Stimakteur
(Trochferwiisd fan Stimaktrise)
In stimakteur of stimaktrise (soms ek stimartyst(e) neamd) is in akteur of aktrise dy't syn stim lient oan ien of mear personaazjes yn audiofisuële media (meast tekenfilms of kompjûterspultsjes) of dy't voice-over-wurk docht (d.w.s. de fertelstim leveret, bgl. by dokumintêres of reklamespotsjes).
Ien fan 'e meast ferneamde stimakteurs aller tiden is Mel Blanc, dy't de stimmen fan 'e klassike tekenfilmfigueren Bugs Bunny, Daffy Duck en Woody Woodpecker die. Tsjintwurdich is it noch mar selden sa dat akteurs har ta stimakteur spesjalisearje; de measte stimakteurs ferrjochtsje ek, en meastal yn haadsaak, oar aktearwurk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|