De Feriene Naasjes is in gearwurkingsferbân fan 193 selsstannige steaten, dat yn 1945 oprjochte is. It is in mondiale organisaasje fan regearen, gearwurkjend op it mêd fan ynternasjonaal rjocht, mondiale feiligens, behâld fan humanitêr rjocht, ûntwikkeljen fan in wrâldekonomy en it ûndersyk nei sosjaal-maatskiplike en kulturele ûntjouwings. De FN hie begjin 2012 193 lidsteaten.[1]

Feriene Naasjes
Flagge fan de Feriene Naasjes
Flagge fan de Feriene Naasjes

Flagge fan de Feriene Naasjes

Offisjele talen Arabysk, Sineesk/Mandarynsk,

Ingelsk, Frânsk, Russysk, Spaansk

Siktaris-generaal Ban Ki-moon
Oprjochte as alliânsje: 1 jannewaris 1942
as ynternasjonale organisaasje: 24 oktober 1945
Lidsteaten 193
Haadkantoar New York City, New York, Feriene Steaten
Offisjele webside http://www.un.org/ FN

De foarrinder fan de FN wie it Folkebûn, oprjochte op 25 jannewaris 1919 (de 1e algemiene gearkomste wie op 10 jannewaris 1920). Yn 1946 waard it Folkebûn opheven. De oprjochting fan de Feriene Naasjes fûn plak op 26 juny 1945 yn San Fransisko troch it ûndertekenjen fan it Hânfêst fan de Feriene Naasjes, dat op 24 oktober 1945 fan krêft waard. Alger Hiss wie tydlik Siktaris-generaal fan de Feriene Naasjes by de oprjochting. Hy moast omtinken jaan oan it lykwicht fan de naasjes by de Konferinsje fan de Feriene Naasjes yn 1945. Fierders hie er it oanlûken fan yn totaal 494 wurkkrêften foar de FN yn syn portefúlje. Hiss wie lykwols gjin "offisjele" siktaris-generaal, om't de organisaasje noch yn oprjochting wie. Doe't de Feriene Naasjes oan de ein fan 1945 formeel oprjochte waard, kamen syn funksjes te ferfallen en waard de Noar Trygve Lie troch de Algiemene Gearkomste keazen as de earste offisjele siktaris-generaal. Yn jannewaris 1946 wienen de earste gearkomsten fan de Algemiene Gearkomste en de Feiligensried. By dy gearkomsten yn Londen wienen 51 lannen fertsjintwurdige. Yn it begjin hie de ynternasjonale organisaasje de offisjele namme United Nations Organization (UNO), mar al gau waard dat yn it deistich brûken fan de namme ôfkoarte ta United Nations (UN). Dizze namme is no formeel fêstlein. Yn 2001 krige de FN de Nobelpriis foar de Frede foar harren krewearjen foar in better organisearre en freedsumere wrâld.[2]

De Feriene Naasjes hat seis bestjoersorganen.

Algemiene Gearkomste

bewurkje seksje

Yn de Algemiene Gearkomste fan de Feriene Naasjes hawwe alle lidsteaten in sit. De Algemiene Gearkomste kin allinne polityk net-binende útspraken dwaan, soks yn tsjinstelling ta de Feiligensried dy't wol binende besluten nimme kin. Alle leden fan de FN hawwe stimrjocht yn de Algemiene Gearkomste, mar lannen mei de observaasjestatus (de Palestynske Gebieten en it Fatikaan) meie net stimme. De deistige saken wurde behannele troch seis kommisjes fan de Algemiene Gearkomste. De earste kommisje hat ta doel troch ûntwapening de ynternasjonale feiligens te fuortsterkjen. De twadde kommisje is foar ekonomyske en finansjele saken en de tredde is foar, sosjale, humanitêre en kulturele saken. De fjirde kommisje hâldt him dwaande mei spesjale politike stikken en dekoloanisaasje (in ûnderwerp dat hjoed de dei net mear aktueel is). Administrative en sinteraasje saken wurde behannele yn de fyfde kommisje, en de lêste (nûmer seis) hâldt him dwaande mei (ynternasjonale) juridyske saken.

Feiligensried

bewurkje seksje
 
Seal dêr't de feiligensried gearkomt

De Feiligensried fan 'e Feriene Naasjes is it heechste bestjoersorgaan fan de Feriene Naasjes. De feiligensried hat fiif permaninte leden, dy't in fetorjocht hawwe. de Folksrepublyk Sina (oant 1972 wie Taiwan as neifolger fan Nasjonalistysk Sina lid mei fetorjocht), Feriene Steaten, Ruslân (dy't yn 1991 de Sowjetuny neifolge), Frankryk en Grut-Brittanje. Yn de feiligensried hawwe noch tsien oare lannen in plak, dy't elts foar in perioade fan twa jier keazen wurde. Dizze net-permaninte leden hawwe gjin fetorjocht en kinne oerstimd wurde. De feiligensried beslist û.o. oer de útfiering fan fredesmissys en hawwe it foech om nije lidsteaten dy't by de Feriene Naasjes komme te betanken, troch it brûken fan it fetorjocht. De feiligensried beslist û.o. oer de fredesstriidkrêften fan de organisaasje.

