Rio (film út 2011)
Rio is in Amerikaanske romantyske aventoerekomeedzje út 2011 yn 'e foarm fan in lange tekenfilmmusical foar bern en it hiele gesin. De film stie ûnder rezjy fan Carlos Saldanha en de haadrollen waarden fertolke troch Jesse Eisenberg en Anne Hathaway. De titel ferwiist nei de Brazyljaanske stêd Rio de Janeiro. It ferhaal folget Blu, in manlike lytse blauwe ara dy't as húsdier grutbrocht is troch de Amerikaanse Linda, mar troch har nei Rio de Janeiro brocht wurdt om te pearjen mei de iennichste oare lytse blauwe ara yn 'e wrâld, it wyfke Jewel. Sy moat earst net folle fan 'e knoffelige, bleue Blu hawwe, mar as se mei syn beiden ûntfierd wurde troch in binde bistesmokkelders, belibje se tegearre in stikmannich brike aventoeren dêr't se úteinlik troch fereale opinoar wurde. Rio krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. Yn 2014 waard in ferfolchfilm útbrocht ûnder de titel Rio 2.
Rio | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Carlos Saldanha | |
produsint | Bruce Anderson John C. Donkin | |
senario | Don Rhymer Joshua Sternin Jeffrey Ventimilia Sam Harper | |
kamerarezjy | Renato Falcão | |
muzyk | John Powell | |
filmstudio | Blue Sky Studios 20th Century Fox Animation | |
distribúsje | 20th Century Fox | |
spilers | ||
haadrollen | Jesse Eisenberg Anne Hathaway | |
byrollen | Leslie Mann Rodrigo Santoro Jemaine Clement George Lopez Will.i.am Jamie Foxx | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 22 maart 2011 | |
foarm | lange tekenfilmmusical | |
sjenre | romantyske aventoerekomeedzje | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 96 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $90 miljoen | |
opbringst | $484,6 miljoen | |
prizen | 1 × Annie Award | |
filmsearje | ||
filmsearje | Rio | |
● folgjend diel | Rio 2 |
Plot
bewurkje seksjeYn Brazylje wurdt in lading út it wyld fongen fûgels it lân útsmokkele nei de Feriene Steaten. Yn Moose Lake, yn 'e Amerikaanske steat Minnesota, falt letter in kiste fan in frachtwein mei dêryn in lytse blauwe arapyk. De kiste wurdt fûn troch in jong famke, Linda Gunderson, dat it pykje mei nei hûs nimt en de namme Blu jout. De folgjende fyftjin jier groeie fûgel en famke tegearre op. Linda wurdt de eigneresse fan in boekhannel en Blu is har húsdier. Hy kin net fleane om't er fleaneangst hat, eat dêr de grutte Kanadeeske guozzen dy't by de boekhannel lâns komme, him gauris de gek mei oanstekke.
Linda kriget gedoente mei Túlio Monteiro, in ornitolooch út Brazylje, dy't har útnûget om mei Blu nei Rio de Janeiro te kommen. Blu is nammentlik, ynsafier bekend, it lêste mantsje fan 'e op it rântsje fan it útstjerren balansearjende lytse blauwe ara. Túlio wol dat er pearet mei Jewel, de lêst bekende froulike lytse blauwe ara. It is Linda, in grut bisteleafhawster, slim yn 'e wei dat de soarte útstjerre soe, dat se set mei Blu nei Rio ta. De knoffelige, bleue, tige oan syn baaske Linda hingjende Blu wurdt dêr yn 'e foliêre set by de ûnôfhinklike Jewel, dy't langet nei har frijheid en in libben yn 'e wyldernis. Harren earste moeting ferrint net botte ûnthjittend, mar Túlio bepraat Linda om de fûgels in skoftke de tiid te jaan.
