Navidukt Krabbersgat

It Navidukt Krabbersgat is in navidukt by Inkhuzen. It is it earste navidukt dat ea boud is en waard iepene yn 2003. De sluzen yn it navidukt hawwe in lingte fan 125 meter, in breedte fan 12,5 meter en in drompeldjipte fan 4,50 meter -NAP.

It Navidukt Krabbersgat by Inkhuzen.

Sûnt 1975 wurdt de Markermar skieden fan de Iselmar troch de Houtribdyk. Dy dyk wie oanlein as mooglike grins fan de oan te lizzen Markerwaard. De Krabbersgatslús by Inkhuzen moast it farferkear tusken de beide marren fersoargje. Mar de slús krúst de autowei N302, dêrtroch hie sawol it wetter- as it weiferkear bot lêst fan de situaasje. Healwei de njoggentiger jierren waard besletten om dêr in akwadukt oan te lizzen.

Omdat de ferbining tusken de Markermar en de Iselmar allinnich troch it meitsjen fan in slús makke wurde koe, is der keazen foar de bou fan in navidukt, dêr’t de wei dan ûnder de dûbele slús troch giet.

In loftfoto fan it Navidukt Krabbersgat.

It navidukt is yn in spesjaal foar it navidukt oanleine polder boud. Dy polder, yn de foarm fan in rút, hat in lingte fan 500 meter en is 160 meter breed. De polder is foarme troch daamwanden te slaan yn de klaailaach oant 25 meter -NAP. De dyk fan de polder giet oant 6 meter +NAP. Omdat de sluzen net yn it lân boud binne, mar frij yn it wetter lizze, moatte se goed wetterticht makke wurde. Eltse slúskolk bestiet út 7 dielen, in middenpart, fjouwer slúsparten en in twa kopparten. De kop- en de middenparten binne oan elkoar keppele, de rest is los fan elkoar boud.

It navidukt is lykas de polder op stiel fundearre. Dêrfoar is it besteande grûnpakket oant op in djipte fan 11,50 meter -NAP fuortbaggere en ferfong troch in sânlaach. Dat om genôch stiifheid yn de grûn te krijen. Auto’s kruse it navidukt op 10,80 meter -NAP. Om wetteroerlêst te foarkommen is de grûnwetterspegel yn de polder ferlege oant 12.00 meter -NAP. In wiidweidich drainaazje- en suveringssysteem soarget foar in goede wetterôffier as der tefolle delslach is.