2011
jier
Iuwen: | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e iuw | 22e | 23e | 24e | 25e | 26e |
Jierren: | 2006 | 2007 | 2008 | 2009 | 2010 | 2011 | 2012 | 2013 | 2014 | 2015 | 2016 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
2011 MMXI |
Ab urbe condita | 2764 |
Armeenske kalinder | 1460 ԹՎ ՌՆԿ |
Etiopyske kalinder | 2003 – 2004 |
Hebriuwske kalinder | 5771 – 5772 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 2066 – 2067 |
- Shaka Samvat | 1933 – 1934 |
- Kali Yuga | 5112 – 5113 |
Iraanske kalinder | 1389 – 1390 |
Islamityske kalinder | 1432 – 1432 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4707 – 4708 丁寅 – 戊卯 |
2011 is in gewoan jier dat begjint mei in sneon. (Gregoriaanske kalinder foar 2011.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 2010-er jierren.
Foarfallen
bewurkje seksje- jannewaris
- 1 - Estlân fiert de euro yn as muntienheid.
- 1 - By in bomoanslach op in Koptysk-otterdokse tsjerke yn 'e Egyptyske stêd Aleksandrië komme ûnder in nijjierstsjinst 23 minsken om.
- 1 - Yn 'e Súdwesthoeke fan Fryslân fynt in yngeande gemeentlike weryndieling plak. De gemeenten Boalsert, Nijefurd, Snits, Wymbritseradiel en Wûnseradiel wurde dêrby feriene ta de nije gemeente Súdwest-Fryslân.
- 4 - De Tunezyske stjitferkeaper Mohammed Bûazizi ferstjert oan syn ferwûnings, nei't er himsels yn desimber 2010 yn 'e brân stutsen hat út protest tsjin it diktatoriale rezjym yn syn lân. Dêrmei hat er de oanset jûn ta sawol de Tunezyske Revolúsje as de Arabyske Maityd.
- 8 - By in oanslach op 'e Amerikaanske politika Gabrielle Giffords, in lid fan it Hûs fan Offurdigen, komme yn 'e neite fan 'e stêd Tucson (Arizona) rjochter John Roll en 5 oaren om en reitsje nochris 13 minsken ferwûne. Giffords sels wurdt yn 'e holle rekke, mar oerlibbet de oanslach.
- 9 - It ferkearsfleantúch Iran Air-flecht 277 stoart del yn 'e neite fan 'e Iraanske stêd Orûmijeh, wêrby't 77 minsken omkomme.
- 9-15 - By in referindum yn Súd-Sûdaan stimt in oerweldigjende mearderheid fan 'e befolking foar ûnôfhinklikheid fan harren lân fan Sûdaan.
- 11 - By wettersneed en ierdferskowings komme yn 'e Brazyljaanske steat Rio de Janeiro 903 minsken om.
- 14 - Yn it ramt fan 'e Tunezyske Revolúsje nimt diktator Zine el-Abidine Ben Ali nei in moanne fan almar fûleindiger demonstraasjes de wyk nei Saûdy-Araabje. Hy hat 23 jier regearre. Premier Mohammed Gannûtsji en parlemintsfoarsitter Fûad Mebazaä nimme de macht yn Tuneezje oer. Dit is it begjin fan 'e Arabyske Maityd.
- 22 - It lêste konsert fan Jitiizer.
- 24 - By in bomoanslach op 'e Ynternasjonale Lofthaven Domodedovo, yn 'e Russyske haadstêd Moskou komme 37 minsken om en reitsje 173 oaren ferwûne.
- 25 - Yn it ramt fan 'e Arabyske Maityd begjinne yn Egypte massale demonstraasjes tsjin it rezjym fan diktator Hosni Mûbarak. Dit is it begjin fan 'e Egyptyske Revolúsje.
- febrewaris
- 11 - By de Egyptyske Revolúsje wurdt yn it ramt fan 'e Arabyske Maityd nei 18 dagen fan fûleindich protest diktator Hosni Mûbarak ôfset.