Dy nachts wurde de beide pappegaaien fongen troch de earme strjitjonge Fernando, holpen troch de sadistyske grutte gieltoefkakketoe Nigel. Fernando bringt Blu en Jewel by Nigel syn eigner Marcel, de lieder fan in binde dy't him taleit op it lukrative smokkeljen fan seldsume fûgels. Dyselde set de beide pappegaaien mei in keatling oan 'e poaten oaninoar fêst. Fernando kriget spyt fan syn rol yn 'e saak as er út it praat fan Marcel gewaar wurdt dat dy inkeld oan jild tinkt, wylst it wolwêzen fan 'e fûgels him folslein kâld lit. Underwilens wurde Blu, Jewel en de oare finzen fûgels terrorisearre troch Nigel, dy't harren ferteld dat er wraak nimme wol op "moaie fûgeltsjes", nei't syn rol yn in tillefyzjeprogramma troch sa'nent bedoarn is.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Trochdat Blu bekend is mei de wurking fan fûgelkoaien, kinne hy en Jewel ûntsnappe. Dat giet stapfoets, omreden fan Blu syn fleaneangst en om't Jewel troch it keatling twongen wurdt om by him te bliuwen. Underwilens siket de troch skuldgefoelens fertarde Fernando kontakt mei Linda en Túlio, dy't er nei it pakhûs liedt dêr't de binde fan Marcel de bútmakke fûgels opslacht. As se dêr oankomme, blykt it pakhûs lykwols leech te wêzen. It is nammentlik it Karnaval fan Rio. Mei't hast de hiele binnenstêd fan Rio ôfsletten is foar de optocht, wol Marcel de fûgels nei in fleanfjild oerbringe, ferburgen yn suterich prealweintsje dat syn hantlangers Tipa en Armando in yninoar flânze hawwe. It is de bedoeling dat de fûgels fan it fleanfjild ôf it lân útsmokkele wurde.
Blue en Jewel flechtsje nei it oerwâld om 'e stêd hinne, dêr't se in romantysk oanleine reuzetoekan tsjinkomme dy't Rafael hjit. Dyselde biedt oan om harren by syn freon Luiz te bringen, in kolibry, dy't de keatling dêr't se mei oaninoar fêstsitte, losmeitsje kin. Rafael besiket en lear Blu om te fleanen, mar dat einiget yn in fiasko. Dat ynstee liftsje se mei op it dak fan ferskate foarmen fan iepenbier ferfier om Luiz te berikken.
Underweis jouwe de readtoefkardinaal Pedro en it gielsyske Nico har by it selskip. Dat binne freonen fan Rafael dy't sljocht binne nei muzyk. Se nimme Blu en Jewel mei nei in dûnsfeest, dêr't de beide pappegaaien op oanstean fan harren nije freonen in duët sjonge en fereale opinoar begjinne te reitsjen. Nigel hat ûnderwilens in binde gaudievenjende klau-aapkes op it spoar fan Blu en Jewel set, mar as dy it dûnsfeest fersteure, wurde se op 'e flecht jage by in treffen mei Pedro en Nico en in kloft muzykleavjend fûgelt. Blu, Jewel, Rafael, Pedro en Nico reizgje fierder op it dak fan in tram, dêr't Blu op ûnbeholpen wize krewearret om it hert fan Jewel foar him te winnen, wylst de oare trije fûgels yn ôfgriis tasjogge.
As se op 't langelêst Luiz berikke, blykt dat gjin kolibry, mar in Ingelske bulldog te wêzen. Likegoed wit er Blu en Jewel fan harren keatling te befrijen. Neitiid krije de beide pappegaaien lykwols rûzje, en Jewel beslút Blu yn syn eigen sop gearsiede te litten en allinne werom te kearen nei de wyldernis. Ear't se de stêd út komme kin, wurdt se lykwols fongen troch Nigel. Pedro en Nico binne dêr tsjûge fan en bringe it nijs daliks oer oan Blu en Rafael. Dy hastigje har nei it karnaval foar in rêdingsaksje. Underwilens hawwe Linda en Túlio de prealwein fan 'e smokkelders op it each krigen en geane se derefter oan. Troch in misferstân dat te krijen hat mei de beheinde tagong ta it terrein dêr't de prealweinen klear steane foar de optocht, bedarje se yn lytse-blauwe-arakostumen op in oare prealwein. Blu en syn maten rinne yn in fâle fan Nigel en wurde finzen nommen, en it slagget Linda en Túlio net om 'e smokkelders tsjin te kearen foar't dy fan it fleanfjild ôfsette yn in Short SC.7 Skyvan.