Ekonomyske en Sosjale Ried fan de Feriene Naasjes

bewurkje seksje

De Ekonomyske en Sosjale Ried fan de Feriene Naasjes (ôfkoarte ECOSOC) hat ta doel it befoarderjen fan gearwurking op ekonomysk, sosjaal en humanitêr mêd. De ECOSOC is net permanint operasjoneel mar komt inkeld in pear kear yn it jier gear. De ried hat 54 leden dy't foar trije jier keazen binne; alle jierren wurdt in tredde part troch de Algemiene Gearkomste fan de FN nij keazen.

Ynternasjonaal Gerjochtshof

bewurkje seksje

It Ynternasjonaal Gerjochtshof is it wichtichste rjochterlike orgaan fan de Feriene Naasjes. It hof hat 15 rjochters, dy't keazen wurde troch de Algemiene Gearkomste en de Feiligensried. It Ynternasjonaal Gerjochtshof sit yn De Haach yn it Fredespaleis. It Fredespaleis is ek de setel fan it Permanint Hof fan Arbitraazje en it Ynternasjonaal Strafhof.

Siktariaat fan de Feriene Naasjes

bewurkje seksje
 
It gebou fan de Feriene Naasjes yn New York

It Siktariaat fan de Feriene Naasjes is it wichtichste bestjoersorgaan fan de Feriene Naasjes. It siktariaat sit yn New York en hat bûtenposten yn Genêve, Nairoby en Wenen. De siktaris-generaal wurdt foardroegen troch de Feiligensried en keazen troch de Algemiene Gearkomste foar in tiidsrek fan fiif jier. It siktariaat jout ynformaasje, lit ûndersiken dwaan, en nimt de gearkomsten fan de Feriene Naasjes op syn noed. Dêrneist fiert it siktariaat de taken út dy't opdroegen binne troch de Algemiene Gearkomste, de Feiligensried, as oare organen.

De siktaris-generaals fan de Feriene Naasjes:

  1. Trygve Lie, Noarwegen (1945-1953)
  2. Dag Hammarskjöld, Sweden (1953-1961)
  3. U Thant, Birma (1961-1971)
  4. Kurt Waldheim, Eastenryk (1972-1981)
  5. Javier Pérez de Cuéllar, Perû (1982-1991)
  6. Boutros Boutros-Ghali, Egypte (1992-1996)
  7. Kofi Annan, Gana (1997-2006)
  8. Ban Ki-moon, Súd-Korea (2007-2016)

Trustskipsried

bewurkje seksje

De Trustskipsried hâldt tafersjoch op it bestjoer fan de gebieten dy't ûnder it ynternasjonale trustskipsstelsel pleatst binne (de mandaatgebieten). De measte mandaatgebieten wienen koloniale gebieten fan lannen dy't yn de Twadde Wrâldkriich ferslein waarden. It lêste trustgebiet, Palau, krige syn ûnôfhinklikens op 1 oktober 1994. Omdat der gjin mandaatgebieten mear wienen is der yn maaie 1994 besletten oom allinnich noch gear te kommen as de Presidint fan de Trustskipsried of in meardertal fan de lidsteaten dat wol. De ried bestiet sûnt 1975 út de fiif fetolannen; de Folksrepublyk Sina, Frankryk, de Russyske Federaasje, it Feriene Keninkryk en de Feriene Steaten.

Organisaasjes ûnder FN

bewurkje seksje
  • Ynternasjonaal Atoomenerzjy Agintskip (IAA)
  • International Civil Aviation Organization
  • Ynternasjonaal Fûns foar Lânbou Untwikkeling
  • Ynternasjonale Arbeidsorganisaasje
  • Ynternasjonale Maritime Organisaasje
  • International Telecommunication Union
  • Food and Agricultural Organization
  • United Nations Educational, Scientific and Cultural Organization (UNESCO)
  • United Nations Industrial Development Organization
  • United Nations Children's Fund (UNICEF)
  • Wrâld Post Uny
  • Wrâldbank
  • World Health Organisation (WHO)
  • World Meteorological Organization
  • World Intellectual Property Organization

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Commons: Feriene Naasjes – foto, fideo en harktriemmen

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Lêste soevereine steat dy't lid waard fan de FN wie Súd-Sûdan op 14 july 2011
  2. Oersjoch fan de Nobelpriiswinners op nobelprize.org