- 15 - Yn Lybje brekt yn it ramt fan 'e Arabyske Maityd de Earste Libyske Boargeroarloch út, in wapene opstân tsjin it rezjym fan diktator Mûammar Kadaffi.
- 22 - By in ierdbeving fan 6,3 op 'e skaal fan Richter komme yn Christchurch, op it Sudereilân fan Nij-Seelân, 185 minsken om.
- 22-14 maart - Unwissichheid oer de beskikberheid fan Libyske ierdoalje (fanwegen it útbrekken fan 'e Earste Libyske Boargeroarloch) soarget derfoar dat de priis fan rouwe oalje yn twa wiken tiid mei 20% stiget. Dit is de Oaljekrisis fan 2011.
- maart
- 2 - By de Provinsjale-Steatenferkiezings yn Nederlân behellet de VVD yn 'e measte provinsjes in grutte oerwinning. De PVV wurdt de grutste partij yn Limburch. Fryslân, Grinslân en Drinte binne de iennichste dielen fan it lân dêr't de PvdA it grutst is.
- 6 - Yn Syrje brekt yn it ramt fan 'e Arabyske Maityd in folksopstân út as 15 tinerjonges yn 'e súdlike stêd Deraä arrestearre wurde foar it oanbringen fan graffity op 'e muorre fan harren skoalle, wêryn't se de diktatuer fan Basjir al-Assad ôfrinne litten hawwe. Dit is it alderierste begjin fan 'e Syryske Boargeroarloch.
- 11 - In swiere ierdbeving fan 9,0 op 'e skaal fan Richter foar de kust fan Japan feroarsaket in tsûnamy fan mear as 9 m heech. Der falle 15.893 deaden, 2.565 minsken reitsje fermist en mear as 150.000 oaren moatte duorjend hûs en hiem ferlitte, net inkeld omreden fan 'e ûnbidige ferwuostging, mar ek om't in kearnsintrale by Fukushima swier skansearre rekket. Dat liedt ta de kearnramp fan Fukushima, wêrby't in grut gebiet radioaktyf besmet rekket.
- 15 - De Syryske Boargeroarloch brekt út: yn it ramt fan 'e Arabyske Maityd komt yn in grut diel fan Syrje de befolking yn opstân tsjin 'e ûnmeilydsume diktatuer fan presidint Basjir al-Assad. It rezjym reägearret mei ûnmeilydsume ûnderdrukking en troch ferskate stêden te belegerjen.
- 15 - Fanwegen de Folksopstân yn Bachrein, dy't útbrutsen is yn it ramt fan 'e Arabyske Maitiid, ropt kening Hamad bin Isa al-Chalifa foar in fearnsjier de needtastân út. Saûdy-Araabje stjoert troepen dy't de rebûlje ûnmeilydsum de kop yndrukke.
- 16 - It earste ljipaai fan Fryslân wurdt troch Geert Kleinhuis út Earnewâld fûn by Hurdegaryp.
- 17 - De Feilichheidsried fan de Feriene Naasjes stimt mei 10 tsjin 0 foar de ynstelling fan in no-flyzone boppe Lybje yn it ramt fan 'e Earste Libyske Boargeroarloch. Dêrmei wurdt besocht om Libyske boargers te beskermjen tsjin bombardeminten troch de Libyske loftmacht.
- 19 - It regear fan Lybje hâldt yn it ramt fan 'e Earste Libyske Boargeroarloch oan mei loftoanfallen op sawol rebellen as boargerdoelen, ek al hat de Feilichheidsried fan de Feriene Naasjes dat ferbean. Dêrom begjint Frankryk by wize fan militêre yntervinsje (autorisearre troch FN-Feilichheidsreidresolúsje 1973) mei de ynset fan strieljagers tsjin 'e Libyske loftmacht.
