Pietro Locatelli
Pietro Antonio Locatelli (Bergamo, 3 septimber 1695 – Amsterdam, 30 maart 1764) wie in Italjaanse komponist en fioelist út de Barokperioade.
Hy studearre yn Rome by Giuseppe Valentini (1681-1747). Nei in oantal konsertreizen troch Frankryk en Dútslân festige Locatelli him yn 1729 in Amsterdam, dêr't fioeleles joech, Italjaanse snaren ferkocht en muzykútjouwer wie. Hy late yn Amsterdam ek in Collegium Musicum, dat út begoedige muzykleafhawwers bestie, foar wa't er ek komponearre.
Locatelli wie in firtuoas fioelist en it measte fan syn wurk is ek foar fioele skreaun.
Syn meast wichtige publikaasje is faaks de Arte del violino, opus 3, in bondel fan tolve concerti foar fioele en orkest. Dy bondel hat 20 technysk tige moeilike kaprissio's foar solofioele. Dy koene as grutte kadins spile wurde. Tsjintwurdich wurde dy kaprissio's meast apart útfierd.
Fierders hat er fioelesonates, konserti grossi en in bondel sonates foar fluit (opus 2) skreaun. Locatelli wreide de besetting fan it Konserto Grosso út fan in trio, besteande út twa fioelen en in sello, ta in kwartet. It kwartet bestiet út twa fioelen, in altfioele en in sello.
Syn betide komposysjes litte ynfloeden sjen fan Arcangelo Corelli, fan wa't er in learling wie; letter kin syn styl mear ferglike wurden mei dy fan Antonio Vivaldi. Hy wie in tiidgenoat fan Jean-Marie Leclair, mei wa't er wol tegearre spile, ûnder oaren yn Londen en oan it hof fan Kassel, en wa't er ek fioeleles joech doe't Leclair yn Hollân wie yn 1738-1743. Neffens de oerlevering spile Leclair "as in ingel" en Locatelli "as in duvel".
De 24 Kaprissi út syn "L'Arte del violino" op.3 kinne as in yndirekte foarrinner fan de 24 Kaprissi op.1 fan Niccolò Paganini beskôge wurde. Hjoeddedei hâldt de Fondazione Pietro Antonio Locatelli, dy't yn Cremona festige is, har dwaande mei de erfenis fan dizze Italjaanske fioelfirtuoas.
Wurk fan Locatelli
bewurkje seksje- Opus 1 - 1721: 12 konserti grossi
- Opus 2 - 1732: 12 sonates foar fluit en basso continuo
- Opus 3 - 1733: L’Arte del violino – 12 fioelekonserten en 24 kaprissi foar fioelsolo
- Opus 4 - 1735: 6 ouvertures mei 6 konserti grossi
- Opus 5 - 1736: 6 triosonates
- Opus 6 - 1737: 12 sonates foar fioele en mei basso kontinuo
- Opus 7 - 1741: 6 konserti grossi
- Opus 8 - 1744: 6 fioelesonates en 4 triosonates
- Opus 9 - 1762: 6 konserti grossi
- Fierders hat Locatelli noch losse sonates foar sello, fluit en fioele skreaun.