Blu wit lykwols fannijs út syn koai te brekken, diskear troch in brânblusser as brekizer te brûken, wêrnei't er alle oare fûgels frijlit. Dy ûntsnappe út it fleantúch troch fuort te fleanen, mar dat is foar Blu sels net mooglik. Jewel, dy't by him bliuwt, rint in brutsen wjuk op by in oanfal troch Nigel. Blu gaspet Nigel fêst oan 'e brânblusser en slacht dan de kop derôf. Dêrtroch wurdt de kakketoe út it fleantúch wei lansearre en komt er úteinlik yn ien fan 'e motors telâne. It fleantúch stoart dêrtroch del en de smokkelders springe der oan in parasjute út. Jewel, dy't troch har brutsen wjuk net mear fleane kin, glidet út it fleantúch en driget te pletter te fallen. Dat set Blu oan en spring har efternei om har te rêden. Einlings ûntdekt er dan dat er wis wol fleane kin. Hy heint Jewel op, dy't him beleannet mei in tút, en draacht har feilich nei Linda en Túlio om har wjuk fersoargje te litten.
In heal jier letter hawwe Túlio en Linda yn Rio de Janeiro it Blubird Fûgelreservaat oprjochte, dêr't de fûgels yn frijheid en feiligens libje kinne. Blu en Jewel krije in nêst mei trije piken, wylst Túlio en Linda Fernando oannommen hawwe as wurknimmer en min ofte mear as syn surrogaatâlden fungearje. De smokkelders sitte op dat stuit alwer moannenlang yn 'e finzenis. Nigel hat syn moeting mei de fleantúchmotor op ûnwierskynlike wize oerlibbe, mar is foargoed in grut diel fan syn fearredek kwytrekke en wurdt dêrmei de gek oanstutsen troch Mauro, de lieder fan 'e klau-aapkes, dy't him neaken op 'e foto set mei in stellen fototastel.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise oarspronklike ferzje |
akteur/aktrise Nederlânsk neisyngronisearre ferzje |
Blu, in lytse blauwe ara-mantsje | Jesse Eisenberg | Jamai Loman |
Jewel, in lytse blauwe ara-wyfke | Anne Hathaway | Kim-Lian van der Meij |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise oarspronklike ferzje |
akteur/aktrise Nederlânsk neisyngronisearre ferzje |
Linda Gunderson, Blu syn baaske | Leslie Mann | Tanja Jess |
dr. Túlio Monteiro, in Brazyljaanske ornitolooch | Rodrigo Santoro | Charly Luske |
Nigel, in grutte gieltoefkakketoe | Jemaine Clement | Marcel Jonker |
Rafael, in reuzetoekan | George Lopez | Hajo Bruins |
Pedro, in readtoefkardinaal | Will.i.am | Murth Mossel |
Nico, in gielsyske | Jamie Foxx | Rogier Komproe |
Fernando, in strjitjonge | Jake T. Austin | Dioni Jurando |
Luiz, in Ingelske bulldog | Tracy Morgan | Bas Keijzer |
Marcel, de lieder fan 'e bistesmokkeldersbinde | Carlos Ponce | Sander de Heer |
Tipa, in bistesmokkelder | Jeffrey Garcia | Stan Limburg |
Armando, in bistesmokkelder | Davi Vieira | Paul Disbergen |
Eva, in swevelboarsttoekan | Bebel Gilberto | ? |
Kipo, in reade leppelbek | Bernardo de Paula | ? |
Mauro, in liuwaapke | Francisco Ramos | ? |
Sylvio, in nachtwachter | Bernardo de Paula | ? |
Chloe, in grutte Kanadeeske goes | Wanda Sykes | ? |
Alice, in grutte Kanadeeske goes | Jane Lynch | ? |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeRio waard regissearre troch Carlos Saldanha nei in senario fan Don Rhymer, Joshua Sternin, Jeffrey Ventimilia en Sam Harper op basis fan in ferhaal fan Saldanha sels, Earl Richey Jones en Todd Jones. Saldanha krige it idee foar de film al yn 1995, mar doe folge de plot in pinguïn dy't op it strân by Rio de Janeiro oanspielde. Nei't er hearde dat der al twa lange tekenfilms oer pinguïns yn preproduksje wiene (Happy Feet en Surf's Up), feroare er de haadpersoan yn in pappegaai. Yn 2006 lei Saldanha syn ferhaal foar oan Chris Wedge fan Blue Sky Studios, dy't der wol wat yn seach.
