In earizer is in hollebedekking foar froulju.

Earizers fan sulver, goud en fergulde. Perioade 1830-1870.
Kolleksje It Admiraliteitshûs
Ferskate soarten earizers yn it Suderseemuseum

Der is lang tocht dat it earizer in fuortsetting wie fan de Germaanske skedelring. Neffens in leginde soe keningsdochter Fostedina, frou fan Aldgisl, de soan fan Redbad, as earste in earizer droegen hawwe.

Wierskynlik is it earizer ein 16e iuw ûntstien yn Noard-Nederlân en benammen yn Fryslân. It is dan in smelle bûgel mei heakken foar de mûtse om de spjelden oan fêst te meitsjen. Earizers kamen der ek fan koper (al as net fergulde), sulver en goud en koene smel of breed wêze. Sa koe de rykdom toand wurde, de earizers groeiden hast út ta in soarte helmen. Yn de 19e iuw giet de feroaring hurd. Sa wurdt it gewoante dat rike boerefroulju sneins en op feestdagen in breed gouden earizer drage. Op de foarholle sit dan in "nille" en oan de sydkant fan de holle in tal "fearren". It toppunt fan rykdom wie wol om der ek noch diamanten op te ferwurkjen. Om 1850 hinne komt der mear ferset. De goede jierren foar boeren wienen wat yn it ôfgean en de tiden waarden minder. Guon froulju klagen oer pine yn 'e holle oan de ein fan de dei, en boppedat wiene guon boeren bliid dat se net mear sa'n djoer sieraad foar de pronk hoegden te keapjen foar harren dochters. It wie foar dy dochters altyd in spesjaal momint, want om in earizer drage te kinnen moast it lange hier ôfknipt wurde. Boppedat woene begoedige froulju út de stêd der net altyd as in boerinne út sjen.

Yn it Frysk Museum en it Suderseemuseum wurde noch in soad ferskillende earizers bewarre.