Strykynstrumint
Strykynstruminten binne muzykynstruminten dy't bespile wurde mei help fan in strykstôk. De measte strykynstruminten hearre by de snaarynstruminten, mar in útsûndering dêrop is bygelyks de sjongende seage dy't wol mei in strykstôk bespile wurdt, mar gjin snaren hat.
Klassike foarbylden fan strykynstruminten binne: de fioele, altfioele, sello en kontrabas. De fioele, altfioele en sello binne stimd yn saneamde reine kwinten, de kontrabas lykwols, ôfkomstich út de gitaar-famylje, dêrneffens yn reine kwarten.
Wize fan bespyljen
bewurkje seksjeYn strykynstruminten mei snaren wurde ferskillende toanhichtes makke troch it pleatsen fan de fingers op de snaren. Hoe fierder de finger nei de útein fan de hals set, hoe leger de toan.
De snaren kinne op ferskillende wize ta klinken brocht wurde:
- arco - snaren bestrike mei in strykstôk;
- pizzicato - tokkelje mei de fingers;
- Bartok-pizzicato - sa fûl oan de snaren lûke dat se by it loslitten tsjin it hout fan de toets slaan. Béla Bartók paste dat foar it earste ta yn syn strykkwartetten;
- con sordino - mei in dimper op 'e kaam;
- col legno - mei it hout fan de stôk strike (komselden tapast);
- Flageolet - technyk wêrby't de spiler mei de iene hân in finger sêft tsjin de snaar hâldt (sûnder dy tsjin de toets te drukken), sadat by it oanstrikenin eigenfrekwinsje fan de snaar klinkt.
In wize wêrop't de klankkleur beynfloede wurde kin is it tapassen fan fibrato, it trilje litten fan de hân dy't de toanhichten op de snaar makket, sûnder dat dy ferskoot. It tapassen fan in oerfloed oan fibrato op hast elke noat wurdt foaral assosjearre mei Romantyske muzyk, dochs is it sa dat oant en mei de earste desennia fan de 20e iuw (doe't de Romantyske perioade yn de muzyk al oer wie) fibrato allinnich sjoen waard as in ekspresjemiddel om beskate noaten mear klam of in oare kleur as oaren te jaan. De gewoante om sa goed as elke noat in fibrato mei te jaan, lykas dêrnei yn sa goed as alle symfoanyske orkesten húsriem waard, wurdt fan it begjin fan de tweintichste iuw sels by de útfiering fan it romantyske muzykrepertoire net altyd mear tapast.
By in sjongende seage wurde toanhichte-ferskillen makke troch it mear of minder trochbûge litten fan it seachblêd: mear trochbûgen fan it blêd jout it metaal mear spanning sadat dat heger klinke sil. Mei't it net goed mooglik is dy spanning sekuer konstant te hâlden, sil in sjongende seage hoe dan ek in natuerlik fibrato hearre litte.