Drinte
|
Drinte (Nederlânsk: Drenthe) is in provinsje fan Nederlân en waard oprjochte yn 1814. Drinte hat 502.120 ynwenners (31 jannewaris 2023, boarne: CBS) en in oerflak fan 2680,37 km².

Geografy bewurkje seksje
Drinte grinzet yn it noarden oan de provinsje Grinslân, yn it easten oan Dútslân, yn it suden oan de provinsje Oerisel en yn it westen oan de provinsje Fryslân.
It grutste part fan de provinsje is op it saneamde Drents Plateau, dat bestiet út mei sân bedutsen grint - en sânôfsettings út de foarlêste iistiid. Drinte leit yn it noardeasten fan it lân.
It sintrale en justsjes heger lizzend diel fan 'e provinsje wurdt foarme troch sângrûnen. Dêr binne it eskdoarpelânskip mei brinkdoarpen, esken, heidefjilden te finen en yn 'e beekdellingen lizze de greidlannen. De legere dielen oan 'e grinzen fan de provinsje besteane út feangrûn. Yn 'e midsiuwen begûn de turfwinning, healwei de tweintichste iuw wie it dien mei de turfwinning. Yn it fruchtbere en goed ûntwettere lânbougebiet dat troch de turfôfgravingen ûntstie waard lânbougrûn.
Twa gebieten binne noch net yn kultuer brocht: de Bargerfean yn it uterste súdeasten fan Drinte en it Fochtelerfean yn it noardwesten op de grins mei Fryslân. Drinte is fierders bekend om syn wide heidegebieten en keppels skiep. It natoerbehear leit foar in part by natoerorganisaasje Het Drentse Landschap.
Untwikkeling ynwennertal bewurkje seksje
- 2009 - 490.870
- 2012 - 489.912
- 2020 - 493.682
Gemeenten bewurkje seksje
Drinte bestiet sûnt 1998 út 12 gemeenten.
Keppeling om utens bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Aa en Hunze - Assen (haadstêd) - Borger-Odoorn - Coevorden - De Wolden - Emmen - Hoogeveen - Meppel - Midden-Drinte - Noardenfjild - Tynaarlo - Westerfjild |
Drinte - Flevolân - Fryslân - Gelderlân - Grinslân - Limburch - Noard-Brabân - Noard-Hollân - Oerisel - Seelân - Súd-Hollân - Utert |