Britte Lagcher
Britte Lagcher (Hilfertsom, 5 juny 1989) is in Nederlânsk toaniel-, tillefyzje- en filmaktrise.
Britte Lagcher | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Britte Lagcher | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 5 juny 1989 | |
berteplak | Hilfertsom (Noard-Hollân) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
jierren aktyf | 2012 – no | |
offisjele webside | ||
www.brittelagcher.nl |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeLagcher waard yn 1989 berne yn Hilfertsom. Hja studearre yn 2012 ôf oan 'e Amsterdamske Toanielskoalle en Lytskeunstakademy. Sûnt hie se gastrollen yn ferskate tillefyzjesearjes, wêrûnder Van God Los, Centraal Medisch Centrum en Flikken Rotterdam. Ek wie se te sjen yn minysearjes as Van Gogh: Een Huis voor Vincent, Ramses en Rampvlucht.
Yn 2015 hie se Lagcher wichtige byrol yn it trêde seizoen fan 'e dramarige Overspel. Yn 2016 hie se in fêste rol yn 'e searje Lost in the Game. Yn 2017 spile se yn 'e Videoland-searje Suspects, dy't hielendal sûnder senario opnommen waard. Fan 2017 oant 2020 hie Lagcher in weromkearende rol as Xanna Vermeulen yn 'e searje Meisje van Plezier. Yn 2021 wie se ien fan 'e dielnimmers oant 'e edysje fan dat jier fan it realitytillefyzjeprogramma Expeditie Robinson.
Behalven op 'e tillefyzje wurket Lagcher ek geregeldwei mei oan films. Sa hie se yn 2016 in lytse roltsje as wurdfierster fan 'e Amsterdamske plysje yn 'e horrorfilm Prooi, en yn 2018 hie se in byrol yn 'e histoaryske aventoerefilm Redbad, fan regisseur Roel Reiné, oer de achtste-iuwske Fryske kening Redbad. Fierders is Lagcher ek te sjen yn toanielfoarstellings. Sa spile se ûnder har stúdzje by it toanielselskip Orkater. Sûnt 2013 is se ferbûn oan it Toneelschap Beumer & Drost.
Filmografy
bewurkje seksjeFilmografy as aktrise | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
tillefyzje | |||
2013 | Van Gogh: Een Huis voor Vincent | Lies van Gogh | minysearje |
2013 | Lieve Céline | winkelbetsjinde #2 | tillefyzjefilm |
2013 | Van God Los | Maja Blom | gastrol; ôfl. Para |
2014 | Ramses | ferpleechster Lisa | minysearje |
2015 | De Lange Nasleep van een Korte Mededeling | gast | tillefyzjefilm |
2015 | Overspel | Wendy Liekerk | weromkearende rol; 8 ôfl. |
2016 | Land van Lubbers | Erica | minysearje |
2016 | Centraal Medisch Centrum | Amber Veldman | gastrol; ôfl. s1e4 |
2016 | Lost in the Game | Evi | fêste rol; 50 ôfl. |
2017 | Verliebt in Amsterdam | Jenny | tillefyzjefilm |
2017–2018 | Suspects | Liv Scholten | fêste rol; 13 ôfl. |
2017–2020 | Meisje van Plezier | Xanna Vermeulen | weromkearende rol; 26 ôfl. |
2020 | Van der Valk | moadestudinte | gastrol; ôfl. Death in Amsterdam |
2020 | Niks te Melden | Operation Flat White | as stimaktrise; weromkearende rol; 5 ôfl. |
2021 | Flikken Rotterdam | frou De Bie | gastrol; ôfl. Verkeerd Bezorgd |
2021 | Expeditie Robinson | harsels | dielnimster oan in realitytillefyzjeprogramma |
2022 | Ten Minste Houdbaar tot | Monique | gastrol; ôfl. Op Blote Voeten |
2022 | Rampvlucht | Nina | minysearje |
2022 | Eerlijk Gestolen | ûnbekend | tillefyzjefilm |
films | |||
2014 | Vier Meter | Ariël | koarte film |
2015 | De Boskampi's | sekretaresse | |
2016 | Vandaag is van Ons | famke | koarte film |
2016 | Toen Mijn Vader een Struik Werd | leararesse | |
2016 | Riphagen | Greetje | |
2016 | Prooi | wurdfierster plysje Amsterdam | |
2016 | Giraffe | Elsa | koarte film |
2017 | Voor Elkaar Gemaakt | Julia | |
2017 | Gek van Geluk | resjersjeur Hannie | |
2018 | Redbad | Sinde | |
2018 | All You Need is Love | Amber | |
2020 | Hollandse Nieuwe | Cécile | koarte film |
2020 | Sea Shadow | mem | koarte film |
2022 | El Houb | Eline |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (ned) Offisjele webside fan Britte Lagcher
- (in) Folsleine filmografy fan Britte Lagcher yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |