Ferdrach
In ferdrach (meartal: ferdraggen), ek wol in kovinsje of in traktaat neamd, is in skriftlike diplomatike oerienkomst dy't wetlik binend is, tusken twa of mear lannen en/of oare folkerjochtlike ynstellings, lykas in ynternasjonale organisaasje of in selsstannige religieuze autoriteit (bgl. de Hillige Stoel). Ferdraggen binne tige gaadlik om detaillearre ôfspraken tusken lannen yn fêst te lizzen. Hoewol't ferdraggen formeel ek mûnling ôfsletten wurde kinne, bart dat frijwol nea, om't alle partijen in skriftlike ûnderbouwing fan harren posysje binnen it oangeande ferdrach hawwe wolle, sadat se dêr op weromfalle kinne as se miene dat se oan 't krapperein kommen binne.
As in ferdrach mar troch twa partijen sletten wurdt, sprekt men fan in bilateraal ferdrach; binne der mear as twa partijen by belutsen, dan is it in multylateraal ferdrach. Mei't it folkerjocht in stelsel is fan 'horizontale hanthavening' moat it tafersjoch op it neilibjen fan ferdraggen dus fan 'e partijen sels komme. De reden dêrfoar is dat der gjin sintrale ynternasjonale ynstânsje is dêr't alle lannen sok foech oan ôfstean wolle. Algemiene regels foar ferdraggen binne fêstlein yn it Ferdrach oangeande it Ferdrachrjocht dat yn 1969 yn Wenen sletten waard.
Underwerp en ynhâld
bewurkje seksjeFerdraggen kinne yn prinsipe oer elts ûnderwerp gean. Fredesferdraggen, wêrmei't in ein makke wurdt oan wapene konflikten, komme bygelyks in protte foar. Oare tige gongbere soarten ferdraggen binne hannelsferdraggen, grinsferdraggen, belestingferdraggen, loftfeartferdraggen en miljeuferdraggen. Ferdraggen meie net yngean tsjin 'e jus cogens-regels, de algemien oanfurde regels fan it ynternasjonale diplomatike ferkear. Sa meie lannen bgl. gjin ferdrach slute om slavernij te befoarderjen, om't it ferbod op slavernij ynternasjonaal algemien oanfurde wurdt.
Fêste bepalings
bewurkje seksjeNjonken de spesifike tekst dy't oer it ûnderwerp fan in ferdrach giet, omfettet in ferdrach ek in stikmannich standertdingen. Dêrby moat men tinke oan in skriftlike fêstlizzing fan:
- de tiid en datum fan it yngean (fan krêft wurden) fan in ferdrach;
- hoefolle tiid oft lannen hawwe om ta ratifikaasje fan in ferdrach oer te gean;
- oanwizings foar it oplossen fan eventuële konflikten oer de ôfspraken of de útlis fan 'e ôfspraken yn it ferdrach (ûntbrekt dit, dan kin it yn it uterste gefal liede ta in gong nei it Ynternasjonaal Gerjochtshôf yn De Haach);
- oanwizings foar de proseduere om op in lettere datum feroarings yn it ferdrach oan te bringen troch tafoeging fan wizigings en amendeminten;
- betingsten oangeande de eventuële opsizzing of beëiniging fan it ferdrach en wat dêr de gefolgen fan binne;
- kontrôle op it neilibjen fan it ferdrach;
- de konsekwinsjes foar ferdrachpartijen dy't har net oan 'e ôfspraken hâlde.
Foar multylaterale ferdraggen wurdt yn 'e regel ek in behearder oansteld, de saneamde depositaris, dy't byhâldt hokker lannen oft lid binne fan it ferdrach, hokker lannen oft it ferdrach ratifisearre hawwe en dy't ek oanmeldings fan eventuële nije dielnimmers yn goede banen liedt. Soms kinne beskate partijen by multylaterale ferdraggen foarbehâlden foar harsels yn 'e ferdrachstekst opnimme litte, sadat se oan in diel fan 'e bepalings net bûn binne. Oare partijen kinne lykwols beswier meitsje tsjin sokke foarbehâlden, en besykje om se út 'e tekst te hâlden.
