Rokoko is in Europeeske stylperioade dy't duorre fan ±1720 oant ±1775. De namme is in gearfoeging fan it Frânske rocaille, in asymmetrysk skulpmotyf dat yn de 18e iuw fûn wurdt yn benammen tapaste keunst, en it Italjaanske barocco, dat barok betsjut.

Rokoko-ynterieur (Ottobeuren)

Rokoko ûntstie yn Frankryk en wreide him foaral út nei Súd-Dútslân. Om 1760 hinne krijt men syn nocht fan dizze frivoale styl dy't dan wer plak meitsje moat foar in ta nij libben kommend klassisisme.

Dekoraasje bewurkje seksje

Asymmetry is in wichtich Rokoko-skaaimerk, de klam leit op sierlikens en it leaflike- loftige karakter. It kleurgebrûk is út soarte sêft, faak yn pasteltinten.

Wat dekoraasje oanbelanget wurdt de Barok fuortset yn de Rokoko, mar it wurdt fragmintarysker en lytsskaliger. Monumintaliteit makket plak foar lossere foarmen, fleurigens en frivoliteit; de ûnderwerpen wurde minder earnstich. Dit falt tagelyk mei in minder strange sosjale en morele koade yn de doetiidske mienskip, alteast yn de boppelaach.

Muzyk bewurkje seksje

Yn de muzykskiednis is Rokoko de styl dy't fuortkaam út de Barokmuzyk. Rokoko hat yntime keamermuzyk, tige ferfine opkreaze. Bekende rokoko-komponisten wienen:

Literatuer bewurkje seksje

Keppelings om utens bewurkje seksje

 
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Rococo