Arcangelo Corelli

Arcangelo Corelli (Fusignano (Imola),17 febrewaris 1653 - Rome, 8 jannewaris 1713) wie in Italjaansk fioelist, komponist en muzyklearaar.

Arcangelo Corelli

Hy studearre yn Bologna en om 1685 hinne ferhuze er nei Rome, dêr't ewr syn earste sonates foar fioele publisearre. Hy wenne dêr yn it paleis fan syn beskermhear kardinaal Pietro Ottoboni. Corelli besocht ek Modena en Napels. Hy dirigearre yn it Romeinske ferbliuw fan Kristina fan Sweden en hie in protte studinten, dêr't Francesco Geminiani en Pietro Locatelli ûnder wienen. Corelli syn wurk wie tige populêr yn hiel Europa.

Corelli syn oeuvre bestiet ûnder oaren út in searje konserti grossi, keamersonates ensaf..

De Russyske komponist en pianist S. Rachmaninov (1873-1943) komponearre it wurk Fariaaasjes op in tema fan Corelli, dat in oantal fariaasjes foar piano op it ferneamde La Folia tema út Corelli's fioelsonate op. 5 no. 12 hat. Rachmaninov wie net de lêste dy't dat tema bewurke hat.

Keppelings om utens

bewurkje seksje
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Arcangelo Corelli fan Wikimedia Commons.