Napels

(Trochferwiisd fan Napels (stêd))

Napels (Italjaansk: Napoli; Napolitaansk: Napule) is de tredde stêd fan Itaalje, en de grutste fan Mezzogiorno (Súd-Itaalje). Napels is ek haadstêd fan de Kampanje (Campania) en fan de provinsje Napels. Yn en om de stêd hinne wenje sa'n 3 miljoen minsken.

Napels
MontageofNaples.jpg
Flagge Wapen
Flag of Naples.svg Napoli-Stemma.svg
Sifers
Ynwennertal 1.061.644 (2012)
Oerflak 117,27 km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens 8.454 / km²
Stêdekloft 989.111 (2013)
Hichte 17 m
Polityk
Lân Flag of Italy.svg Itaalje
Provinsje Napels
Regio Kampanje
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside Offisjeel webstee
1rightarrow.png Dizze side giet oer de stêd yn Itaalje. Foar oare betsjuttings, sjoch: Napels (betsjuttingsside).

Napels beskikt oer in rike skiednis, keunst en kultuer, in wrâldferneamde keuken en in eigen dialekt, it Napolitaansk.

LizzingBewurkje

Napels leit oan see, oan de Golf fan Napels. Fan de stêd ôf kin men oer it wetter de fulkaan de Fesuvius lizzen sjen, dêr't oan de foet de ruïnes fan Pompei en Herkulaneum lizze.

Ferneamde keukenBewurkje

Op it mêd fan iten en drinken nimt Napels in foaroansteande posysje yn. In protte typyske Italjaanske gerjochten komme út dizze stêd, lykas pizza, Italjaansk iis, espresso en spagetty.

Keppeling om utensBewurkje