As produsinten wiene Bruce Anderson en John C. Donkin by it projekt belutsen foar de filmstudio's Blue Sky Studios en 20th Century Fox Animation. Foar de film wie in budget beskikber fan $90 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Renato Falcão, en de filmmuzyk waard fersoarge troch John Powell.
Saldanha, dy't Rio de Janeiro korrekt yn byld brocht hawwe woe, liet de animators boeken en plattegrûnen sjen dêr't de sekuere ôfmjittings fan bekende bouwurken yn fermeld stiene. Letter reizge in groep animators ôf nei Rio om 'e ûnderskate lokaasjes mei eigen eagen te sjen. Se praten ek mei in ekspêr op it mêd fan ara's fan 'e Bronx Zoo út New York om ynsjoch yn 'e bewegings en persoanlikheden fan sokke fûgels te krijen.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan Rio waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film gie op 22 maart 2011 yn Rio de Janeiro yn premiêre. Dêrnei wied er op 10 april in nasjonale Amerikaanske premiêre yn Grauman's Chinese Theatre yn Hollywood en iepene de film op 15 april yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 19 april 2011 by platemaatskippij Varèse Sarabande. Rio kaam op 7 july 2011 út op dvd en blu-ray.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige Rio oer it algemien positive resinsjes. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Rio in goedkarringspersintaazje fan 71%, basearre op 147 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Dizze ienfâldige film berikt grutte hichten tanksij syn kleurrike fisuele palet, oansteklike muzyk en perfekte fokale optredens." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Rio in goedkarringspersintaazje fan 63%, basearre op 29 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeOpbringst
bewurkje seksjeRio brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $143,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $341,0 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $484,6 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $90 miljoen betsjut dat in winst fan $394,6 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Rio de op tolve nei meast opbringende film fan 2011.
Prizen
bewurkje seksjeRio waard yn 2012 nominearre foar de Oscar foar bêste orizjinele liet: Real in Rio, fan Sérgio Mendes, Carlinhos Brown en Siedah Garrett. Dy priis gie lykwols nei it liet Man of Muppet út 'e film The Muppets. Rio waard ek nominearre foar de Saturn Award foar bêste animaasjefilm, de Kids' Choice Award foar favorite animaasjefilm en de People's Choice Award en de Teen Choice Award foar favorite stim út in animaasjefilm (Anne Hathaway). By de Annie Awards, de wichtichste Amerikaanske prizen spesifyk foar animaasjefilms, waard Rio nominearre foar acht prizen. De film wûn ien Annie Award, foar bêste personaajse-animaasje yn in animaasjeproduksje.
Ferfolchfilm
bewurkje seksjeIt súkses fan Rio late ta de produksje fan in ferfolchfilm, wêryn't Blu en Jewel yn it Amazônegebiet op 'e siik geane nei oare lytse blauwe ara's. Dy film waard yn 2014 útbrocht ûnder de titel Rio 2. Carlos Saldanha naam wer plak op 'e regisseursstoel en ek hast de hiele cast út Rio wie wer fan 'e partij.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|