- april
- 9 - In 24-jierrige man sjit yn it winkelsintrum De Ridderhof, yn 'e Nederlânske stêd Alfen oan de Ryn, yn it wylde wei om him hinne. By dat Bloedbad fan Alfen oan de Ryn falle 7 deaden, ynkl. de dieder.
- 11 - De eardere Ivoriaanske presidint Laurent Gbagbo wurdt yn syn wente yn Abidjan arrestearre troch soldaten dy't trou binne oan presidint Alassane Ouattara, mei stipe fan Frânske troepen. Dêrmei komt in ein oan 'e Ivoriaanske Krisis fan 2010-2011 en oan 'e Twadde Ivoriaanske Boargeroarloch.
- 12 - De Japanske autoriteiten erkenne dat de kearnramp fan Fukushima, dy't ûntstie nei de swiere ierdbeving en tsûnamy fan 11 maart, it heechste nivo fan de INES-skaal berikt hat.
- 15 - It gesach yn it Meksikaanske plak Cherán wurdt yn it ramt fan 'e Meksikaanske Drugsoarloch, nei misdieden troch in pleatslik drugskartel, oernommen troch wapene figilantes.
- 15 - Under lieding fan ynformateur Margreeth de Boer berikke de partijen PvdA, CDA en FNP in koälysje-akkoart foar it bestjoer fan de Provinsje Fryslân.
- 25-28 - By in útbraak fan tornado's komme yn 'e Feriene Steaten 342 minsken om.
- 29 - Yn it Britske Windsor wurdt ûnder oerweldigjende publike belangstelling de brulloft fan prins William, hartoch fan Cambridge en Kate Middleton fierd.
- maaie
- 1 - De eardere paus Jehannes Paulus II wurdt sillich ferklearre.
- 2 - Osama bin Laden, de lieder fan 'e islamistyske terreurbeweging al-Qaida, wurdt fermoarde as kommando's fan 'e Amerikaanske marine in ynfal dogge yn syn geheime wente yn it Pakistaanske Abbottabad.
- 9 - Under de trêde etappe fan 'e Omgong fan Itaalje komt de Belgyske hurdfytser Wouter Weylandt fan Team Leopard-Trek om it libben by in fal.
- 11 - Pieter Weening fan De Harkema wint de fyfde etappe yn de Omgong fan Itaalje. Hy is dêrmei de earste Fries mei de rôze trui.
- 15 - De Amsterdamske fuotbalklub Ajax wurdt foar de tritichste kear yn 'e skiednis Nederlânsk kampioen.
- 16 - De lannen fan 'e eurosône beslute ta in finansjeel helppakket ter wearde fan €78 miljard om Portegal út 'e ekonomyske swierrichheden fan 'e Bankekrisis te helpen.
- 21 - De fulkaan Grímsvötn, op Iislân, barst út en fersteurt dêrmei it loftferkear yn noardlik en westlik Jeropa.
- 21-26 - By in útbraak fan tornado's komme yn 'e Feriene steaten 178 minsken om.
- 22 - De tornado fan Joplin makket it Amerikaanske plak Joplin (Missoery) mei de grûn lyk. Dêrby falle 161 deaden.
- 26 - De eardere Bosnysk-Servyske generaal Ratko Mladić wurdt yn Servje oppakt nei't er likernôch fyftjin jier ûnderdûkt sitten hat. It Joegoslaavjetribunaal yn De Haach siket him fanwegen oanklachten fan genoside, oarlochsmisdieden en misdieden tsjin 'e minsklikheid.
- juny
- 4 - De fulkaan de Puyehue, yn 'e Sileenske Andes, barst út. Der moatte mear 3.000 minsken evakuëarre wurde, en it loftferkear boppe Súd-Amearika, Nij-Seelân en Austraalje wurdt slim fersteurd.
- 4 - Janna Eijer fan Jobbegea wint Liet 2011 mei it nûmer 1 klap.
- 28 - De Itens- en Lânbou Organisaasje (FAO) makket bekend dat de kowesykte feepest wrâldwiid útrûge is.
- july
- 9 - Súd-Sûdaan wurdt ûnôfhinklik fan Sûdaan.
- 12 - De planeet Neptunus foltôget syn earste jier (d.w.s. rûngong om 'e sinne) sûnt er yn 1846 ûntdutsen is.
- 13 - By bomoanslaggen yn 'e Yndiaaske stêd Bombay komme 26 minsken om en reitsje mear as 130 oaren ferwûne.
- 14 - Súd-Sûdaan wurdt as 193e lân lid fan 'e Feriene Naasjes.
- 20 - Yn Servje wurdt Goran Hadžić oppakt. Hy is de lêste persoan dy't oanklage wurdt foar it Joegoslaavjetribunaal yn De Haach.
- 20 - De Feriene Naasjes ferklearje de sitewaasje yn súdlik Somaalje offisjeel ta hongersneed. It is de earste hongersneed yn de Hoarn fan Afrika yn mear as 30 jier.
- 21 - Mei de lâning fan it romtefear Atlantis by it Kennedy Space Center yn Floarida komt der in ein oan it space shuttle-programma fan 'e Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA.
- 22 - By syn oanslaggen yn 'e Noarske haadstêd Oslo en op it eilân Utøya fermoardet de neo-nazy en terrorist Anders Breivik 77 minsken (wêrûnder 69 tiners op Utøya) en ferwûnet er nochris teminsten 318 oaren.
- 24 - De Amerikaanske steat New York fiert it homohoulik yn.
- 31-16 jannewaris 2012 - Yn Tailân brekt swiere wettersneed út, dêr't 12,8 miljoen minsken mei te krijen hawwe. De haadstêd Bangkok strûpt derûnder. Der komme 815 minsken om en der wurdt foar 1.440 miljard baht ($45 miljard) oan skea oanrjochte.
- augustus
- 5 - De Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA makket de mooglike ûntdekking fan floeiber wetter op 'e planeet Mars bekend.
- 11-15 septimber - By wettersneed yn 'e Pakistaanske provinsje Sind komme 434 minsken om.
- 25 - By in oanslach yn in kasino yn 'e Meksikaanske stêd Monterrey komme 52 minsken om en reitsje 10 oaren ferwûne.
- 20-28 - Yn it ramt fan 'e Earste Libyske Boargeroarloch feroverje de rebellen yn 'e Slach om Tripoly de Libyske haadstêd. Dêrmei wurdt de diktatuer fan Mûammar Kadaffi ûnder fuotten helle.
- septimber
- 5 - Yndia en Bangladesj tekenje in ferdrach wêrby't se ôfprate om in tal lytse enklaves oan wjerssiden fan harren grins út te wikseljen. Dêrmei komt in ein oan in skeel dat 40 jier duorre hat.
- 10 - De fearboat MS Spice Islander I sinkt foar de kust fan it Tanzaniaanske eilân Sansibar. Dêrby komme 240 fan 'e 800 opfarrenden om.
- 12 - Yn 'e Keniaanske haadstêd Nairobi komme likernôch 100 minsken om by de brân dy't ûnstiet nei de ûntploffing fan in oaljepiiplieding.
- 17 - Hûnderten demonstranten begjinne yn it ramt fan folksprotesten tsjin 'e Bankekrisis, dy't feroarsake is troch de graaikultuer yn it bankwêzen, de Occupy Wall Street-beweging. Dêrby besette se Wall Street, yn it finansjele hert fan New York-Stêd. Al rillegau ûntstiet hjirút de bredere Occupy-beweging, dy't tsjin oktober yn in grut tal oare stêden yn 82 lannen soartgelikense besettingsaksjes útfierd.
- 25 - Saûdy-Araabje beslút om yn 2015 it aktyf en passyf frouljuskiesrjocht yn te fieren foar it ferkiesbere part fan 'e gemeenterieden en de advysjaande ried.