Ferdrachsferplichtings
bewurkje seksjeDe ferdrachspartijen binne nei it begjinsel fan pacta sunt servanda ferplichte om sletten ferdraggen te goeder trou nei te kommen. Yn it gefal fan Nederlân is it sels sa dat ferdraggen en besluten fan folkerjochtlike organisaasjes dêr't Nederlân by oansletten is, ornearre wurde fan in hegere oarder te wêzen as oare wetlike foarskriften. Dat is fêstlein yn kêst 94 fan 'e Nederlânske Grûnwet. As in bepaling út 'e Nederlânske wetjouwing net feriene wurde kin mei in bepaling út in sletten ferdrach, dan jildt yn Nederlân dus it ferdrach en net de wet.
Ferdraggen tusken lidsteaten fan 'e Feriene Naasjes (dat alle ûnôfhinklike lannen útsein Fatikaanstêd binne) moatte iepenbier wêze, sadat lannen gjin geheime bûnsgenoatskippen slute kinne. Dêrta moat elts nij ferdrach ûnder kêst 102 fan it Hânfêst fan de Feriene Naasjes oanmelden wurde by de siktaris-generaal fan de Feriene Naasjes. Neffens it twadde lid fan dat kêst is it sa dat as dy oanmelding net dien is, de ferdrachspartijen har ek net op harren ferdrach beroppe kinne by lykfol hokker orgaan fan 'e Feriene Naasjes (lykas it Ynternasjonaal Gerjochtshôf).
Ratifikaasje
bewurkje seksjeFoar fierwei it grutste part fan 'e ynternasjonale ferdraggen is it nedich dat de dielnimmende lannen oergeane ta ratifikaasje foar't de ôfsprutsen regels yn sa'n lân fan krêft wurde kinne. De needsaak foar ratifikaasje moat wol yn it ferdrach fermelden wurde, want stiet it der net yn, dan wurdt it ferdrach fan krêft sadree't in fertsjintwurdiger fan it regear fan it oangeande lân (lykas de premier, in minister of in steatssiktaris) syn hantekening derûnder set hat. Ratifikaasje is in proses fan goedkarring troch de oerheid fan in dielnimmend lân; yn demokratyske lannen lykas Nederlân betsjut dat yn 'e regel dat it parlemint mei it ferdrach ynstimme moat.
Feroaring en beëiniging
bewurkje seksjeIt is mooglik om 'e ferdrachstekst noch te feroarjen nei't it ferdrach al yn wurking trêde is, salang't alle ferdrachspartijen dêrmei ynstimme. Dêrta makket men gebrûk fan wizigings (feroarings yn 'e besteande tekst) en/of amendeminten (tafoegings oan 'e besteande tekst). Hoewol't dat twa ferskillende rjochtsfigueren binne, komt de wurking op itselde del.
Fierders kinne ferdraggen ek beëinige of opskoarre (tydlik opheft) wurde. Dêrby wurdt ûnderskie makke tusken de rjochtstermen ex nunc en ex tunc. By ex nunc is in ferdrach beëinige of opskoarre fan it stuit ôf dat oan 'e betingsten fan sa'n beëiniging of opskoarring foldien is. Dy betingsten binne dan al fêstlein yn 'e oarspronklike ferdrachstekst. Redens dêrfoar kinne wêze it sluten fan in nij ferdrach (troch alle ferdrachspartijen) dat yn it plak fan it âlde ferdrach komt, of oermacht, bgl troch in natoerramp dy't it neikommen fan 'e ferdrachsferplichtings ûnmooglik makket.
By ex tunc wurde alle of guon ôfspraken út in ferdrach neitiid neatich ferklearre, wêrnei't se rjochtsmjittich nea bestien hawwe. As mar in diel fan it ferdrach op dy wize neatich ferklearre wurdt, sprekt men fan relative neatichheid; wurdt it hiele ferdrach neatich ferklearre, dat is der sprake fan absolute neatichheid. Redens foar sokke yngrepen kinne wêze: fersinnen by it opstellen fan it ferdrach (yn it diplomatike jargon 'dwalings'), lykas flaters op lânkaarten dy't it ferrin fan grinzen fêststelle; bedragerij fan ien of mear ferdrachspartijen troch in oarenien; korrupsje by it sluten of ratifisearjen fan it ferdrach; twingerij troch it iene lân tapast op it oare; of it skeinen fan 'e jus cogens-regels.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |