1943
jier
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Jierren: | 1938 | 1939 | 1940 | 1941 | 1942 | 1943 | 1944 | 1945 | 1946 | 1947 | 1948 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
1943 MCMXLIII |
Ab urbe condita | 2696 |
Armeenske kalinder | 1392 ԹՎ ՌՅՂԲ |
Etiopyske kalinder | 1935 – 1936 |
Hebriuwske kalinder | 5703 – 5704 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 1998 – 1999 |
- Shaka Samvat | 1865 – 1866 |
- Kali Yuga | 5044 – 5045 |
Iraanske kalinder | 1321 – 1322 |
Islamityske kalinder | 1362 – 1362 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4639 – 4640 己午 – 庚未 |
1943 is in gewoan jier dat begjint mei in freed. (Gregoriaanske kalinder foar 1943.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1940-er jierren.
Foarfallen
bewurkje seksje- 16 jannewaris - Irak ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân, Itaalje en Japan.
- 20 jannewaris - Begjin fan 'e Slach oan de Neretva, ien fan 'e grutste Dútske offinsiven tsjin 'e Joegoslavyske partizanen.
- 22 jannewaris - 1181 pasjinten en 50 personeelsleden fan 'e Joadske psychiatryske ynrjochting Het Apeldoornsche Bosch wurde út Apeldoarn wei nei Auschwitz deportearre.
- 23 jannewaris - Op 'e Konferinsje fan Kasablanka beslute de Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt, de Britske premier Winston Churchill en Sovjet-lieder Josef Stalin ta de ynvaazje fan Sisylje.
- 31 jannewaris-2 febrewaris - Oan it Eastfront wurdt de Slach om Stalingrad beëinige mei in eklatante oerwinning foar de Sovjet-Uny. De Dútske fjildmaarskalk Friedrich Paulus jout him oer mei de restanten fan it Dútske 6e Leger.
- 7 febrewaris - Mei de evakuaasje fan 'e Japanske troepen fan it eilân Guadalcanal, yn 'e Stille Súdsee, komt nei persiis in healjier in ein oan 'e Slach om Guadalcanal.
- 18 febrewaris - Yn München wurdt de Dútske fersetsgroep Die Weiße Rose troch de nazys oprôle.
- 20 febrewaris - De Meksikaanske fulkaan de Paricutin ûntstiet.
- 22 febrewaris - De lieders fan 'e Dútske fersetsgroep Die Weiße Rose, Hans Scholl, syn suster Sophie Scholl en Christoph Probst, wurde stânrjochtlik eksekutearre.
- 28 febrewaris - It Noarske ferset fiert yn Vemork in sabotaazje-aksje út op in fabryk dêr't swierwetter produsearre wurdt. Dêrtroch rint de ûntwikkeling fan in Dútske atoombom slimme fertraging op.
- 2 maart - Mei de oerwinning yn 'e Slach yn de Bismarcksee makket Austraalje it foar de Japanners ûnmooglik om 'e striid op Nij-Guineä fuort te setten.
- 7 april - Bolivia ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân, Itaalje en Japan.
- 10 april - In Kanadeesk patrûljefleantúch stoart del yn Drylts, wêrby't de bemanning de dea fynt.
- 13 april - De Dútsers ûntdekke yn 'e neite fan 'e Russyske stêd Smolensk it massagrêf fan de Moardnerij fan Katyn, dêr't Sovjet-troepen yn 1940 10.000 kriichsfinzen Poalske ofsieren fermoarde hawwe.
- 19 april-16 maaie - By de Opstân yn it Getto fan Warsjau nimme de dêr fêstsittende Joaden de wapens op tsjin 'e Dútske SS-troepen.
- 29 april-3 maaie - Yn Nederlân wurdt de Molkstaking holden út protest tsjin 'e Dútske feroardering dat Nederlânske militêren wer yn kriichsfinzenskip moatte.
- 13 maaie - De lêste Dútske en Italjaanske troepen yn Noard-Afrika jouwe har oer oan 'e Alliëarden. Dêrby wurde 250.000 man kriichsfinzen nommen.
- 13 maaie - De Britske Halifax bommesmiter DT645 wurdt troch in Dútske nachtjager boppe Hjerbeam oansketten en komt del tusken Harns en Achlum. De sân bemanningsleden reitsje dea.
- simmer - Yn noardlik Irak brekt de Trêde Koerdysk-Arabyske Oarloch út.
- 5 july - Oan it Eastfront begjint de Slach by Koersk, de grutste tankslach dy't ea útfochten is.
- 10 july - De westlike Alliëarden fiere ûnder lieding fan 'e Britske fjildmaarskalk Bernard Law Montgomery en de Amerikaanske generaal George S. Patton de ynvaazje fan Sisylje út ûnder de koadenamme Operaasje Husky.
- 25 july - By in steatsgreep wurdt yn Itaalje de faksistyske diktator Benito Mussolini ôfset en finzen nommen. Kening Fiktor Emanuel III stelt in nij regear yn ûnder lieding fan maarskalk Pietro Badoglio. Deselde deis noch begjint de Dútske ynfal yn Itaalje.
