Flevolân

Provinsje Flevolân
Flagge fan Flevolân Wapen fan Flevolân
Flagge fan Flevolân Wapen fan Flevolân
Kaart fan Flevolân
Haadstêd Lelystêd
Kommissaris fan
de Kening
Leen Verbeek (PvdA)
Religy (2015) Gjin 55,2%
Protestant 15,5%
Katolyk 12,2%
Oerflak
- Lân
- Wetter
11e
1.419 km²
993 km²
Ynwenners
- Totaal
- Befolkingstichtens
12e
423.021 (2020)
300 inw./km²
Oantal gemeenten 6
Geografyske koördinaten 52°31' NB 5°29' EL
Folksliet Waar wij steden doen verrijzen...
NUTS NL23
ISO 3166-2 NL-FL
Offisjele webside https://www.flevoland.nl/

Flevolân (Nederlânsk: Flevoland) is in provinsje fan Nederlân en waard as sadanich oprjochte yn 1986. It hat in oerflak fan 1.419 km².

Flevolân (2019)

GeografyBewurkje

Der kin in ûnderskie makke wurde tusken it âldlân en it nijlân. It âldlân fan Flevolân bestiet út de eardere eilannen Urk en Skoklân, dy’t troch ynpoldering harren eilannestatus yn 1942 ferlearen. It nijlân kin yn trije polders opdield wurde: de Noardeastpolder (Suderleech) mei Urk en Emmeloard, Eastlik Flevolân mei Lelystêd en Dronten en Súdlik Flevolân mei Almere en Zeewolde.

SkiednisBewurkje

Plannen om de Sudersee yn te polderjen kamen healwei de 18e iuw op it aljemint. De Iselmar ûntstie yn 1932 troch de oanlis fan de Ofslútdyk. Dêrnei waard de Noardeastpolder yn 1942 drûchlein. Skoklân en Urk waarden part fan it fêstelân fan de Noardeastpolder. Yn 1943 setten de earste minsken har nei wenjen yn Emmeloard. Eastlik-Flevolân waard yn 1957 drûchlein, tsien jier dêrnei sette de earste minsken har nei wenjen yn Lelystêd. Súdlik-Flevolân waard yn 1968 drûchlein. Yn 1976 wienen de earste huzen Almere boud. Tusken 1963 en 1976 waard de Houtribdyk boud. Dêrtroch ûntstie de Markermar De Houtribdyk ferbynt Enkhuzen mei Lelystêd. Stadichoan setten hieltyd mear minsken har nei wenjen yn polders. De gebieten dy't drûchlein waarden foelen earst ûnder bysûnder bestjoerlik gesach. Súdlik-Flevolân foel it langste ûnder it bysûnder bestjoerlike gesach, yn 1984 ûntstienen de gemeente Zeewolde en Almere. Yn 1986 waard de provinsje Flevolân formeel oprjochte.

GemeentenBewurkje

Flevolân bestiet sûnt de oprjochting in 1986 út 6 gemeenten.

  1. Almere
  2. Dronten
  3. Lelystêd (haadstêd)
  4. Noardeastpolder
  5. Urk
  6. Zeewolde

Eksterne ferwizingBewurkje

 
It lânskip fan Flevolân
 
Flevolân
 
Almeare - Dronten - Lelystêd (haadstêd) - Noardeastpolder - Urk - Zeewolde
 
Provinsjes fan Nederlân
 
Drinte - Flevolân - Fryslân - Gelderlân - Grinslân - Limburch - Noard-Brabân - Noard-Hollân - Oerisel - Seelân - Súd-Hollân - Utert