De simmertiid, ek wol Daylight Saving Time (DST) neamd, is in tiidsône wat oan in krite jûn wurdt foar in part fan it jier, as dizze de klok in oere nei foaren ta set tsjinoer de standert tiidsône, meast ferneamd ûnder de wintertiid, fan dy krite.

Hjerst: De oergong fan de simmer- nei de wintertiid.
Foarjier: De oergong fan de winter- nei de simmertiid.

De simmertiid is ea ynfierd om deiljocht te 'besparjen'. De standerttiid wurdt nei foaren tahelle yn de maaitiid en de simmermoannen, wêrtroch de aktive wurk- en skoaloeren better yn de pas rinne mei it deiljocht. Troch de klok oan it deiljocht oan te passen kin in protte stroom en oare enerzjy besparre wurde.

Yn de Jeropeeske Uny rint de simmertiid fan de lêste snein fan maart oant de lêste snein fan oktober.

Lykas de wintertiid hat de simmertiid in ôfwiking fan de sinnetiid. De grutte fan dizze ôfwiking is ôfhinklik fan it plak dêr't men is. Yn it meast eastlike part fan it Nederlânske taalgebiet, by Nijeskâns yn Grinslân, stiet de sinne middeis om 13.31 oere op it heechste punt, wylst yn it meast westlike part fan it taalgebiet, by Panne yn West-Flaanderen, de sinne pas om 13.50 oere op it heechste punt is.

De simmertiid waard foar it earst tapast yn Dútslân. It Dútske regear hat, yn de Earste Wrâldoarloch, tusken 30 april 1916 en 1 oktober 1916 de tiid oan it deiljocht oanpast. Koart dêrnei hat ek it Feriene Keninkryk de simmertiid hân, fan 21 maaie 1916 oant 1 oktober 1916. Dêrnei fierde it kongres fan de Feriene Steaten op 19 maart 1918 ferskate tiidsônes yn, dizzen waarden al sûnt 1883 troch de spoardiken fan de FSA brûkt. De tiidsônes wienen yn Amearika foar salang't de wrâldkriich noch duorre offisjeel. Dizze simmertiid is letter ôfskaft omdat de minsken net bliid wienen mei dizze maatregel.

Ek yn de Twadde Wrâldoarloch hat de simmertiid ek yn gebrûk west. Yn it Feriene Keninkryk hat sels in dûbele simmer- en wintertiid west.

De Oaljekrisis fan 1973 hat úteinlik de oanlieding west om de simmertiid standerd yn te fieren. Dizze krisis liede ta tal fan enerzjysparjende maatregels, wêrûnder de simmertiid. Frankryk wie it earste Jeropeeske lân yn 1976. Oare Jeropeeske lannen dienen dit yn de jierren dêrnei. Yn West-Dútslân is de simmertiid sûnt 1980 offisjeel ynfierd, dit nei oerlis mei East-Dútslân, dy't dit doe ek ynfierde.

Op de buorkerij levert de simmertiid in protte problemen op, omdat de bisten harren net oanpasse oan de simmertiid. Sa steane kij net earder op. Foarstanners sizze dat se mear foardiel as neidiel hawwe fan de simmertiid, omdat it in protte enerzjy besparret. Oaren twifelje as dit wol sa is, omdat de airco-kosten oprinne mei dizze tiid.

Ek jonge bern en âlde minsken soene in protte lêste ha fan it omsetten fan de tiid, yn de wike nei it oanpassen fan de tiid kinne dizze minsken tige wurch wurde omdat de biologyske klok him net goed oanpast.

Yn 2007 hawwe wittenskippers fan de Ryksuniversiteit fan Grins, yn gearwurking mei de Ludwig-Maximilians-Universiteit fan Múnchen, oantoand dat de simmertiid in grut effekt hat op de biologyske klok fan de minske. Dizze klok hat in fêst ritme fan om en de by 24 oeren en past him min oan. Dêrtroch sliepe minske min yn de simmermoannen. It goede ritme komt pas werom nei de oergong nei de wintertiid.

 
Read: Lannen dy't de simmertiid nea ynfierd hawwe. Oranje: Lannen dy't de simmertiid net mear ynfierd hawwe. Blau: Lannen dy't de simmertiid ynfierd hawwe.

Lannen mei de simmertiid

bewurkje seksje

Net oeral wurdt oan de simmertiid dien. It bart it meast yn Jeropa, Noard-Amearika, Austraalje, Nij-Seelân, en parten fan Súd-Amearika. Ek yn inkele lannen yn it Midden-Easten, Afrikaanske lannen om de Middellânske See hinne en Namybje bestiet de simmertiid.

Yn de Feriene Steaten, Kanada, Brazylje, Argentynje en Austraalje ferskilt it fan steat ta steat of de simmertiid ynfierd is.

Op de hiele wrâld is de simmertiid yn 70 lannen ynfierd.

Net oeral is de simmertiid goed ta te passen of hat it hielendal gjin foardielen. It hat allinnich sin yn de gebieten tusken de kearkringen en de poalsirkels yn. Rûn de evener binne alle dagen yn it jier sawat like lang en op de poalen wurdt it yn de simmer (hast) net tsjuster. Op Hawaii, yn Tailân en de noardlike parten fan Austraalje hawwe se bygelyks gjin simmertiid. Ek op Yslân bestiet dit net. Op Tasmaanje en Nij-Seelân wurdt de simmertiid earder en foar in langere perioade as yn de parten fan Austraalje mei de simmertiid ynfierd.

Boppedat wurket de simmertiid op it iene healrûn krek oarsom as op it oare healrûn. As op it noardlik healrûn de klok in oere foarút giet, dan giet dizze op it súdlik healrûn in oere werom (nei de wintertiid), der fanút geande dat de simmertiid hantearre wurdt. It tiidsferskil yn de simmer op it noardlik healrûn is dus twa oeren minder as yn de winter op it noardlik healrûn.