Aafke Komter-Kuipers

Aafke Komter-Kuipers (Rotterdam, 16 april 1876 - Laren (Noard-Hollân), 22 juny 1943) wie in pianiste, komponiste in musikologe. Sy waard berne út Fryske âlden.

Libben en wurk

bewurkje seksje

Aafke Komter-Kuipers studearre piano by Anton Verhey en Fred Lamond en letter noch in jier by François Adolphe Wouters oan it Brusselsk Konservatoarium. Op 14 maaie 1902 debutearre sy as solopianiste by it Utertsk Steedlik Orkest mei de 'Burleske yn d' fan Richard Strauss.

Komter wie pleitbesoarger foar 17e iuwske barokmuzyk en klavesimbel. Sy hie benammen in soad omtinken foar it muzyklibben yn Fryslân yn dy tiid. Yn 1935 publisearre sy it boekje 'Muzyk yn Fryslân oant 1800'. Sy wie ien fan de earsten dy't besocht op wurk fan Jaques Vredeman te rekonstruearjen. Yn 1937 joech hja fiif lieten fan Constantijn Huygens út. Komter komponearre sels ek, bygelyks de lieten Trije stimmingsbylden út Gaasterlân op teksten fan A. Huizinga-Waaijer en Doe’t ik dy seach op in gedicht fan Ype Poortinga. Sy bewurke tsien lieten fan Gysbert Japiks, teksten fan Fedde Schurer en Jelle Hendriks Brouwer en skreau muzykhistoaryske publikaasjes yn periodiken.

Yn 1938 waard se lid fan de krekt oprjochte Fryske Akademy, it jier dat se ek te lijen krige fan in hertsykte en it kalmer oan dwaan moast.

Aafke Komter wie troud mei de keunstskilder fan Ljouwerter komôf Douwe Komter, sy krigen trije bern.

Keppelingen om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: