De Fryske dracht is de klaaiïnge fan boer(inn)en yn Fryslân dy't om 1860 hinne syn hichtepunt hie, in tiid fan wolfeart foar de Fryske boeren troch de eksport fan bûter en tsiis nei ûnder oare Ingelân. De dracht wurdt noch wol brûkt by folkloristyske aktiviteiten as folksdûnsjen, ringriden, de Heamieldagen en in boerebrulloft.

Welmoed Dijkstra-Talsma yn Fryske dracht, 1937

Boerinnen en boargerfroulju folgen yn grutte linen de moade dy't fan de measte oare plakken yn Europa. Friezinnen folgen it silhûet fan de ynternasjionale moade, sa't dy yn aadlike fermiddens droegen waard: fan de hege taille út de Napoleontyske tiid oant en mei it moadebyld ûnder it bewâld fan keninginne Fiktoaria fan it Feriene Keninkryk. De dracht yn Drinte en Grinslân wie net folle oars as de Fryske. Hylpen hat in eigen dracht. Yn Grinslân is de dracht al ein 19e iuw ferdwûn, yn Fryslân en Drinte barde soks pas nei de Twadde Wrâldoarloch. Op it lêst noch in pronkstik foar âldere froulju.

Streekbûn oan de dracht wiene benammen it earizer en de mûtse, dy't yn de noardlike provinsjes droegen waarden. Ynearsten wie it in metalen bantsje om it hier fêst te hâlden. Yn de rin fan de 19e iuw waarden de earizers hieltiten grutter, oant se om 1870 de foarm fan in soarte helm hienen dy't hast oer de hiele holle foel. It earizer koe fan goud, sulver of koper makke wêze (hjir leit de oarsprong fan de siswize: "it is net alles goud wat der blinket"), ôfhinklik fan it budzjet fan de draachster. Oan wjerskanten boppe de slippen wie it earizer fersierd mei twa gouden "stiften" yn filigraanwurk. Oan de úteinen hat ít izer' grutte bewurke knoppen, faak beset mei ien of mear ôfbyldingmanten. Under it earizer waarden twa mûtskes droegen, in witen en in swarten-ien. Oer it earizer waard in kanten floddermûtse droegen.
By de Fryske dracht waarden in soad gouden en sulveren sieraden brûkt. Dy wienen yn de lette midsiuwen al yn hiel West-Europa ferneamd; de edelsmeikeunst stie op in heech peil. De klean fan Drinte en Grinslân hie in soad oerienkomsten, al wie yn Drinte, eartiids in earme provinsje, de dracht wol ienfâldiger. De froulju droegen in lang wiid jak, in rok fan side, dy't ferskillende kleuren hawwe koe. Dêroer in doek en skelk fan fine kant. De dracht wie kompleets as der ek sieraden en in sulveren chatelaine en bûgeltas by droegen waarden.

De dracht fan de manlju wie net sa opfallend as dy fan de froulju; meast in swart pak mei kûtbroek, fersierd mei wite strik en sulveren knopen en gaspen. As hollebedekking de swarte, hege hoed of ekwol in trijekante steek.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Klederdracht.