In symfony is in komposysje foar orkest (benammen in symfonyorkest), dy't yn prinsipe út mear as ien part bestiet, en dêr't oars as yn it konsert gjin ynstrumint in spesjale solorol yn hat. It sjenre hat in lange skiednis en in grut prestiizje.

Achtste symfony fan Mahler yn de Kölner Philharmonie

It wurd symfony komt fan it Grykske symphonia, dat letterlik 'mei-inoarklinken' betsjut. It idee dêrefter is dat alle ynstruminten dy't it wurk foarskriuwt, oan it begjin tagelyk te hearren binne. Earder hie it wurd in tal oare betsjuttings yn de muzyk. Sa om 1700 hinne waard sinfonia yn it Italjaansk de gebrûklike namme foar in ûvertuere: it ynstrumintale begjin fan in opera, kantate of oare fokale komposysje.

Barok en rokoko

bewurkje seksje

Sa oan de ein fan 'e barok waarden der foar it earst selsstannige symfonyen skreaun. Dy folgen yn 'e regel it patroan fluch - stadich - fluch, eat dat foar de Italjaanske ûvertuere gewoan wie. De trije dielen kinne sûnder ûnderbrekking spile wurde, mar yn 'e rin fan 'e tiid waarden trije losse dielen gewoaner. It lêste diel wie bytiden in menuët. Sa ûntjoech de symfony him yn 'e rokoko fierder, by komponisten lykas Giovanni Battista Sammartini, Georg Christoph Wagenseil, Matthias Georg Monn en Johann en Carl Stamitz (heit en soan). De âlde Stamitz is grûnlizzer fan wat de Mannheimer Skoalle neamd wurdt, in tige ynfloedrike groep komponisten fan ynstrumintale muzyk.

Klassike tiid

bewurkje seksje

Yn it klassike tiidrek waard it sjenre folle populêrder. Dat wie foaral de fertsjinste fan Joseph Haydn, dy't de earder sa wenstich pretensjeuze symfony tige serieus naam. Hy soe der úteinlik 106 komponearje. By Haydn waard it ek normaal, dat symfonyen in menuët en in fluch eindiel hiene; se krigen dus fjouwer dielen. Haydn syn styl fûn yn gâns Europa neifolging, ek by Wolfgang Amadeus Mozart, fan wa't de lêste trije symfonyen as grutte masterwurken jilde.

Romantyske tiid

bewurkje seksje

De natuerlike opfolger fan Haydn wie Ludwig van Beethoven. Foar him wie de symfony, njonken it strykkwartet en de pianosonate, it sjenre dêr't er it measte kreative omtinken oan joech. Hy skreau 'mar' njoggen folsleine symfonyen (al begûn er oan tsientallen), mar hast eltse symfony dy't er komponearre wie in nije muzikale revolúsje.

Nei Beethoven rekke de symfony, yn elts gefal yn Dútslân, in bytsje yn it neigean. Komponisten lykas Felix Mendelssohn en Robert Schumann skreaune al symfonyen, mar dy wurde hjoed net mear as masterwurken beskôge en binne ek net sa wichtich yn harren folsleine wurk. Wichtiger foar de ûntjouwing fan 'e symfony is de Frânsman Hector Berlioz, dy't yn syn Symphonie phantastique it sjenre definityf de Romantyk yn brocht en út syn formele bannen befrijde. Joachim Raff soe ek net fergetten wurde moatte, in neifolger fan Mendelssohn waans wurk yn syn tiid in soad spile waard.

Pas yn de twadde helte fan de njoggentjinde iuw slagge it de komponisten, út it skaad fan Beethoven wei te kommen. Johannes Brahms, dy't pas yn de âldens fan 43 jier syn earste symfony skreau, brûkte in sterk klassisistyske styl. Dat kin net sein wurde fan Anton Bruckner, ek al in letbloeier, dy't mei syn njoggen ripe symfonyen de ynfloed fan ûnder mear Wagner in plak joech. Ek yn Ruslân kaam it sjenre op, sawol by Pjotr Iljitsj Tsjaikovski as by it Machtige Heapke (Nikolaj Rymski-Korsakov, Aleksander Borodin).

Letromantyske, modernistyske en postmodernistyske tiid

bewurkje seksje

Yn de Letromantyk waard Gustav Mahler de grutte master fan de symfony. Hy liet de âlde, út de klassike tiid oerbleaune foarmen alhiel los. Gauris frege er in grut orkest fan hûnderten muzikanten en ek wol sjongers. It gebrûk fan sjongers yn de benammen ynstrumintale symfony waard sa no en dan troch Beethoven ek dien yn syn njoggende symfony.

Nei de Earste Wrâldkriich kaam it neoklassisisme yn 'e moade. In soad komponisten namen de achttjinde iuw as foarbyld en kombinearren in moderne klank mei kleare strukturen, beskieden proporsjes en lytsere orkesten. As foarbyld kinne de symfonyen tsjinje fan Igor Stravinsky, Sergej Prokofjev, Paul Hindemith, Albert Roussel en Anton Webern.

Nei de Twadde Wrâldkriich waard it in oar ferhaal. Foar de avant-garde fan dy jierren, dy't sa radikaal mooglik mei it ferline brekke woe, wie de symfony net modern genôch mear. It wurk dat hja foar orkest skreaune, neamden se almeast net 'symfony'. Wol levere dy tiid noch de Turangalîla-symphonie fan Olivier Messiaen op, en de Sinfonia fan Luciano Berio, dy't net sa ikonoklastysk is. Yn de Sovjet-Uny, dêr't troch de steat de avant-garde ferbean waard, skreaune masters lykas Dmitri Sjostakovitsj al noch symfonyen.

Mei it oanbrekken fan it postmodernisme en de neotradisjonele komposysjemetoden kaam de symfony ek yn it Westen werom. It neamen wurdich is ûnder mear it wurk fan de Amerikaan Philip Glass en de Poal Krzysztof Penderecki.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch References, Sources en Further Reading op dizze side.