Houtribdyk
De Houtribdyk, ek wol de Markerwaerddyk en Dyk Inkhuzen-Lelystêd, is in wetterkearing yn Nederlân. De dyk, eins in daam, waard oanlein tusken 1963 en 1976 en is in ûnderdiel fan de Suderseewurken. It skiedt de Iselmar en de Markermar (dat ek wol it Súdlik Iselmar neamd wurdt) fan elkoar. De dyk rint yn noard-westlike rjochting en hat in lingte fan 26 kilometer. Eins wie de dyk bedoeld foar it ynpolderjen fan it súdlik part fan de Iselmar ta de Markerwaard. De ynpoldering is nea útein set en yn 2003 waard foarfêst besletten de polder net oan te lizzen.
Wei
bewurkje seksjeOer de Houtribdyk leit in wei dy't de stêden Inkhuzen (provinsje Noard-Hollân) en Lelystêd (provinsje Flevolân) ferbynt. Dizze wei makket ûnderdiel út fan de N302. Likernôch healwei de dyk leit de flechthaven Trintelhaven.
De gemeente Lelystêd joech de wei oer de dyk de namme Markerwaarddyk. Offisjeel is dizze namme allinnich fan tapassing op it part fan Lelystêd oant de provinsjegrins mei Noard-Hollân. Dochs wurdt de namme ek wol foar de hiele dyk brûkt.
Foar de skipfeart binne der trije slúskompleksen oanlein: De Krabbersgatslûzen (beropsfeart), it Navidukt Krabbersgat by Inkhuzen (foar de rekreaasjefeart) en de Houtribssluzen by Lelystêd. By Inkhuzen krúsje de skipfeart en it dykferkear elkoar by it navidukt. Neist de Krabbersgatsluzen en de Houtribslûzen lizze de spuislûzen, dizzen binne nedich foar de regeling fan it wetterpeil yn de Markermar en de Iselmar.
Underhâld en fernijing
bewurkje seksjeFan 2019 oant juny 2020 hat Rykswettersteat oan de Houtribdijk in fersterkingsprojekt útfierd. [1] De dyk foldie net mear oan de feilichheidsnoarm fan de Wetterwet. Hy is fersterke mei sân en stien en is no bestân tsjin stoarmen dy 't gemiddeld ien kear yn de 10.000 jier foarkomme. De dyk is foar in part tradisjoneel fersterke mei brekstien en gytasfalt en diels ynnovatyf mei grutte sânpakketten dy 't tsjin de dyk oanlein binne. Hjirtroch ûntstiene brede, sânige wâlskanten mei in folume fan 10 miljoen m FEM sân, wêrmei 't de klappen fan it wetter opfongen wurde.
Boppedat biedt de dyk sa kânsen ta natuerûntwikkeling. De sêfte oergong fan sân nei wetter wykt ôf fan in soad stienwâlskanten yn it Iselmargebiet. Dit lûkt oare fisken en wetterbisten oan, wêrtroch 't it bioferskaat yn de Markermar en Iselmar tanimt en ek de wetterkwaliteit ferbetteret.[2]
Ek binne oare mooglikheden foar natuer en rekreaasje ûntwikkele. Healwei is oan de súdkant fan de Houtribdijk rjochting Enkhuizen mei sân en slib in nij, wiet natuergebiet yn de Markermar kreëarre, it Trintelsân. Dat plas-dras gebiet lûkt fûgels en oar libben oan. By Lelystêd ferriist it Bataviastrân, in nij wettersportstrân. Oan de súdeastlike kant, op njoggen kilometer farren fan Lelystêd en op fjouwer kilometer fan de Houtribdyk, is it natuerprojekt Marker Wadden realisearre.
Ferwizing nei boarne
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|