- 26 july - Kolombia ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân, Itaalje en Japan.
- 15 augustus - Amerikaanske troepen foltôgje de werovering fan Kiska, it lêste eilân fan 'e Aleoeten (yn Alaska) dat noch yn Japanske hannen wie.
- 23 augustus - De Slach by Koersk, oan it Eastfront, einiget yn in oerwinning foar de Sovjet-Uny. Dit is ien fan 'e grutste en wichtichste Dútske nederlagen út 'e Twadde Wrâldoarloch.
- 3 septimber - It nije regear fan Itaalje slút in wapenstilstân mei de Alliëarden.
- 9 septimber - Britske en Frije Frânske troepen fiere by Salerno in ynfaazje fan it Italjaanske fêstelân út.
- 9 septimber - Perzje ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân, Itaalje en Japan.
- 12 septimber - De earste Frije Frânske troepen lânje op it troch de Italjanen besette Korsika.
- 12 septimber - Dútske kommando's befrije by de saneamde Oerfal yn de Gran Sasso de finzen sette Italjaanske diktator Benito Mussolini.
- 18 septimber - De Italjaanske diktator Benito Mussolini ropt yn Salò de Italjaanske Sosjale Republyk út, dat in Dútske fazalsteatsje sûnder wiere selsstannichheid wurdt.
- 4 oktober - De befrijing fan Korsika troch de Frije Frânsen wurdt foltôge.
- 13 oktober - Itaalje ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân en Japan.
- 14 oktober - By in opstân yn it Dútske ferneatigingskamp Sobibor witte tusken de 300 en 600 Joadske finzenen te ûntsnappen.
- 22 novimber - Libanon ropt de ûnôfhinklikheid út.
- 22-26 novimber - Op 'e Earste Konferinsje fan Kaïro wurde besprekkings fierd troch de Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt, de Britske premier Winston Churchill en de Sineeske diktator Chiang Kai-shek. Der wurdt ôfsprutsen dat Japan nei de oarloch alle gebiet dat it him sûnt 1894 ta-eigene hat, ôfstean moat.
- 1 desimber - Op 'e Konferinsje fan Teheran beslute de Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt, de Britske premier Winston Churchill en Sovjet-lieder Josef Stalin ta in ynvaazje troch de westlike Alliëarden fan West-Jeropa.
- 4-6 desimber - Op 'e Twadde Konferinsje fan Kaïro fiere de Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt en de Britske premier Winston Churchill besprekkings mei de Turkske presidint İsmet İnönü.
- 29 desimber - It Sudertrimdiel fan Ljouwerteradiel giet oer nei de gemeente Ljouwert.
- datum ûnbekend - De hiele Bibel wurdt foar it earst útjûn yn in Frysktalige oersetting fan 'e hân fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma.
Berne
bewurkje seksje- jannewaris
- 6 - W. Richard West jr., Amerikaansk abbekaat, aktivist en museumdirekteur
- 13 - Johan Habekothé, Frysk waarman († 2023)
- 19 - prinsesse Margriet fan de Nederlannen
- 19 - Janis Joplin, Amerikaansk sjongster († 1970)
- 20 - Herman Rouwé, Frysk roeier
- 24 - Pieter Barteld Kooi, Nederlânsk argeolooch († 2020)
- 24 - Sharon Tate, Amerikaansk aktrise († 1969)
- 26 - Peter Vassilev, Bulgaarsk-Frysk keunstskilder († 2011)
- febrewaris
- 4 - Hannah Ludwig, Frysk sjoernaliste, dichteresse en politika († 2013)
- 7 - Rommert Tjeerdsma, Frysk skriuwer
- 9 - Jonny Nilsson, Sweedsk reedrider († 2022)
- 10 - Sytse Hotzes Buwalda, Biltsk taalkundige en oersetter
- 21 - Jan Lukas Eggens, Nederlânsk politikus († 2015)
- 25 - George Harrison, Ingelsk gitarist († 2001)
- 26 - Johnny Höglin, Sweedsk reedrider
- 28 - Hans Dijkstal, Nederlânsk politikus († 2010)
- maart
- 2 - Peter Straub, Amerikaansk skriuwer († 2022)
- 3 - Aeronwy Thomas, Welsk skriuwster en oersetter († 2009)
- 9 - Bobby Fischer, Amerikaansk-Yslânsk skaker († 2008)
- 15 - Pim van Lommel, Nederlânsk kardiolooch, ûndersiker en publisist
- 27 - Grant McCune, Amerikaansk special effects-technikus († 2010)
- 29 - Vangelis, Gryksk muzikant en komponist († 2022)
- 31 - Matthijs Röling, Nederlânske keunstskilder († 2024)
- april
