Hilfertsom (Nederlânsk en offisjeel: Hilversum) is in stêd en gemeente yn 'e Nederlânske provinsje Noard-Hollân, yn de lânstreek it Goai, dêr't it it stedske sintrum fan is. De gemeente, dy't bestiet sûnt de Frânske Tiid, hat 83.334 ynwenners (1 juny 2005) en in oerflakte fan 26,19 km², wêrfan 0,21 km² wetter. Hilfertsom hat spoarferbinings mei Amsterdam, Skiphol, Utert en Amersfoort, en leit oan de A1 en de A27. Hilfertsom hat benammen yn de 20e iuw betsjutting krigen as de stêd fan radio en telefyzje.

Lizzing fan Hilfertsom yn Noard-Hollân

Stêdsfunksjes

bewurkje seksje

De media binne in grutte wurkjouwer foar de stêd en omkriten. Yn Hilfertsom-Noard leit it Nederlânsk Mediapark, dêr't ûnder mear de NOS, in pear studio's en in oantal omropferienings sitte. De oare omroppen sitte op oare plakken yn de stêd. Hilfertsom foarsjocht it Goai fan in hospitaal anneks sanatoarium (Zonnendaal), en fan ferskate ûnderwiisynstellings, wêrûnder inkele skoallemienskippen, de Media-Akademy en it konservatoarium. Oan de râne fan de stêd sit lichte yndustry, bygelyks it Nederlânsk haadkantoar fan Nike.

Stedsoansjoch

bewurkje seksje
 
Gemeentehûs fan Hilfertsom, ûntwurpen troch Marinus Dudok

Hilfertsom wie oant de opkomst fan de radio mear in doarpke en hat net folle âlde gebouwen bûten de doarpstsjerke. Doch is it sintrum arsjitektoanysk fan belang, benammen troch de ûntwerpen fan arsjitekt Marinus Dudok, dy't yn opdracht fan de gemeente ûnder mear it gemeentehûs boude. Fierders fynt men fan him noch in gemaal en twa begraffenisaula's. De neo-renêssânsistyske Ald-katolike tsjerke is in tradisjoneel gebou. Ek opfallend is it stasjon.

De namme Hilfertsom ferriedt in âlde komôf, troch it Ingweoans elemint hille "heuvel"; Hilfertsom is dan ek hillashiem, "hiem tusken de heuvels". Troch syn relatyf hege lizzing is it Goai al sûnt iere tiden bewenne west, trochdat it net oarstreamde. De kearside fan it wenjen op dizze grûn wie dat de bewenners op feehâlderij oanwiisd wiene - de sângrûn koe net foar ikkerbou brûkt wurde. Hilfertsom waard dan ek it sintrum fan de wolhannel.

Yn de 19e iuw komt it Goai yn trek by rike Amsterdammers dy't bûten de stêd wenje woenen. Hilfertsom waard yn 1874 op it spoar oansluten, wêrtroch't in direkte ferbining mei Amsterdam kaam. Hjirtroch groeide it doarp stadichoan ta regionaal sintrum.

Yn 1919 begûnen de radio-útstjoerings, wêrnei't Hilfertsom hieltiten mear ynwenners oanluts oant it in middelgrutte stêd waard. De telefyzje-útstjoerings waarden yn it earstoan yn Bussum dien, mar kamen troch de bou fan it Mediapark tusken 1960 en 1986 ek nei Hilfertsom.

Berne yn Hilfertsom

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje
Noard-Hollân
 
Flagge fan de provinsje Noard-Hollân
Aalsmeer - Alder-Amstel - Alkmar - Amstelfean - Amsterdam - Bergen - Beverwyk - Blaricum - Bloemendaal - Castricum - Diemen - Dyk en Waard - Drechterlân - Eastsaan - Edam-Volendam - Felsen - Goaiske Marren - Haarlim (haadstêd) - Haarlimmermar - Heemskerk - Heemstede - Heiloo - De Helder - Hilfertsom - Hoarn - Hollâns Kroan - Huizen - Inkhuzen - Koggelân - Landsmeer - Laren - Medemblik - Opmeer - Purmerein - Saanstêd - Skagen - Stede Broec - Teksel - Uitgeest - Uthoarn - Wetterlân - Widemarren - Wormerlân - Zandvoort
wizigje