Elektrofoanen
Elektrofoanen binne muzykynstruminten dy't har lûdsproduksje te tankjen ha oan de elektroanika. In soad modere elektrofoanen wurde bespile mei in klavier dat in kompjûter ynformaasje jout oer de te spyljen toan.
Skiednis
bewurkje seksjeEin 19de, begjin 20ste iuw
bewurkje seksjeFerskate ynstruminten wurde neamd as earste elektroanysk ynstrumint, de wierheid is dat men al nei geraden de fyzje en definysje, hieltyd in oar ynstrumint oantsjutte kin. In wichtich ier elektroanysk ynstrumint wie it Teleharmoanium of Telharmoanium, stal jûn troch Thaddeus Cahill yn 1897. It brûken fan it Teleharmoanium waard troch in simpele reden opkeard: it ynstrumint wie sa'n sân ton en wie sa grut as in spoarwein. Yn 1913 ûntwurp de futurist Luigi Russolo elektroanyske masines. As ien fan de earste praktyske elektroanyske ynstruminten wurdt de Theremin neamd, útfûn troch profester Léon Theremin om 1919-1920 hinne. In oar ier elektroanysk ynstrumint wie it Ondes-Martenot, dat ûnder oare troch Olivier Messiaen brûkt waard yn de Turangalîla-Symfony, en ek troch oare, benammen Frânske, komponisten, lykas André Jolivet.