Foar rjocht bestiet in oantal betsjuttings. Meastentiids wurde alle offisjele, troch de oerheid fêststelde regels bedoeld, dy't de ferhâldingen tusken boargers en boargers, boargers en saken, boargers en oerheid en oerheden ûnderling regelet, en dy't jilde op it grûngebiet fan de steat dy't dat rjocht fêststeld hat. Wetten binne de meast foar de hân lizzende foarbylden. Rjocht kin ek wêze it ynternasjonaal rjocht, dat rjocht tusken steaten regelet yn de foarm fan ferdraggen, of net-skreaun rjocht, sa as it fertrouwensbegjinsel tusken de folksfertsjintwurdiging en it deistich bestjoer. Yn ûndersteand wurdt yngien op it rjocht yn de earstneamde betsjutting.

It rjocht kin op ferskate manieren opdield wurde. In wichtige ferdieling is de twadieling yn it boargerlik rjocht en it publykrjocht. Dizze ferdieling is basearre op it ûnderwerp dat it rjocht regelje wol: it ferkear tusken boargers ûnderling en tusken boargers en saken, of tusken boargers en oerheid of oerheden ûnderling. Ek kin it rjocht yndield wurde yn materieel en formeel rjocht.

Boargerlik rjocht

bewurkje seksje

Boargerlik rjocht is dat ûnderdiel fan it rjocht, dat it ferkear tusken boargers en boargers en saken regelet. Men kin it measte boargerlik rjocht weromfine yn it boargerlik wetboek.

Ûnder boargers wurde ek de rjochtspersoanen begrepen dy't boargers oprjochtsje kinne, sa as in feriening, stifting of besletten fennoatskip. Men kin yn it boargerlik wetboek dêrom ek de regels fine dêr't sokke rjochtspersoanen oan foldwaan moatte.

It boargerlik wetboek bestiet út acht boeken.

Publykrjocht

bewurkje seksje

Under publykrjocht wurdt ferstien it rjocht dat it ferkear tusken boargers en oerheden en oerheden ûnderling regelet. Inkelde fan de wichtichste publykrjochtlike wetten binne:

Ek ferdraggen kinne ûnder it publykrjocht begrepen wurde, alhoewol it giet om rjocht tusken steaten. Foarbylden fan inkelde wichtige ferdraggen binne:

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Alle Nederlânske wetten dy't op dit stuit fan krêft binne kinne opsocht wurde op http://www.wetten.nl , in webstee fan de Ryksoerheid.