Barokmuzyk is in foarm fan westerske klassike muzyk, ûntstien yn de Barok.

As styl wie it de opfolger fan de renêssânsemuzyk. De perioade dêr't benammen barokmuzyk yn komponearre waard wurdt pleatst tusken sawat 1600 (it opkommen fan de monody, ûnder oare troch Monteverdi) en 1750, it jier fan ferstjerren fan Johann Sebastian Bach.

Jacob Burckhardt brûkte yn 1855 as earste de term barok om in beskate stylperioade yn de keunst oan te tsjutten. In goed heale iuw letter wurke Alois Riegl de stylskaaimerken fierder út yn syn boek Die Entstehung der Barockkunst in Rom.

De barokmuzyk koe yn it bysûnder bedije troch de bloeiende muzykkultuer by ferskate Jeropeeske foarstehôven. In soad rike lju fan oansjen hiene muzisy/komponisten yn tsjinst en/of fungearren as har mecenas. In soad heechtijdagen en festiviteiten waarden opfleure troch spesjaal foar dy gelegenheid yn opdracht komponearre stikken. Ek foar tsjerklike earetsjinsten waarden yn it tiidrek fan de barok nije muzykfoarmen stal jûn.

Skaaimerken fan barokmuzyk

bewurkje seksje

Skaaimerken fan barokmuzyk binne ûnder oare:

Muzykynstruminten

bewurkje seksje

Foarmen fan barokmuzyk

bewurkje seksje

Foarmen fan barokmuzyk binne ûnder oare:

Komponisten fan barokmuzyk

bewurkje seksje

(neffens bertejier)

Ynterpreten fan barokmuzyk

bewurkje seksje

Solisten/diriginten

bewurkje seksje