- 29 - Sina lansearet it romtelaboratoarium Tiangong 1, de earste stap yn 'e ûntjouwing fan in bemanne Sineesk romtestasjon.
- oktober
- 4 - By wettersneed yn Kambodja komme troch oerstreamings fan 'e rivier de Mekong 207 minsken om.
- 11 - De Fryske skriuwer Durk van der Ploeg kriget de Gysbert Japicxpriis takend foar syn hiele oeuvre.
- 13 - Mei de ferovering fan 'e stêd Sirte en de fal fan it rezjym fan diktator Mûammar Kadaffi komt yn Lybje in ein oan 'e Earste Libyske Boargeroarloch.
- 18 - By de finzeneruil fan Gilad Shalit wikselet Israel 1.027 finzen Palestinen út tsjin 'e Israelyske soldaat Gilad Shalit, dy't troch de militante Palestynske beweging Hamas fêstholden wurdt.
- 20 - De ôfsette diktator fan Lybje, Mûammar Kadaffi, wurdt frijwol daliks nei syn arrestaasje yn Sirte op 'e strjitte deasketten.
- 20 - De Baskyske ôfskiedingsbeweging ETA beëiniget syn striid foar in ûnôfhinklik Baskelân, dy't 43 jier duorre hat en oan mear as 800 minsken it libben koste hat.
- 23 - By in ierdbeving fan 7,1 op 'e skaal fan Richter komme yn Van, yn it easten fan Turkije, teminsten 604 minsken om en reitsje tûzenen oaren ferwûne.
- 29 - In seldsume sniestoarm yn oktober jaget oer it noardeasten fan 'e Feriene Steaten. Dizze Sniestoarm fan Halloween kostet oan 15 minsken it libben. Miljoenen lju komme sûnder stroom te sitten.
- 31 - De wrâldbefolking berikt (neffens de Feriene Naasjes) de grins fan 7 miljard.
- 31 - De UNESCO nimt Palestina op as lidsteat, nei in stimming wêrby't 107 fan 'e lidsteaten foar- en 14 tsjinstimden. Dit liedt ta poerrazene reäksjes fan Israel en de Feriene Steaten.
- novimber
- 11 - Dizze dei is de dei fan 11-11-11.
- 16 - De Italjaanske premier Silvio Berlusconi moat ôftrede fanwegen beskuldigings dat er seksuële omgong hân hat mei in minderjierrich famke. Dit skandaal stiet bekend as Rubygate.
- 29 - Yn 'e Iraanske haadstêd Teheran falle demonstranten de Britske ambassade oan.
- 30 - It Feriene Keninkryk ferbrekt de diplomatike betrekkings mei Iraan y.f.m. de oanfal op 'e Britske ambassade yn Teheran.
- desimber
- 3 - De Sealterfryske Wikipedy berikt 2.000 siden.
- mids - Yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje begjint de Kalifornyske Drûchte fan 2011-2017.
- 15 - De Feriene Steaten ferklearje de Irakoarloch offisjeel foar beëinige. Dêrmei komt in ein oan 'e opstân yn Irak 2003-2011, mar tagelyk begjint in nije opstân.
- 16 - De tropyske stoarm Washi (yn 'e Filipinen bekend as Sendong) feroarsaket yn 'e Filipinen mear as 1.000 deaden en rjochtet op it eilân Mindanao ûnbidige skea oan.
- 17 - Noard-Koreä wurdt yn djippe rou dompele as diktator Kim Jong-il komt te ferstjerren nei 17 jier oan 'e macht west te hawwen. Hy wurdt opfolge troch syn soan Kim Jong-un.
- 29 - Samoä en Tokelau ferskowe fan 'e eastkant nei de westkant fan 'e Ynternasjonale Datumgrins. Dêrmei slane se ien dei (30 desimber) oer. Se lizze no oan deselde kant fan 'e datumgrins as harren wichtichste hannelspartners.
