In tekenfilm is in film dy't net út live-action bestiet, mar út in grut tal opienfolgjende tekene bylden dy't it lykje litte as oft personaazjes en oare eleminten bewege, as se fluch genôch efterinoar ôfspile wurde. De earste tekenfilm wie Fantasmagorie, út 1908, fan 'e Frânske filmmakker Émile Cohl. De term animaasjefilm wurdt gauris lykslein mei 'tekenfilm', mar is eins in breder begryp, dêr't alles ûnder falt dat gjin live-action is. Sa wurdt by stop-motionanimaasje gebrûk makke fan opnommen bylden fan wiere foarwerpen, dy't by elts byld in lyts stikje fan posysje feroare wurde, mei úteinlik deselde suggestje fan beweging as de bylden efterinoar ôfspile wurde, as by tekenfilms. (In bekende foarm fan stop-motion is claymation of klaai-animaasje, wêrby't mei klaaiene popkes wurke wurdt.) Men kin dus stelle dat alle tekenfilms wol animaasjefilms binne, mar alle animaasjefilms binne gjin tekenfilms.

Foarbyld fan in koart tekenfilmke.
Animaasjefilm wiist troch nei dizze side. Foar oare betsjuttings fan dat begryp, sjoch: animaasjefilm (betsjuttingsside).

It meitsjen fan tekenfilms bewurkje seksje

Lju dy't tekenfilms (en oare animaasjefilms) meitsje, wurde animators neamd. It meitsjen fan tekenfilms waard foarhinne hielendal mei de hân dien, wat in tiidrôvjend putsje wie, om't foar eltse sekonde fan in tekenfilm tweintich ûnderskate bylden tekene wurde moasten. Dat wie ek djoer, want alle wurktiid dy't in animator oan in tekenfilm bestege, moast fansels wol betelle wurde. Dêrom sjocht men yn âldere tekenfilms faak ek neat bewegen, útsein de personaazjes: wyn, bygelyks, dy't de planten op 'e eftergrûn hinne en wer beweegt, komt dan net foar, om't soks it meitsjen fan in tekenfilm wer safolste djoerder makke hawwe soe. Sûnt de ein fan 'e 1990-er jierren is it mooglik wurden om tekenfilms mei de kompjûter te meitsjen: saneamde kompjûtertekenfilms (of kompjûteranimaasjefilms). Dat is folle goedkeaper (as men de djoere software ienris oankocht hat) en jout ek folle mear mooglikheden.

How Animated Cartoons Are Made (útlis út 1919).

Fanwegen de kosten dy't ferbûn binne oan it meitsjen fan tekenfilms, dy't folle heger binne as dêr't men by live-actionfilms mei te krijen hat, wurdt de wrâldwide merk foar it meitsjen fan tekenfilms al hiel lang behearske troch in beheind tal grutte filmstudio's. Sa namen de Walt Disney Animation Studios hiel lang in dominante posysje yn. Pas sûnt de yntree fan kompjûtertekenfilms is de merk wat mear iepenbrutsen.

Tekenfilmsearjes bewurkje seksje

Yn it ferline wie it faak sa, dat as in lange tekenfilm súkses hie, de studio in rige fan koarte films mei itselde haadpersonaazje makke. Sokke tekenfilmfigueren waarden faak bekender as de lange films fan 'e studio's. Se ferskynden yn 'e regel ek al gau as stripfigueren yn stripferhalen. Mei de komst fan 'e tillefyzje kaam der ek mear romte foar dy koarte films, en guon saneamde tekenfilmsearjes waarden doe net mear foar de bioskoop makke, mar allinne foar útstjoering fia de eter. Ien fan 'e langst rinnende tekenfilmsearjes is The Simpsons, in satiryske Amerikaanske rige.

Doelgroep bewurkje seksje

Hoewol't tekenfilms faak beskôge wurde as in filmformat dat benammen gaadlik is foar bern, en hoewol't in soad tekenfilms en tekenfilmsearjes ek wier foar bern makke wurde, binne tekenfilms net beheind dat dy doelgroep. In soad fan 'e tekenfilms fan Disney binne bygelyks famyljefilms, dy't ek ûnderhâldend binne foar folwoeksenen. Fierders rinne der tsjintwurdich ferskate tekenfilmsearjes op 'e tillefyzje, lykas The Simpsons, mar ek Family Guy en American Dad!, dy't foar folwoeksenen makke binne. Der wurde, benammen yn Japan, ek pornografyske tekenfilms makke, lykas de Urotsukidoji-rige.

Studio's en harren produksjes bewurkje seksje

Ferneamde tekenfilmstudio's en harren bekendste produksjes binne:

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.