Estyske kroan
De Estyske kroan (Estysk: Eesti kroon; teken: kr; koade: EEK) wie fan 1928 oant 1941 en fan 1991 oant 2011 de muntienheid fan Estlân. Sûnt dy tiid is de euro ek dêr it wettich betelmiddel.
Ien kroan wie 100 senti. It muntjild wie beskikber yn 5, 10, 20 en 50 senti en 1 en 5 kroanen. It papierjild wie beskikber yn 1, 2, 5, 10, 25, 50, 100 en 500 kroanen. It briefke fan 1 kroan wie seldsum, trochdat it mar ienkear, yn 1992, yn omrin brocht wie.
De kroan waard yn 1992, nei de ein fan de Sovjet Uny, op 'e nij ynfierd. De nije kroan wie keppele oan de Dútske mark en letter oan de euro. De muntienheid wie dan ek stabyl.
De Estyske oerheid stribbe dernei om de Estyske kroan fan 1 jannewaris 2010 ôf troch de euro te ferfangen. Dit is net helle troch de kredytkrisis. Op 12 maaie 2010 kundige de Jeropeeske Kommisje oan dat Estlân klear wie om ta te treden ta de eurosône. De nije datum wie 1 jannewaris 2011.
Papierjild
bewurkje seksjenominale wearde | ôfbyld | foarkânt | efterkânt | útjefte | |
---|---|---|---|---|---|
1 Kroon | Kristjan Raud (keunstskilder, grafikus) | Toompea loss (kastiel op de Domberg) yn Tallinn | 1992 | ||
2 Krooni | Karl Ernst von Baer (antropolooch, natuerûndersiker, geograaf) | Universiteit fan Tartu | 1992, 2006, 2007 | ||
5 Krooni | Paul Keres (skaker) | Hermann's fort fan Narva (berteplak Keres), rivier Narva en De festing fan Ivangorod | 1991, 1992, 1994 | ||
10 Krooni | Jakob Hurt (folklorist, teolooch, taalkundige) | Eik Tamme Lauri yn it suden fan Estlân Urvaste | 1991, 1992, 1994, 2006, 2007 | ||
25 Krooni | Anton Hansen Tammsaare (skriuwer) | Vargamäe (út it wurk "Tõde ja õigus") fan Anton Hansen Tammsaare | |||
50 Krooni | Rudolf Tobias (komponist) | Estoania-Teäter (Nasjonale Opera en Konsertseal) | 1994 | ||
100 Krooni | Lydia Koidula (dichter) | Noard-Estlânske kliffen | 1991, 1992, 1994, mei nije befeiligingskenmerken: 1999, 2007 | ||
500 Krooni | Carl Robert Jakobson (publisist, skriuwer, pedagooch) | Boereswel (nasjonale fûgel fan Estlân) boppe it Estlânske plattelân. | 1991, 1994, 1996, mei nije befeiligingskenmerken: 2000, 2007 |