Jan Ernst van Panhuys
Jhr. mr. Jan Ernst baron van Panhuys (Grins, 12 july 1808 - De Haach, 25 oktober 1878) stamde út in âld Grinslanner aadlik laach, wie in liberaal politikus en ûnder oare lid fan de Twadde Keamer en Gûverneur/Kommissaris fan de Kening fan Fryslân.
Libben
bewurkje seksjeVan Panhuys waard op 12 july 1808 in Grins berne as soan fan jhr. Abraham van Panhuys (1774-1847) en Bernardina Ernestina Harmanna Polman Gruys (1775-1820). Syn omke jhr. Johan Æmilius Abraham van Panhuys wie ek politikus en bestjoerder. Hy boaske yn Grins op 8 desimber 1838 mei jkf. Maria Albertina Alberda van Ekenstein en wertroude nei har dea op 28 desimber 1847 mei har suster jkf. Anna Catharina Alberda van Ekenstein.
Hy studearre Romeinsk en hjoeddeisk rjocht oan de Hegeskoalle yn Grins en yn Leien en promovearre by de lêste yn 1833 op it proefskrift Specimen oeconomico-politicum inaugurale De tributis ta doktor yn de rjochtsgeleardheid. Hy naam as frijwilliger diel oan de Tsiendeiske Fjildtocht.
Hy waard dêrnei advokaat en prokureur yn Grins. Op 1 oktober 1838 waard hy rjochter by de Arrondissemintsrjochtbank yn Winschoten. Dizze betrekking beëinige hy op 1 desimber 1848.
Fan 19 oktober 1840 oant 13 febrewaris 1849 wie hy lid fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal foar Grinslân. Hy hearde ta de herfoarmingsgesinde leden en steunde yn 1844 dan ek it agindearjen fan it foarstel fan Thorbecke c.s. (de Njoggenmannen) ta wersjenning fan de Grûnwet.
Mei yngong fan 1 desimber 1848 waard hy beneamd ta Gûverneur fan Fryslân. Yn dizze funksje, nei 1850 ûnder de namme Kommissaris fan de Kening, bleau hy aktyf oant 9 juny 1878.
Yn 1874 by it 25-jierrich regearingsjubileum fan Kening Willem III waard hy ferheft ta baron. Hy wie Kommandeur yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw en grutoffisier yn de Oarder fan de Ikekroan.
Neist syn politike wurkpaad wie hy fan 1849 oant syn dea lid fan it Kolleezje fan Kuratoaren fan de Hegeskoalle yn Grins.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen
bewurkje seksje- P.C. Molhuysen, P.J. Blok, F.K.H. Kossmann - Nieuw Nederlandsch Biografisch Woordenboek, diel X, side 708
- Biografy op www.parlement.com