunnen zijn’ wûn hy mei syn partij op 8 septimber 1982 10 sitten yn de Twadde Keamer, wêrmei it totale tal sitten fan de VVD op 36 útkaam. Mei dizze útslach wist Nijpels de foarming fan it Kabinet-Lubbers I (1982-1986) foarm te jaan.

Hy krige yn dizze perioade te meitsjen mei in tal affêres. De grutste hjirfan wie de ûndergong fan it Rijn-Skelde-Ferolme bedriuw, wat late ta it earste Parlemintêre Undersyk sûnt 1946, dy’t oer it belied fan it Londenske Regear gong.

 
Ed Nijpels, 1986

Yn 1986, by de nije ferkiezings, krige Nijpels de skuld fan de nederlaach dy’t de VVD dêrby liede. By dy ferkiezings ferlear de VVD 9 sitten yn de Twadde Keamer.

Nijpels waard ferfongen troch Joris Voorhoeve as fraksjefoarsitter en polityk lieder fan de VVD. By it nije regear, it Kabinet-Lubers II (1986-1989), waard Nijpels de minister fan it Ministearje fan VROM. As minister krige hy in protte wurdearring en respekt fan de koalysje en de opposysje foar syn miljeubelied. Sa brocht hy yn maaie 1989 it Nasjonaal Miljeubeliedsplan (NMP) út.

Nei dizze perioade as minister waard hy, fan 14 septimber 1989 oant 4 april 1990, wer lid fan de Twadde Keamer. Op 1 april 1990 waard hy boargemaster fan Breda, dat wie hy oant 1 july 1995. Yn 1999 wurdt Nijpels Kommissaris fan de Keninginne fan Fryslân. Dêrneist presintearret hy, tegearre mei Tineke Verburg, it TROS telefyzjeprogram Aktua in Bedrijf.

Nijpels wie as Kommissaris fan de Keninginne tige populêr yn Fryslân, dochs kryt hy ek kommentaar. Sa krijt hy oan it begjin fan 2006 in skeel mei de Stifting Fryske Aksje. Dizze stifting liet de domeinnamme www.ednijpels.nl registrearje omdat se lulk wienen op Nijpels, se fûnen dat hy noch net goed genôch Frysk spruts. Dizze namme koe hy werom fertsjinje as hy in Steategearkomst yn it Frysk liede soe.

Yn novimber 2007 waard Nijpels beneamd ta lid fan de Ried fan Tafersjoch op de omropferiening TROS. Sûnt 16 jannewaris 2008 is Nijpels de foarsitter fan de ONRI, de fakorganisaasje fan de Nederlânske advys- en yngenieursburo’s. Op 1 maaie 2008 hold hy op as Kommissaris fan de Keninginne fan Fryslân, omdat syn frou, Elsbeth Janmaat yn Maleizje wurkjen giet.

Underskieding bewurkje seksje

Op 20 novimber 1989 wurdt Nijpels beneamd ta Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw. Ek is hy beneamd ta Kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

Oars bewurkje seksje

  • Ed Nijpels is yn de film De schippers fan de Kameleon, út 2003, te sjen as Kommissaris fan de Keninginne fan Fryslân. Dizze rôl spilet hy ek yn it twadde diel fan de Kameleon-rige.
  • Yn de jierren tachtich hie it duo Harry Vermeegen en Henk Spaan in parody op Nijpels mei ‘Ed Raket in het Kabinet’.