Berne
bewurkje seksje- 8 jannewaris - Prins Vincent en prinsesse Josephine fan Denemark (twilling)
Ferstoarn
bewurkje seksje- jannewaris
- 4 - Gerry Rafferty, Skotsk sjonger (* 1947)
- 18 - Albert Mulder, Frysk samler en beskriuwer fan âld ark (* 1921)
- 26 - Geale de Vries, Frysk ûnderwizer en radiopresintator (* 1921)
- febrewaris
- 13 - Thomas McKenna, Iersk akteur (* 1929)
- 28 - Jane Russell, Amerikaansk aktrise en sekssymboal (* 1921)
- 28 - Klaas de Jong Ozn., Frysk politikus en bestjoerder (* 1926)
- maart
- 8 - Anne Sybesma, Frysk politikus (* 1925)
- 10 - Rienk Onsman, Frysk fuotballer (* 1943)
- 15 - Trinus Riemersma, Frysk skriuwer (* 1938)
- 17 - Jan Kuperus, Frysk sakeman, topman Friesland Bank (* 1929)
- 22 - Hans Boskamp, Nederlânsk fuotballer en akteur (* 1932)
- 25 - Maria Isakova, Russysk reedrydster (* 1920)
- april
- 7 - Hedzer Rijpstra, Nederlânsk politikus (* 1919)
- 11 - Maximilien Vegelin van Claerbergen, Nederlânsk diplomaat (* 1927)
- 12 - Hunter Bryce, Amerikaansk pornoaktrise (* 1980)
- 23 - Max van der Stoel, Nederlânsk politikus (* 1924)
- maaie
- 2 - Osama bin Laden, Saûdysk terrorist, lieder fan Al-Qaida (* 1957)
- 7 - Gunter Sachs, Dútsk-Switsersk fotograaf (* 1932)
- 21 - Paul Gillon, Frânsk striptekener (* 1926)
- 25 - Rian de Waal, Nederlânsk pianist (* 1958)
- juny
- 2 - Willem Duys, Nederlânsk presintator en muzykprodusint (* 1928)
- 6 - Itty Sluis, Frysk skriuwster (* 1939)
- 11 - Bob Spaak, Nederlânsk sportsjoernalist en presintator (* 1917)
- 18 - Jelena Bonner, Sovjet dissidinte (* 1923)
- 19 - Hannes Weiss, Nederlânsk Roma-lieder (* 1928)
- 22 - Anne Pasveer, Frysk muzikant (* 1948)
- 23 - Peter Falk, Amerikaansk akteur en senarioskriuwer (* 1927)
- 26 - Klaske Folmer, Frysk foardrachtskeunstneresse (* 1926)
- july
- 5 - Gordon Tootoosis, Kanadeesk akteur en aktivist (* 1941)
- 8 - Betty Ford, Amerikaansk presidintsfrou (* 1918)
- 11 - Tom Gehrels, Nederlânsk-Amerikaansk astronoom (* 1925)
- 15 - Friedrich Wilhelm Schnitzler, Dútsk politikus (* 1928)
- 17 - John Kraaijkamp sr., Nederlânsk aktuer (* 1925)
- 20 - Otto Bijlsma, Frysk bestjoerder, oprjochter Feanhoopfestival (* 1935)
- 23 - Johnny Hoes, Nederlânsk sjonger (* 1917)
- 23 - Amy Winehouse, Ingelsk sjongster (* 1983)
- 31 - Jan Jongepier, Frysk organist (* 1941)
- augustus
- 3 - Bubba Smith, Amerikaansk akteur en spiler fan American football (* 1945)
- 4 - Henk Alkema, Frysk komponist en muzykpedagooch (* 1944)
- 12 - Geertruida Draaisma, âldste persoan fan Nederlân (* 1902)
- 14 - Fritz Korbach, Nederlânsk fuotbaltrener (* 1945)
- septimber
- 1 - Jan Lammers, Frysk atleet (* 1926)
- 3 - Finn Helgesen, Noarsk reedrider (* 1919)
- 4 - Jouke Klazes Bakker, Frysk konsintraasjekampoerlibbene (* 1923)