- 15 - Riem de Wolff, Nederlânsk sjonger en muzikant († 2017)
- 15 - Mighty Sam McClain, Amerikaansk sjonger († 2015)
- 17 - Jo Bosma, Frysk politikus († 2015)
- 21 - Cisca Dresselhuys, Nederlânsk sjoernaliste en feministe
- 27 - Tamme Velstra, Frysk keatser
- maaie
- 1 - Claude Auclair, Frânsk striptekener († 1990)
- 7 - Jitse Sikkema, Frysk byldzjend keunstner
- 9 - Chriet Titulaer, Nederlânsk astronoom en presintator († 2017)
- 11 - Lieuwe Brink, Frysk sportbestjoerder († 2010)
- 12 - Hugo Camps, Flaamsk skriuwer en sjoernalist († 2022)
- 16 - Hank Adams, Amerikaansk minskerjochte-aktivist († 2020)
- 16 - Wieteke van Dort, Nederlânsk aktrise († 2024)
- 20 - Roel Bokke Span, Frysk fierljepper en reedrider
- 20 - Peter B. van Houten, Frysk byldzjend keunstner
- juny
- 2 - John Lilipaly, Nederlânsk politikus († 2022)
- 7 - Rienk de Haan, Frysk taalkundige († 2018)
- 14 - Piet Keizer, Nederlânsk fuotballer († 2017)
- 15 - Johnny Hallyday, Frânsk sjonger en akteur († 2017)
- 25 - Tonny Ferwerda, Frysk reedrider
- 26 - Foppe de Haan, Frysk fuotbaltrener
- 27 - Harm Ottenbros, Nederlânsk hurdfytser († 2022)
- july
- 3 - Judith Durham, Australysk sjongeres († 2022)
- 12 - Driek van Wissen, Nederlânsk dichter († 2010)
- 12 - Christine McVie, Ingelsk sjongeres en toetsenist († 2022)
- 23 - Tony Joe White, Amerikaansk muzikant en sjonger († 2018)
- 26 - Mick Jagger, Ingelsk sjonger
- 28 - Akky van der Veer, Frysk skriuwster († 2019)
- 28 - Richard Wright, Ingelsk toetsenist († 2008)
- 31 - Johan Frieswijk, Frysk skiedkundige († 2024)
- augustus
- 14 - Herman Vanspringel Belgysk hurdfytser († 2022)
- 15 - Willem Tjerkstra, Frysk skriuwer
- 17 - Robert De Niro, Amerikaansk akteur
- 17 - Mikola Sjmatko, Oekraynsk byldhouwer († 2020)
- septimber
- 6 - Roger Waters, Ingelsk bassist en lietsjeskriuwer
- 8 - Marnix Kappers, Nederlânsk akteur en presintator († 2016)
- 29 - Lech Wałęsa, presidint fan Poalen
- oktober
- 18 - Allard Schuilinga, Frysk politikus († 2020)
- 22 - Jim Baen, Amerikaansk útjouwer († 2006)
- 22 - Seif Sharif Hamad, Tanzaniaansk politikus
- 24 - Maarten van Rossem, Nederlânsk histoarikus
- novimber
- 2 - Rienk Onsman, Frysk fuotballer († 2011)
- 16 - Juan Giménez, Argentynske striptekener († 2020)
- desimber
- 12 - Gerrit Offringa, Fryske keunstner en filosoof († 2019)
- 22 - Jurjen van der Kooi, Frysk folklorist († 2018)
- 29 - Ulke Brolsma, Frysk skriuwer
- datum ûnbekend
- Peter DePoe, Amerikaansk muzikant
- N!xau ǂToma, Namibysk akteur († 2003)
- Jan Riedstra, Frysk ûndernimmer en sportbestjoerder († 2009)
Ferstoarn
bewurkje seksje- 4 febrewaris - Johannes Antonie Visscher, Nederlânsk dûmny en sosjaal aktivist (* 1876)
- 22 febrewaris - Nyckle Haisma, Frysk skriuwer (* 1907)
- 12 maart - Gustav Vigeland, Noarsk byldhouwer (* 1869)
- 5 maaie - Jan Eisenga, Frysk ûnderwizer, skriuwer en dichter (* 1908)
- 12 juny - Johan Burgers, Nederlânsk dieretúndirekteur (* 1870)
- 22 juny - Aafke Komter-Kuipers, Nederlânsk pianiste, komponiste en musikologe (* 1876)
- 28 juny - Philipp Heck, Dútsk jurist en rjochtshistoarikus (* 1858)
- 24 july - Émile Hamonic, Bretonsk útjouwer en fotograaf (* 1861)
- 2 septimber - Pieter Baukes Yetsenga, Frysk keatser (* 1865)
- 4 novimber - Taeke Schuilenga, Frysk ûndernimmer en slachtoffer fan Aksje Sulverdin (* 1878)
- 22 desimber - Beatrix Potter, Ingelsk berneboekeskriuwster (* 1866)
Literatuer
bewurkje seksje- novelles
- Antoine de Saint-Exupéry, Le Petit Prince (oerset yn it Frysk as De Lytse Prins)
- koarte ferhalen
- ferhalebondels
- Ulbe van Houten, De Rook fan it Lân
- Douwe Tamminga nei Hans Christian Andersen, Andersen's Folksforhalen en Mearkes
- lietebondels
- ——, Fryslân Sjongt
Films
bewurkje seksje
Jierren: | 1938 | 1939 | 1940 | 1941 | 1942 | 1943 | 1944 | 1945 | 1946 | 1947 | 1948 |
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|