De blokfluit (of bekfluit) is in blaasynstrumint mei in labium. It labium sit efter it blok dat yn in silindryske buis skood wurdt (dêrom de namme blok-fluit).

Tenoar, alt, sopraan, sopranino

Fluiten yn it algemien binne tige âld. In soad kultueren hawwe har eigen farianten lykas de dvojnice út Dalmaatsje, in dûbeldfluit. Fluiten komme út de prehistoarje en koene op twa wizen oanblaasd wurde: rjocht en dwers. Beide ferzjes hawwe foar 't neist oarspronklik in fingersetting hân dy't op seis fingergatten basearre wie, lykas dat hjoed de dei by de Ierske pennywhistle noch hieltyd sa is. Ek de traverso sa't dy fóár de útfining fan de moderne dwersfluit troch Theoblad Böhm boud waard wie op dat ûntwerp basearre.

De echte blokfluit ûnderskiedt him fan it seis-gatte-ûntwerp trochdat er in tommegat foar de loftertomme hat en gauris in achtste gat foar de rjochterpink. Dat ûntwerp is dúdlik in stik jonger. De foarrinners fan de moderne blokfluit komme mooglik út de 14e iuw. Se wurde lykwols earst echt -mar dan ek hiel bot- populêr fan 1500 ôf. Dat hie te krijen mei it opkommen fan de begoedige boargerij en it fersprieden fan muzyk yn printe foarm.

Yn 1511 en 1535 komme de earste boeken oer blokfluit út fan respektivelik Sebastian Virdung en Silvestro Ganassi.

De populariteit fan it ynstrumint sette troch oant de 19e iuw. Yn it grutte orkest fan dy tiid mei muzyk dy't sterk modulearre nei dreech te spyljen toansoarten wie gjin plak mear foar de blokfluit.

Blokfluit-famylje

bewurkje seksje
 
Paetzoldblokfluiten, de rjochter is orzjineel

Blokfluiten binne der yn tige ferskillende soarten en ôfmjittings, de lingte kin fan 10 sm oant sa'n 320 sm fariearje. In soad fan dy blokfluiten krije in ferhege toan (ien oktaaf heger as de grûntoan) as se oerblaasd wurde. In C 1 strepe, wurdt dan in C 2 strepe. Dat effekt krijt men troch (te) fûl te blazen.

beneaming toansoarte lingte
Gar lyts flötlein C 10 sm
Sopraninoblokfluit F 20 sm
Sopraanblokfluit C 34 sm
Altblokfluit F 48 sm
Tenoarblokfluit C
Basblokfluit F
Grutbasblokfluit C
Kontrabasblokfluit F

Grutste blokfluit

bewurkje seksje

De grutst blokfluit fan de wrâld is makke troch de Nederlânske blokfluitbouwer Adriana Breukink. Meiïnoar hat se trije makke; der wurde twa yn Nederlân brûkt en ien yn Belgje. In ôfbylding fan dy reuzeblokfluit is te sjen op de Nederlânske Blokfluitside.

Ek de Slowaakske Furulja is mânselheech.

De blokfluit wurdt meast fan hout makke. De brûkte houtsoarten binne sêfte Jeropeeske houtsoarten (parrehout, prûmehout, eskdoarn, ahorn, olivehout, nutehout, buksus/palmhout) of hurde tropyske soarten (palissander, cocobolo, roazehout, ebbehout, Coromandel, grenadille, bubinga, West-Indyske buksus). De priis fan it ynstrumint hinget ûnder oare ôf fan it brûkte hout.

Goedkeape blokfluiten wurde ek makke fan plestik, wat in tal foardielen hat as it giet om suverens en net lêst hawwen fan focht. Plestik blokfluiten binne sa goed as frij fan ûnderhâld en wurde yn kwaliteit allinnich troch folle djoerdere houten fluiten de loef stutsen.

Fluiten kinne ek fan oare materialen makke wurde lykas glês, mar soks is meast in rariteit.

It bespyljen

bewurkje seksje

In blokfluit hat acht gatten (sûnder dûbelde boarring), sân oan de boppekant en ien oan de ûnderkant. Oan de ûnderkant sit it tommegat dat hielendal of heal iepen dien wurde kin om hegere toanen te meitsjen. De ûnderste twa gatten oan de boppekant binne gauris dûbel útfierd om it foar rin part ôfsluten fan in toangat makliker te meitsjen, en dêrmei it spyljen fan toanljedder-frjemde toanen.

In blokfluit hat in Dútske boarring ('gewoane' fingersetting) of barokboarring ('barok' fingersetting). Guon lju riede de gewoane fingersetting oan om muzyk oan te learen en om blokfluitspyljen te learen. De spiler dy't fierder is kiest meast foar de blokfluit mei barokboarring.

Op de blokfluit wurdt meast barokmuzyk spile, mar der is ek in soad âldere muzyk en in soad modernere muzyk foar dit ynstrumint skreaun. In blokfluit komt net yn in symfony-orkest foar, mar gauris wol yn in barokorkest. Fierder wurdt it ynstrumint faak solo brûkt of mei begelieding fan piano. Ek binne der by't soad blokfluittrio's en -kwartetten, dêr't it Amsterdamske Loeki Stardust Kwartet in goed foarbyld fan is.

Stikken foar blokfluit

bewurkje seksje

Foarbylden fan stikken foar blokfluit:

Histoaryske blokfluitbouwers

bewurkje seksje

Hjirûnder folget in list fan bekende blokfluitbouwers út de 16e oant 18e iuw.

Keppelings om utens

bewurkje seksje