Euro
De euro is de muntienheid fan de lannen fan de Jeropeeske Ekonomyske en Monetêre Uny (EMU), ek wol oantsjut as de "eurosône". Nei de Amerikaanske dollar is de euro de wichtichste munt fan de wrâld. De munt bestiet al sûnt 1999 as bankjild; op 1 jannewaris 2002 is it as echt betelmiddel yn omrin kaam. De offisjele koade fan de muntienheid is EUR.
euro | ||
Euromunten en -bankbiljetten. | ||
identifikaasje | ||
ISO 4217 | ||
● koade | EUR | |
● nûmer | 978 | |
● eksponint | 2 | |
lânseigen namme |
euro (alle oare), ευρώ (Gr.), eiro (Letsk), euras (Lit.), ewro (Malt.), evro (Slov.) | |
symboal | € | |
gebrûk | ||
sintrale bank | Jeropeeske Sintrale Bank | |
off. brûkers | Jeropeeske Uny Belgje | |
ûnoff. brûkers | Kosovo Montenegro | |
fêste wikselkoers |
12 muntienheden, sjoch hjirre | |
skiednis | ||
ynfierd | 1999 (digitaal) 2002 (fysyk) | |
ferfong | ferskate, sjoch hjirre | |
ynflaasje | 1,6% (2019) | |
denominaasjes | ||
1/100 | sint | |
symb. 1/100 | c | |
muntjild | 1c¹, 2c¹, 5c, 10c, 20c, 50c, €1, €2 ¹) net mear brûkt yn Bel., Finl., It., Ierl. en Ned. | |
papierjild | €5, €10, €20, €50, €100, €200, €500 |
Meidoggers / Wikselkoersen
bewurkje seksjeYn de takomst sille ek oare lannen fan de Jeropeeske Uny tatrede ta de Eurosône.
De euro is in wettich betelmiddel yn 20 fan de 27 lannen fan de Jeropeeske Uny.
Dy lannen binne:
Lân | Sûnt | Alde munt | Wikselkoers fan Euro |
---|---|---|---|
Belgje | 1999* | Belgyske frank | BEF 40,3399 |
Dútslân | 1999* | Dútske mark | DEM 1,95583 |
Eastenryk | 1999* | Eastenrykske skelling | ATS 13,7603 |
Estlân | 2011 | Estyske kroan | EEK 15,6466 |
Finlân | 1999* | Finske mark | FIM 5,94573 |
Frankryk | 1999* | Frânske frank | FRF 6,55957 |
Grikelân | 2001* | Grykske drachme | GRD 340,750 |
Ierlân | 1999* | Ierske pûn | IEP 0,787564 |
Itaalje | 1999* | Italjaanske lire | ITL 1936,27 |
Kroaasje | 2023 | Kroätyske kuna | HRK 7,53450 |
Letlân | 2014 | Letske Lats | LVL 0,702804 |
Litouwen | 2015 | Litouske Litas | LTL 3,45280 |
Lúksemboarch | 1999* | Lúksemboarchske frank | LUF 40,3399 |
Malta | 2008 | Malteeske pûn | MTL 0,429300 |
Nederlân | 1999* | Nederlânske gûne | NLG 2,20371 |
Portegal | 1999* | Portegeeske eskûdo | PTE 200,482 |
Syprus | 2008 | Syprioatyske pûn | CYP 0,585274 |
Sloveenje | 2007 | Sloveenske tolar | SIT 239,640 |
Slowakije | 2009 | Slowaakske kroan | SKK 30,1260 |
Spanje | 1999* | Spaanske peseta | ESP 166,386 |
* fysike ynfiering 2002 |
Fierders binne der ek noch guon lannen en territoaria dy't net by de Jeropeeske Uny hearre, mar wol de euro as betelmiddel hawwe. De folgjende lannen hawwe dêrta in monetêre oerienkomst mei de Jeropeeske Uny sletten:
- Akrotiri en Dhekelia
- Andorra
- Fatikaanstêd
- Frânsk-Sint-Marten
- Monako
- San Marino
- Sint-Bartelemy
- Sint-Pierre en Miquelon
en itselde jildt foar de ûnbewenne Frânske oerseeske gebieten Clipperton en de Frânske Súdlike en Antarktyske Lannen.
Lannen dêr't de euro as betelmiddel ynfierd is sûnder dat dêrta in monetêre oerienkomst mei de Jeropeeske Uny sletten is, binne:
Sweden hat him der by ferdrach ta ferplichte de euro ek yn te fieren, mar sûnt in folksstimming op 14 septimber 2003 de ynfiering op dat stuit ôfwiisd hat, is it lân der net mear aktyf mei dwaande.
De euro is ek de munt fan de oerseeske gebieten fan Frankryk, Portegal en Spanje. Om't de munten fan de oerseeske parten fan it Keninkryk fan de Nederlannen keppele wienen oan de dollar wurdt de euro dêr oant no ta net brûkt.
Fêste wikselkoers
bewurkje seksjeDer binne fierders 12 muntienheden dy't in fêste wikselkoers mei de euro hawwe, d.w.s. dy't oan 'e euro fêstmakke binne en dêrom ôfhinklik fan 'e eurokoers binne:
- Bosnyske ynwikselbere mark
- Bulgaarske lev
- CFP-frank (brûkt yn 'e Frânske koloanjes yn 'e Stille Oseaan)
- Deenske kroan
- Kaapverdyske eskûdo
- Komoarske frank
- Marokkaanske dirham
- Masedoanyske denar
- Santomeeske dobra
- Sintraalafrikaanske CFA-frank (brûkt yn 'e eardere Frânske koloanjes yn Sintraal-Afrika)
- Westafrikaanske CFA-frank (brûkt yn 'e eardere Frânske koloanjes yn West-Afrika)
- Wytrussyske roebel (ek ferbûn oan 'e Amerikaanske dollar en de Russyske roebel)
Munten
bewurkje seksjeDe munt wurd opdield yn 100 sinten de euro (oanjûn mei in ‘c’). Der binne munten fan 1, 2, 5, 10, 20 en 50 sint. De munten fan de 1 en de 2 sint binne yn in protte lannen al net mear yn omrin. De bankbiljetten bestean út dy fan 5, 10, 20, 50, 100, 200 en 500 euro. Alle munten hawwe in Jeropeeske kant dêr't in ôfbyld fan Jeropa op stiet. Op de oare kant stiet in ôfbyld dy’t de lân fan útjefte ferskillet.
Euroteken
bewurkje seksjeIt euroteken bestiet út de Grykske letter ‘epsilon’ en is in ferwizing nei de letter ‘E’ dy’t yn in protte talen de earste letter fan Jeropa foarmet. De dûbelde line is it wenstige ûnderskie tusken in letter en in muntsymboal, mar wurdt ek beskôge as symboal fan de fêstheid fan de munt. It teken waard op 12 desimber 1996 presintearre troch de Jeropeeske Kommissy.
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Euro fan Wikimedia Commons. |
- Wikiwurdboek-side - euro
- Webstee fan de Jeropeeske Sintrale Bank
- Euro bankbiljetten (in) (dú)