- 9 - Binne Lútzen Boarnstra, Frysk dichter, skriuwer, skipper en histoarikus (* 1946)
- 26 - Harry Muskee, Nederlânsk sjonger (* 1941)
- 27 - Jan Nijland, Nederlânsk politikus (* 1935)
- 27 - David Croft, Ingelsk senarioskriuwer en tillefyzjeprodusint en -regisseur (* 1922)
- 29 - Hella Haasse, Nederlânsk skriuwster (* 1918)
- oktober
- 5 - Steve Jobs, Amerikaansk software-ûntwikelder (* 1955)
- 16 - Teade Kingma, Frysk fersetsman (* 1921)
- 17 - Savannah Gold, Ingelsk pornoaktrise (* 1984)
- 20 - Moammar al-Kadaffi, presidint fan Lybje (* 1942)
- 29 - Cas Spijkers - Nederlânsk tillefyzjekok (* 1946)
- 31 - Hein Mader, Eastenryksk-Frysk byldzjend keunstner (* 1925)
- novimber
- 2 - Rijk de Gooyer - Nederlânsk akteur (* 1925)
- 7 - Joe Frazier, Amerikaansk bokser (* 1944)
- 12 - Theo Douma, Frysk hûsdokter, sjonger en lietsjeskriuwer (* 1956)
- 24 - Hindrik Gosses de Jong, Frysk ûnderwiiskundige (* 1932)
- desimber
- 1 - Christa Wolf, Dútsk skriuwster (* 1929)
- 1 - Sikke Doting, Frysk taalaktivist (* 1938)
- 5 Violetta Villas, Poalsk sjongeres en aktrise (* 1938)
- 7 - Kees Hanje, âldste man fan Fryslân (* 1906)
- 16 - Hiltsje Lenstra-Wisman, widdo fan Abe Lenstra (* 1924)
- 17 - Henk de Haan, Frysk skriuwer (* 1940)
- 18 - Václav Havel, presidint fan Tsjechje (* 1936)
- 18 - Peter Vassilev, Bulgaarsk-Frysk keunstskilder (* 1943)
- 20 - Atze Bosch, Frysk dichter en oersetter (* 1927)
- 24 - Johannes Heesters, Nederlânsk-Dútsk operasjonger en akteur (* 1903)
- 24 - Johannes Tinga, Frysk feekeapman en autobiograaf (* 1922)
- 25 - Wâtse Hiddema, Frysk psychiater en frisiast (* 1928)
- 27 - Douwe Amels, Frysk ûndernimmer en skipsbouwer (* 1924)
- 30 - Dick Eisma, Frysk skriuwer en oersetter (* 1941)
- datum ûnbekend
- Peter Blue Cloud, Kanadeesk Mohawksk dichter (* 1933)
Literatuer
bewurkje seksje- romans
- C.J. Cherryh, Betrayer
- Kristen Britain, Blackveil
- Jim Butcher, Ghost Story
- Patricia Briggs, River Marked
- koarte ferhalen
- Jim Butcher, Curses
- Patricia Briggs, Fairy Gifts
- Patricia Briggs, Gray
- Patricia Briggs, In Red, with Pearls
- ferhalebondels
- George R.R. Martin en Gardner Dozois (red.), Down These Strange Streets
- ferskate auteurs, Hexed
- Charlaine Harris en Toni L.P. Kelner (red.), Home Improvement: Undead Edition
- Ellen Datlow (red.), Naked City: Tales of Urban Fantasy
- Peter S. Beagle en Joe R. Lansdale (red.), The Urban Fantasy Anthology
Films
bewurkje seksje
Telefyzje
bewurkje seksje
Jierren: | 2006 | 2007 | 2008 | 2009 | 2010 | 2011 | 2012 | 2013 | 2014 | 2015 | 2016 |
Iuwen: | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e iuw | 22e | 23e | 24e | 25e | 26e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|