Muzykynstrumint
In muzykynstrumint is in konstruksje dy't út in hiel ferskaat fan materialen makke wêze kin, bedoeld om muzyk mei te meitsjen.
Muzykynstruminten kinne muzikologysk oan de hân fan de wize wêrop 't it lûd ta stân brocht wurdt, yndield wurde:
- Aerofoanen blaasynstruminten: triljende luchtkolom (fluit, trompet, ensfh.)
- Chordofoanen snaarynstruminten: triljen fan snaren (fioele, gitaar, Piano, ensfh.)
- Idiofoanen slachwurk: triljen fan klankryk materiaal (ksylofoan, klok ensfh.)
- Membranofoanen slachwurk: triljen fan fel/membraan (trommels)
- Elektrofoanen Elektroanysk/automatysk (synthesizer)
In oare wize fan yndielen dy't in soad brûkt wurdt is de yndieling nei wize fan bespyljen:
De klassike muzykynstruminten út it symfony-orkest wurde yn de praktyk yn famyljes ûnderbrocht, yn folchoarder fan de partituer:
- Houtblazers sjoch ek: houtblaasynstrumint.
- Koperblazers sjoch ek: Koperblaasynstrumint.
- Slachwurk
- Harp
- Strikers
It Metropolitan Museum of Art yn New York City hat in grutte kolleksje muzykynstruminten
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|