Laren (Noard-Hollân)
Laren is in plak en gemeente yn de Nederlânske provinsje Noard-Hollân. (Van Larelcarspell, Laoren, Laaren nei de namme Laren, in 'Laar' is in iepen plak yn de bosk.) De gemeente, dy't oprjochte waard yn 1817, telt ynwenners (11.342 ynwenners (1 jannewaris 2010, boarne: CBS) en hat in oerflakte fan 12,37 km² (wêrfan 0,19 km² wetter). Binnen de gemeentegrinzen lizze gjin oare kearnen. Fanâlds is it in brink- of esdoarp.
SkiednisBewurkje
Laren is ien fan de âldst beboude plakken yn it Goai. It alderearste folk dat der wenne wie it trachter-bekerfolk. (Omtrint 2500 f.Kr.) Letter kamen der minsken fan Frysk-Saksyske oarsprong te wenjen. Yn 1085 stifte de biskop fan Utert it kapittel Sint Jan op de heuvel dy't no bekend is as Sint Janstsjerkhôf. Nei it stee fan dizze kapel en begraafplak rinne fan âlds Goaiske lykwegen út alle rjochtingen.
Laren hat in boeredoarp west, mar ek de weefyndustry naam in wichtich plak yn. Nei it oanlizzen fan de tramline fan Hilfertsom nei Amsterdam (de Gooise Moordenaar) yn 1892 is Laren ek in keunstners- en forinsedoarp wurden.
Yn de 19e iuw waarden de Goaiske doarpen ûntdutsen troch keunstners dêr't letter de Larenske Skoalle út fuortkomme soe. Inkelde bekende keunstskilders dy't yn Laren taholden wienen Anton Mauve (learmaster fan Vincent van Gogh), Jan Sluijters en Ferdinand Hart Nibbrig.
Sûnt ein jierren 1980 is Laren fral in forinsedoarp wurden foar de 'nije riken' (nouveau riche). Yn de doarpskearn binne noch ferskate pleatsen dêr't lykwols net mear buorke wurdt.
MuseumBewurkje
Yn 1911 festige de Amerikaanske skilder en keunstsamler William H. Singer him yn it hûs De Wilde Zwanen. Syn filla, fan arsjitekt Jan Rebel, en keunstsamling wienen it begjin fan it Singer Museum, anneks teaterseal (dêr't de tv-talkshows fan Willem Duys makke waarden).
BerneBewurkje
- Willemien Aardenburg (1966), hokkyspiler
- Jan van den Brink (1915-2006), politikus en bankier
- Roel Coutinho (1946), Nederlânsks arts en mikrobiolooch
- Tamara Brinkman (1978), aktrise
- Gerard Croiset (1909-1980), paragnost
- Carol van Herwijnen (1941-2008), akteur
- Marijke Hilhorst (1952), sjoernaliste, kollumniste, skriuwster en publisiste
- Sjoukje Hooymaayer (1940-2018), aktrise
- Johnny de Mol (1979), akteur
- Gigi Ravelli (1982), tv-presintatrise
- Marcel van der Westen (1976), atleet
Keppeling om utensBewurkje
- Webside fan de gemeente
- Kaart fan 1868 en Satellytfoto 2006
- Webside fan de Histoaryske Rûnte fan Laren
Aalsmeer - Alder-Amstel - Alkmar - Amstelfean - Amsterdam - Beemster - Bergen - Beverwyk - Blaricum - Bloemendaal - Castricum - Diemen - Drechterlân - Eastsaan - Edam-Foalendam - Felsen - Goaiske Marren - Haarlim (haadstêd) - Haarlimmermar - Hearhugowaard - Heemskerk - Heemstede - Heiloo - De Helder - Hilfertsom - Hoarn - Hollâns Kroan - Huizen - Inkhuzen - Koggelân - Landsmeer - Langedyk - Laren - Medemblik - Opmeer - Purmerein - Saanstêd - Skagen - Stede Broec - Teksel - Uitgeest - Uthoarn - Weesp - Wetterlân - Widemarren - Wormerlân - Zandvoort |