In kostúm, fia it Frânske costume (útspr.: [kɔs'tym], likernôch: "kos-túm) fan it Italjaanske costume (útspr.: [kos'tume], likernôch: "koos-tûû-mee") is in foarm fan klean dy't ôfwykt fan 'e aldendeiske noarm, en dy't by in beskate etnyske groep, maatskiplike klasse, beropsgroep, aktiviteit, gelegenheid of histoaryske perioade heart of past.

In man en in frou yn Renêssânsekostúms.
In Polygoon-sjoernaal út 1936, wêryn't acht kostúms út 'e perioade tusken 1759 en 1875 sjen litten wurde, mei as njoggende de kroaningsjûpe fan keninginne Wilhelmina út 1898.

Foarbylden út 'e hjoeddeistige maatskippij binne de kladen fan geastliken, toga's fan perfesters en dûmnys, trouklean fan breidspearen en rydkostúms fan ruters.

Kostúms wurde brûkt foar aktearjen yn it teäter, op 'e tillefyzje en yn films, dêr't faak de funksje fan kostúmûntwerper bestiet. Fierders binne ek regionale klaaiïngs, lykas Fryske dracht, in foarm fan kostúms, en itselde jildt foar de klean dy't men draacht op beskate feesten, lykas karnaval, Halloween en in maskere bal.

Under de oantsjutting 'kostúm' wurdt fierders ek wol in trijedielich pak ferstien.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.