Aerofoan
In aerofoan is in muzykynstrumint dat foar it meitsjen fan lûd in luchtstream nedich hat; technysk sjoen ûntstiet by in aerofoan de klank troch triljende lucht yn in buis. Se foarmje ien fan de fjouwer oarspronklike groepen yn de klassifikaasje fan Hornbostel-Sachs.
Fierwei de measte aerofoanen binne dêrom blaasynstruminten. In piipoargel en wynoargel binne wol aerofoan mar gjin blaasynstrumint. In snoarrebonke (snorrebot) jout lûd troch it yn de loft rûn te slingerjen, wylst der fan blazen gjin sprake is.
Aerofoanen wurde sa yndield:
- 4.1 mei doel rjochte smelle luchtstream:
- 4.1-1 Fluiten (dwarsfluit, blokfluit)
- 4.1-2 Hoarns en trompetten (hoarn, tromboane)
- 4.1-3 Skalmeien (hobo, klarinet, saksofoan)
- 4.2 frije relatyf brede luchtstream
- 4.2-1 net mei doel rjochte luchtstream efter de trillingsboarne (akkordeon, harmoanium, minsklike stim)
- 4.2-2 foar en efter de trillingsboarne net mei doel rjochte (swypslach, snoarrebonke)