Wethâlder
In wethâlder is in iepenbier bestjoerder yn in Nederlânske gemeente.
De funksje fan in wethâlder is foar in grut part te fergelykjen mei de minister op lanlik nivo en de deputearre yn de provinsjale polityk.
Mei de boargemaster foarmje de wethâlders it Kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders (faak ôfkoarte ta B&W), it deistich bestjoer fan de gemeente.
Tegearre mei de Gemeenterie foarmje hja it gemeentebestjoer. De gemeenteried is ek it politike orgaan dat nei de Gemeenteriedsferkiezings de wethâlders kiest. Meastal is harren ferkiezing/beneaming foar in perioade fan fjouwer jier, lyk oan de sittingstermyn fan de Gemeenteried.
De funksje fan wethâlder bestiet sûnt 1813. Dêrfoar hienen stêden faak mear as ien boargemaster dy’t help krigen fan skepenen. Yn Belgje wurdt in wethâlder noch altyd skepen neamd. Wethâlders wurde keazen troch de gemeenteried. Oant 2002 út harren eigen fermidden en dêrmei ek fuort ynwenners fan de gemeente. Sûnt 2002, mei de ynfier fan de Wet Dualisearring gemeentebestjoer, binne wethâlders gjin lid mear fan de gemeenteried en kinne sy ek fan bûten de ried en fan bûten de gemeente komme.
Oantal
bewurkje seksjeIt tal wethâlders wurdt ôfset neffens it tal ynwenners fan de gemeente. In gemeente moat wis twa wethâlders hawwe, mar mei net mear hawwe dan 20 prosint fan it tal riedsleden (of net mear as 25 prosint as ien of mear wethâlders yn dieltiid arbeidet). Yn de praktyk is dat ornaris tusken de 2 en 6.
Portefúlje
bewurkje seksjeEltse wethâlders krijt harren eigen portefúlje, in term dy oanjout hokker beleidgebieten in wethâlder fertsjintwurdiget. Foarbylden kinne wêze:
- Finânsjes, Personiel en Organisaasje
- Romtelike Oardening en Iepenbiere Wurken (Grûngebietsaken)
- Folkshúsfesting, Miljeu
- Ekonomyske Saken, Toerisme en Eveneminten
- Sosjale Saken, Underwiis, Wolwêzen en Sport (Bewennerssaken)
Ek hat in wethâlder faak oerlis mei de direkteuren fan tsjinsten dan wol haden fan amtlike ôfdielings dy’t (foar in part) oanslút by syn takepakket/wurkfjilden.
Takepakket
bewurkje seksjeIn wethâlder moat arbeidzje neffens wat de Gemeenterie fan him wol. Faak wurde in soad foarkommende saken delegearre troch de Rie oan it Kolleezje fan B&W, en dan troch harren dêrnei wer mandearre oan it amtlik apparaat. Hy moat de Rie en de riekommisjes alle ynljochtings jaan dy’t foar in goed bestjoer needsaaklik binne.
Foar 2002 wie in wethâlder faak ek noch foarsitter fan syn funksjonele Riekommisjes, dat is sûnt dy tiid feroare en rieleden sitte no Riekommisjes foar.
Help
bewurkje seksjeYn guon gefallen hat de wethâlder in eigen staf, te fergelykjen mei it Kabinet fan de Boargemaster, dy't bestean kin út: in (amtlik) sekretaris/sekretaresse, persoanlik meiwurkers en/of in (politike) assistint.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Wikiwurdboek-side - wethâlder
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Wethouders fan Wikimedia Commons. |